Palestinen
Palestinen (Arabysk: الفلسطينيون, al-Filasṭīniyyūn; Hebriuwsk: פָלַסְטִינִים, Fālasṭīnīm) of it Palestynske folk (الشعب الفلسطيني, ash-sha‘b al-Filasṭīnī), ek oantsjut as Palestynske Arabieren (الفلسطينيين العرب, al-Filasṭīniyyīn al-ʿArab), binne in etnonasjonale kloft minsken dy't fan de folken, dy't Palestina tûzenen jierren bewennen, ôfstamje. Hjoed-de-dei identifisearje se op kultureel en taalkundich mêd as Arabieren.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Grykske toponym Palaistínē (Παλαιστίνη), dêr't it Arabyske Filasṭīn (فلسطين) fan ôfstammet, wurdt foar it earst neamd yn de fyfde iuw f.Kr. yn wurk fan de Grykske histoarikus Herodotus, dy't dêr it kustlân fan Fenysje oant Egypte mei ornearre. Hy brûkte it begryp as in etnonym doe't er fan de "Syrjers fan Palestina", in etnysk groep dy't fan de Fenysjers ûnderskaat waard, spruts. Hy makke gjin ûnderskied tusken Joaden en oare ynwenners fan Palestina. Fan it Aldegyptyske Peleset/Purusati wurdt oppenearre as in ferwizing nei "seefolk", benammen de Filistinen. Yn Semityske talen, bygelyks it Akkadyske Palaštu (fariant Pilištu), waard nei it sande iuwske Philistia en syn fjouwer stedssteaten ferwiisd. It Bibelsk Hebriuwske Plištim wurdt ornaris oerset ta "Filistinen".
Syria Palaestina waard troch histoarisi en geografen ferwiisd as it gebiet tusken de Middellânske See en de rivier de Jordaan, lykas yn it wurk fan Filo, Josephus en Plinius de Aldere. Yn de twadde en tredde iuw n.Kr. waard Syria Palaestina de nammen fan in nije provinsje dy't it measte fan Judeä omfieme.
De nije namme waard printe op munten, yn ynskripsjes en kaam sels foar yn rabbynske teksten. It Arabyske wurd Filastin waard brûkt as ferwizing nei it gebiet sûnt de tiid fan de ierste midsiuwske arabyske geografen. De Arabyske krante Falastin dy't yn 1911 yn Jaffa oprjochte waard ferwiisde syn lêzers as "Palestinen"
Yn it Britske Mandaatgebiet Palestina, waard it begryp "Palestyn" foar alle ynwenners ornearre, nettsjinsteande it leauwe of etnisiteit, en dyjingen dy't it steatsboargerskip fan it Britske mandaat bemachtigen, krigen 'Palestynske boargerskip".
Nei it oprjochtsjen fan de steat Israel yn 1948 holden Palestynske Joaden op mei it brûken fan de termen "Palestina" en "Palestinen" as ferwizing nei harsels en waard it in ferwizing nei de Arabyske befolking yn it eardere mandaatgebiet.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan it Palestynske folk is net maklik te sizzen. It gebiet wie oarspronklik net Arabysk. It arabisearjen fan it gebiet wie it gefolch fan de flugge útwreidings fan de islamityske kalifaten dy't troch Arabyske stammen en harren pleatslike bûnsmaten. Lykas yn oare arabisearre lannen, is de Arabyske identiteit fan de Palestinen benammen basearre op taalkundich en kultureel mêd en is net besibbe oan it bestean fan in wiere Arabyske oarsprong.
Palestina hat yn de rin fan de skiednis te krijen hân mei in soad demografyske en religieuze feroarings. Yn de Twadde milennium f.Kr. waard it befolke troch Kanaäniten, dy't Semitysktalige folken wiene, dy't it Kanaänityske leauwe útoefenen. De Israeliten ûntstiene letter as in selsstannige etnyske en religieuze mienskip yn de krite. De Joaden foarmen yn de Klassike Aldheid de mearderheid fan de befolking yn Palestina, alhoewol't de Joadske befolking yn Jeruzalim en omkriten nei de Romeinsk-Joadske krigen nea wer itselde waard. Yn de folgjende iuwen krige de krite te krijen mei politike en ekonomyske ûnrêst. De befolking, Joaden, Samaritanen en heidenen, waarden foar it grutste part bekeard ta it kristendom, dy't yn de rest fan de Romeinske tiid en de Byzantynske tiid de mearderheid yn Palestina foarme. Yn de sande iuw oermasteren de Arabyske Rasjidûnen it gebiet. Dêrnei kaam it gebiet ûnder oare Arabyske dynastyen lykas de Omajjaden, Abbasiden en de Fatimiden. De befolking fan Palestina is lykwols tige hurd sakke yn dy snuorje. Wennen der yn de Romeinske en Byzantynske tiid likernôch 1 miljoen minsken yn Palestina, yn de iere Osmaanske tiid wennen der likernôch 300.000. Yn de rin fan de tiid naam de befolking dêre de Arabyske kultuer en taal oer en bekearden se harren ta de islam. It kolonisearjen fan it gebiet troch Arabieren hat in grutte rôl spile by it islamisearringsproses. Guon saakkundigen binne fan betinken dat Palestina al foar de Krústochten foar it grutste part moslim wie, wylst oaren tinke dat de kristenen nei de Krústochten harren mearderheid ferlearen en dat it islamisearringsproses folle letter úteinsette, faaks ûnder de Mammelukken.
Yn 1517 kaam it gebiet ûnder Osmaansk bestjoer en bleau it befolkingsoantal de earste iuwen ûnder harren bestjoer hingjen tusken 150.000 en 250.000 ynwenners. Pas yn de njoggentjinde iuw sette in grutte befolkingsoanwaaks útein. De migraasje fan Algerinen en Egyptners nei Palestina yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw, en dêrnei fan mear Algerinen Bosnjers en Sirkassen yn de twadde helte fan dy iuw hat meidroegen oan de befolkingsoanwaaks.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei ferskate krigen en eksodussen, wenje rûchwei de helte fan alle Palestinen yn it gebiet fan it eardere Britske Mandaatgebiet Palestina, itjinge hjoed-de-dei de steat Israel en de Palestynske kriten fan de Gazastripe en it Westjordaanlân omfiemet. Yn dat hiele gebiet foarmje de Palestinen (yn 2022) in demografyske mearderheid, mei in totale befolking fan 7,5 miljoen ynwenners of 51,16% foar 46-47% Joaden oer. Hja wenje benammen yn de Gazastripe, it Westjordaanlân, East-Jeruzalim en foarmje likernôch 21% fan de befolking fan Israel as Israelyske Arabieren dy't ek Israelyske steatsboargers binne. In soad fan harren binne Palestynske flechtlingen dy't, benammen nei de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 fan harren lân fuortjage waarden. Fan harren wenje 1 miljoen yn de Gazastripe, om 750.000 hinne yn it Westjordaanlân en om 250.000 hinne yn Israel sels. Ek wenje in soad Palestinen yn it bûtenlân, bekend as de Palestynske diaspora, dêr't mear as de helte fan gjin steatsboargerskip fan gjinien lân hawwe, en ek gjin wetlike ferbliuwsfergunning fan hawwe. Tusken 2,1 en 3,24 miljoen Palestinen wenje as flechtlingen yn de buorlannen Jordaanje, mear as 1 miljoen yn Syrje en Libanon en om 750.000 hinne wenje yn Saûdy-Araabje. Yn Sily wennet de grutste Palestynske diaspora bûten de Arabyske wrâld mei in oantal fan om de heal miljoen hinne.
Palestynske identiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 foarmen de Palestynske moslims en kristenen 90% fan de befolking fan Palestina, justjes foar de tredde weach fan Joadske ymmigraasje yn it Britske mandaatgebiet nei de Earste Wrâldkriich. Troch tsjinstân tsjin de Joadske ymmigraasje boaze it gefoel fan in feriene nasjonale identiteit, alhoewol't de Palestynske maatskippij noch hieltyd fersplintere wie yn regionale, religieuze, klasse- en famyljeferskillen. De skiednis fan de Palestynske nasjonale ienheid wurdt tusken de ferskate saakkundigen. It begryp "Palestyn" waard brûkt as in ferwizing nei it nasjonalistyske konsept fan in Palestynsk folk troch Palestynske Arabieren fan de ein fan de njoggentjinde iuw ôf, alhoewol't dat gefoel noch tige beheind wie oant de ein fan de Earste Wrâldkriich. De fal fan it Osmaanske Ryk en it foarmjen fan it Britske mandaatgebiet yn dat gebiet ferfong it Osmaansk steatsboargerskip ta in Palestynsken ien, itjinge in soarte fan nasjonale identiteit foarme. Nei de Israelyske ûnôfhinklikensferklearring en de dêrop folgjende Palestynske eksodus fan 1948, en benammen nei de Palestynske eksodus fan 1967 feroare it begryp "Palestyn" ta in stribjen fan in takomstige steat Palestina. Hjoed-de-dei foarmet de Palestynske identiteit de erfskip fan alle tiden fan de Aldheid oant yn de Osmaanske tiid.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) is in koepelorganisaasje fan groepen dy't it Palestynske fol fertsjintwurdigje. De Palestynske Autoriteit, dy't offisjeel yn 1994 oprjochte waard nei de Oslo-akkoarten, is it bestjoersorgaan foar de Palestynske kriten yn de Gazastripe en it Westjordaanlân. Sûnt 1978 nimt de Feriene Naasjes in jierlikse Ynternasjonale Dei foar it meilibjen mei it Palestynske folk. Neffens de Britske histoarikus Perry Anderson wurdt it rûsd dat de helte fan de befolking fan de Palestynske kriten flechtlingen binne en dat se oan likernôch 300 miljard Amerikaanske dollar ferliezen hiene troch de Israelyske anneksaasjes.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige wikipedyside; sjoch foar boarnen en de bewurkingsskiednis op en:Palestinians |