Abbasiden
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
De Abbasiden wienen in grutte dynasty fan Bagdad yn it tredde tiidrek (750-1258) fan de islam dy't folge op dy fan de Omajjaden. Under de Abbasiden wie net langer Syrje dochs Mesopotaamje it kearngebiet fan it ryk. Under it regear fan Haroen al-Rasjid (786-809) en syn neikommers al-Amin en al-Ma'moen belibbe de Arabysk-Islamityske beskaving in tiid fan grutte bloei, mar al tsjin de ein fan de 9e iuw broazele de macht fan de Abbasiden ôf ûnder ynfloed fan de opkomst fan de Fatimiden en it ûntstean fan de sa goed as selsstannige dynastyen yn Perzje, Syrje en Irak. De ein kaam, doe de Mongoalske feroverder Hoelagoe yn 1258 Bagdad ferwoaste.