Springe nei ynhâld

Dokkum

Ut Wikipedy
Dokkum
Stedhûs
Stedhûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 12.965 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,77 km², wêrfan:
- lân: 9,24 km²
- wetter: 0,53 km²
Befolkingsticht. 1.388 ynw./km²
Oar
Stifting 754 (oerlevering)
Ferkearsieren N356 N361
Postkoade 9100-9103
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 5° 59' E
Offisjele webside
dokkum.nl
Kaart
Dokkum (Fryslân)
Dokkum
Lokaasje Dokkum yn Fryslân
Kaart
Stedhûs
Himrik Dokkum (grien) yn 'e eartiidske gemeente Dongeradiel
Dizze side giet oer de stêd Dokkum. Foar it eardere gemeente, sjoch: Dokkum (gemeente).

Dokkum (útsprutsen as: [dɔkm]?) is in stêd yn 'e gemeente Noardeast-Fryslân. Dokkum leit noardlik fan Damwâld, eastlik fan Boarnwert, westlik fan Eastrum en besuden Ealsum. It sintrum fan 'e stêd leit tusken de grêften op de twa âlde terpen, dêr't Dokkum op boud is. Dokkum is ien fan 'e alve Fryske stêden. De buorskip Betterwurd heart ek by Dokkum.

Dokkum hat 12.965 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Foar de oarsprong fan de namme Dokkum binne ferskate ferklearrings. Guon tinke in kombinaasje en gearlûking fan de Fryske manljusnamme 'Docko' dy't hjir in hiem hân hawwe soe. Oaren assosjearje Dokkum mei 'Tockingen', dat is in 'delsetting oan in tocht of stream'. Om Dokkum hinne binne terpen mei prehistoaryske grêven, dat de omkriten hawwe in lange skiednis fan bewenning.

Neffens de tradysje waard op 5 juny 754 de apostel Bonifatius mei 52 gesellen by Dokkum troch heidenske Friezen fermoarde. Dat jier waard yn 2004 by de fiering fan 1250 jier Dokkum brûkt as it stiftingsjier fan 'e stêd. Oare nammen yn 'e skiednis oangeande Dokkum soene Tochingen (1150, 1158), Doccinga (1000), Dockum (12e en 13e iuw), Dockum (1224), Dochem (1326), Doccum (1335) en Dockinga (1486) west ha.

Bonifatiusbyld by de Bonifatiuskapel

Dokkum wurdt dus folle letter as it jier fan 'e moard op de hillige biskop foar it earst neamd. Yn 'e beskriuwing fan Bonifatius fan Willibald fan Eichstätt út likernôch 766 wurdt de namme Dokkum net neamd. Dêryn wurdt in loco qui Dockinga dictur skreaun, itjinge 'yn in plak dat Dockinga hjit' betsjut.[3] Oare farianten binne ûnder mear Villa Nocdac en Dockynchirica. Der bestiet yn alle gefallen twifel oer de fraach oft Dokkum wier it plak west hat dêr't de apostel deadien waard. Yn ien fan 'e vita's stie nammentlik 'Dockynchirica oan 'e igge fan 'e Burdina'. Om 't de biskop in hiel oar missygebiet en fierder neat yn Fryslân te sykjen hie, wurdt der troch guon fanút gien dat dêrmei Dúntsjerk oan 'e Bourrebeek ornearre wurdt.

Op it plak dêr't Bonifatius deadien wêze soe, waard om 760 hinne in oan him wijde tsjerke stifte, dêr't Liudger en Willehad ek oan ferbûn west hawwe. De delsetting op in terp ûntwikkele him frijwat hurd troch syn geunstige lizzing oan in krusing fan in lânwei mei in see-earm. Ien fan de greeflike tollen kaam dêr te lizzen en de hartoggen fan Brunswyk joegen Dokkum rjocht fan muntslach yn de 11e iuw. Dy munten binne werom fûn yn de Skandinavyske- en Baltyske lannen en sels op Yslân en yn de Oeral oan ta. Yn 'e folle midsiuwen ûntjoech Dokkum him mei syn ynternasjonale hannelsbetrekkingen en merkfunksje ta in ûnôfhinklik plak, los fan de gritenij Dongeradiel. Yn 1298 krige Dokkum nei Starum, Harns en Drylts as fjirde stêd fan Fryslân stedsrjochten.

Earder, yn 1214, preke Olivier fan Keulen yn Dokkum de krústocht, dêr't dan ek Dokkumers oan meidiene. Dy skiednis wurdt troch in heale moanne op it wapen fan Dokkum yn oantinken hâlden. Yn 'e Grutte Fryske Oarloch giet it Alliearde leger ûnder lieding fan Fokko Ukena op Dokkum oan (1418). Nei inkele skermutselingen mei de Skieringer ferdigeners jouwe dy har oer en is de stêd oermastere. Dokkum wurdt brânskatte en de stêd militêr útskeakele.

It ierst bekende stedssegel fan Dokkum waard yn 1491 makke. It segel hat in ôfbyld fan de parochytsjerke wijd oan Sint Martinus. Inkelde tsientallen jierren fierder yn de tiid wie Dokkum waakst ta in mienskip fan sa'n 1400 minsken [4][5]

Kaart út 1649 (Joan Blaeu)

Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje wie Dokkum in wichtige pion yn de striid. De stêd waard yn 1572 in pear dagen troch de Geuzen ynnommen. Dokkum waard dêr mei de Dokkumer Fury fan 'e troepen fan Caspar de Robles swier foar straft; de stêd waard plondere en in soad hûzen waarden yn 'e brân stutsen. Nei 1579, doe't Dokkum him oansleat by de Uny fan Utert, begûn in tiidrek fan rêst.

2023 Dokkum, it Admiraliteitshûs

Yn eardere jierren hie de stêd in iepen ferbining mei de see, it Dokkumer Grutdjip. Yn 1597 fêstige de Fryske Admiraliteit him yn Dokkum. Fan dêrút waarden alderlei saken foar de befeiliging fan de hannelsfeart en oarlochfiering mei Spanje op see regele. Dokkum wie fan grut strategysk belang, wat ek bliken die út de oanlis fan de stedswâlen yn de jierren 1581-1582.

Dochs bleau de Admiraliteit net lang yn Dokkum. Troch it tichtslykjen fan it Grutdjip moasten yn 1644 it kantoar nei Harns ferhûzje. Yn 1729 waard de iepen ferbining mei de Lauwerssee definityf ôfsluten troch de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen. Dy syl ferfong teffens de âlde 16e-iuwske seeslûs ûnder de Syl. Dokkum ûntjoech him hieltyd mear ta in op it lân oriïntearre stêd. Troch de hege kosten fan de oanlis fan de Strobosser Trekfeart yn de jierren 1654-1656 gie Dokkum fallyt. Dokkum stie en stiet yn 'e lokale tradysje bekend as "Earm Dokkum".

Bonifatiusboarne

Yn 1860 begûn Fedde Sonnema syn distillearderij en likeurstokerij yn Dokkum, tsjintwurdich noch altyd bekend fan Sonnema Bearenburch. It âlde fabrykje stiet noch altyd oan it pleintsje, dat nei Sonnema Sonnemapleintje ferneamd is.

Yn de njoggentjinde iuw ûntstie in tanimmend romtegebrek yn Dokkum. Dat kaam mei't de fêstingwâlen de groei nei bûten behinderen, yn it skoatsfjild fan de kanonnen op de bastions mocht nammentlik net boud wurde. Alle nijbou waard yn 'e binnenstêd opproppe, wat late ta it ferlies fan in soad histoaryske gebouwen. De binnenstêd fan Dokkum waard - as ien fan de earste plakken yn Nederlân - yn 1974 útroppen ta beskerme stedsgesicht. (Sjoch ek: Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân).

Foar de Twadde Wrâldoarloch stoppe der ek in trein yn Dokkum, it Dokkumer Lokaeltsje. De passazjierstsjinst is al yn 1936 opheft, it frachtferfier earst healwei de santiger jierren, mar dochs is by mannich Dokkumer it Dokkumer lokaaltsje in bekend ding. Sa is der in kroech yn Dokkum mei de namme "Dokkumer lokaaltsje", en kinne in protte Dokkumers it liet oer it treintsje. Yn 2008 wiene der plannen foar it opnij oanlizzen fan dy ferbining, mar dy giene net troch.

Oant 1984 wie Dokkum ek in selsstannige gemeente. Troch in gearfoeging mei de gemeenten West- en East-Dongeradiel ûntstie de gemeente Dongeradiel. By de gemeentlike weryndieling dy't per 1 jannewaris 2019 trochfierd waard, kaam Dokkum as haadplak by de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân te hearren. Dokkum hat altyd haadplak west fan Dongeradiel en is dat sûnt 2019 ek fan Noardeast-Fryslân.

Dokkum 1250 jier (754-2004)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't Dokkum yn 754 foar it earst yn 'e skiednis neamd wurdt, waard dat jier as stiftingsjier keazen. Yn 2004 wie dat 1250 jier lyn en dat waard yn Dokkum mei tal fan aktiviteiten fierd, ûnder oaren de stedsfeesten, dy't ienris yn é fjouwer jier fierd wurde, waarden dat jier ekstra grut útpakt. Ek ferskynde in standertwurk oer de skiednis fan Dokkum: Skiednis fan Dokkum, hert fan noardlik Eastergoa.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Syl

Ein 20e iuw is der in soad restaurearre yn Dokkum. Mei jild fan de Jeropeeske Uny is de binnenstêd opnij fluorre en binne der ferskate keunstwurken oanbrocht. Ek partikulier is der in soad oan de stêd opknapt. Foarbylden dêrfan binne de Kofjebrânerij oan 'e Legewei en it halsgevelhûs 'De Gouden Hân' oan de Fleismerk.

Bonifatiusstêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bonifatiusbier

De stêd profilearret him sterk as de stêd dêr't Sint-Bonifatius, de apostel fan 'e Dútsers, de martlersdea stoar. Der is in kuierrûte troch it sintrum fan Dokkum mei 10 keunstobjekten, dy't elts in ferhaal om de biskop hinne fertsjintwurdiget. Súd fan it sintrum is it Bonifatiuspark mei in kapel, in krúswei, it byld dat prinses Beatrix yn 1962 ûnthulle en de boarne, dy't neffens in leginde ûnstie nei't it hynder fan Bonifatius op de grûn stampe. De boarne wie iuwenlang wichtich foar de wetterfoarsjenning fan Dokkum en fral de bierbrouwerijen yn 'e stêd hiene in soad oan it skjinne wetter fan 'e boarne.[6] Yn 1876 hold de lêste Dokkumer brouwer der mei op, mar yn 2016 waard mei it brouwen fan Bonifatiusbier de tradysje wer oppakt.[7]

Monumintale tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Waach

De Waach is boud yn 1754, krekt 1000 jier nei de stifting fan Dokkum. It gebou hat 4 Ioanyske pilasters mei byldhoude stedswapens en in klokkoepel.

Op de gevel stiet de tekst waekt en weeght fanwegen de twaliddige funksje dy't it earder hie. Alderearst waard dêr de suvel woegen en as twadde wiene dêr soldaten legere. Tsjintwurdich sit der in restaurant yn de waach.

Dokkumer bolwurken

Der binne fiif stedswâlen om Dokkum boud, de bolwurken. Om dy bolwurken lei wetter. De iennichste yngongen om yn Dokkum te kommen wienen fjouwer poarten: Hanspoarte, Healemoannepoarte, Wâldpoarte en de Ealsumerpoarte. Om 21.55 waarden klokken let as warskôging dat de poarten ticht giene. Minsken bûten Dokkum hienen dan noch fiif minuten de tiid om der yn te kommen. De bolwurken binne noch altyd goed te sjen omdat se noch yntakt binne. Ek no noch wurde om 21.55 yn Dokkum de klokken let om dy tradysje yn eare te hâlden. Op de bolwurken steane ek de mûnen Seldenrêst en De Hoop.

Wettertoer

De wettertoer fan Dokkum (1957) is ien fan de twa Fryske weropboumonuminten dy't yn 2007 troch de Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten op de list fan ryksmonuminten út de weropbouperioade komd is.

Arsjitekt fan de toer is de Ljouwerter Jo Vegter. Boppe-yn de 37 meter hege toer soe destiids in restaurant komme mar dat is der nea fan kaam.

Topografyske kaart fan Dokkum

Yn it sintrum fan Dokkum leit binnen de bolwurken de histoaryske binnenstêd. Dokkum hat him yn de 20e iuw oan alle siden bûten de bolwurken útwreide. Der binne tal fan wenwiken bykaam:

  • Fonteinslannen (besuden de binnenstêd )
  • Jantsjessee polder (súdkant)
  • Koailannen (súd-eastkant)
  • It Fûgellân (eastkant)
  • Weeshúslannen (noardkant)
  • Huoddemakkerspolder (súdwestkant)
  • Wâldhoarne (westkant)

Fierders binne der ek noch twa yndustryterreinen:

De Trije Terpen

De Trije Terpen (nijbouwyk)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Súdwestlik fan Dokkum wurdt de nijbouwyk De Trije Terpen oanlein. Yn 'e wyk komt in grut ferskaad oan wentes. De wyk sil yn trije fazen boud wurde mei yn 'e midden in wyksintrum. De wyk grinzet oan Suderskâns (Zuiderschans), in winkel- en bedriuwegebiet en de Wâldherne (Woudhorne).

Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk praat. Dokkumers wurde ek wol grenaten neamd.[8] In Dokkumer spesjaliteit is Dockumer kofje.

De stêd ûnderhâldt sûnt 1954 kontakten mei Crediton, it berteplak fan Bonifatius. Yn 1988 waard mei it plak in freonskipsakte ûndertekene. Mei Fulda, it plak dêr't Bonifatius begroeven waard, hat de stêd yn 2013 mei de ûndertekening fan oarkonde in stêdebân sletten.[9]

Grutte Tsjerke

De kristlike baisskoalle Groen van Prinsterskoalle waard yn 2018 sletten.[10]

De Sionsberch
  • De Sionsberch is in medysk sintrum yn Dokkum, dat oarspronklik yn 1956 as tradisjoneel sikehûs mei help fan 'e tsjerken oprjochte waard. Tusken 2014 en 2016 moast De Sionsberch ticht fanwegen in faillisemint troch falend management.[11] Yn 2016 waard De Sionsberch wer as sintrum foar poliklinyske soarchferliening iepene, dat in grut tal tsjinsten en spesjalisten ferliend en foar de regio Noardwest-Fryslân fan grut belang is.[12] Underdiel fan de Sionsberch is in lytsskalich soarchpension.[13]
  • De Waadwente is in grut ferpleechhûs foar yntra- en ekstramurale soarch.
  • Yn 'e wyk Fûgellân stiet it soarchsintrum Dongerahiem
Iisfontein

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1899 1920 1930 1940 1950 1960 1970 1980 1995
Ynwenners 4.006 4.105 3.574 4.895 5.049 5.877 7.247 9.886 11.704 12.510
Jier 2000 2010 2015 2020
Ynwenners 12.800 12.490 12.565 12.675
Lyts Djip
Roomske Martinus- en Bonifatius en gesellentsjerke

Sjoch aginda op de hiemside Dokkum

Musea / teäters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dokkum hie yn it ferline in iepen ferbining nei see troch it Dokkumer Djip. Yn 1596 waard dêr dan ek de Fryske Admiraliteit oprjochte. Mar om 1645 hinne gie de Admiraliteit nei Harns, en Dokkum rûn tebek wat de seefeart oanbelanget, oant yn 1729 in dyk tsjin it gefaar fan de Lauwerssee oanlein waard dy't Dokkum hielendal fan de see ôfsluet.

Fan 1645 oant 1656 is de Strobosser Trekfeart groeven yn opdracht fan de stêd Dokkum om de ferbining mei Grins te ferbetterjen. Troch de hege kosten kaam Dokkum yn grutte finansjele problemen.

Tusken 1901 en 1936 hie Dokkum ek in ferbining mei Ljouwert oer it spoar. It stasjon fan it saneamde Dokkumer Lokaeltsje lei doedestiids tusken Dokkum en Ealsum. Ferskate strjitnammen ferwize noch nei dy tiid, sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon. Wat westliker leit no it busstasjon dêr't de bussen ôfsette nei Ljouwert, Drachten en Bûtenpost.

Alle strjitten yn Dokkum.

  • Meindert Schroor "Geschiedenis van Dokkum. Hart van noordelijk Oostergo"

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 308.
  4. Dijkstra, J., 2003: Archeologisch onderzoek aan de Koningstraat te Dokkum. ADCrapport 204, Bunschoten.
  5. [1]
  6. Side Bonifatiuskapel, oproppen 30 augustus 2023
  7. Omrop Fryslân, 22 febrewaris 2016
  8. List mei skelnammen foar plakken en ynwenners fan Fryske plakken, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
  9. Gemeente Noardeast-Fryslân
  10. Wâldnet, 18 july 2018
  11. NOS, 25 novimber 2014,
  12. Side Dokkum
  13. Side Dokkum, opropppen 29 augustus 2023

Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

wizigje
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje