Age Wijnalda
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/51/Reinier_Vinkeles_-_portret_Age_Wijnalda.png/220px-Reinier_Vinkeles_-_portret_Age_Wijnalda.png)
Sir Age Piters Wijnalda[1] (Dokkum, 17 oktober 1712 - Haarlim, 19 oktober 1792) wie in Nederlânsk mennistysk learaar, predikant[2] en ien fan de earste leden fan it Teylers Earste Genoatskip fan 1778 oant sy dea. Hy wie de stichter fan de "Doopsgezinde Schaar" (in dopersk ynstitút).[3] Ien soan fan him dy't by namme bekend is wie IJnze Wijnalda (1736-1820).[1]
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/f/fe/Doopsgezinde_kerk_naamlijst_leden_RM19206.jpg/220px-Doopsgezinde_kerk_naamlijst_leden_RM19206.jpg)
Age Wijnalda wie de twadde soan fan Piter Harmens en waard riddere troch de Kening fan Grut-Brittanje (yn it Herrenhausen-paleis, Hannover)[4] foar syn fertsjinsten foar de kroan - wierskynlik fanwege drystens yn in fjildslach, meidat der in helm yn syn wapen sit. Hy studearre oan it Remonstrante seminarium fan Amsterdam en stie dêrnei earst yn Emden 1733-1736 eardat er nei Haarlim ferfarre.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|