Antillen
De Antillen, ek wol de Kariben neamd, binne in eilannegroep yn de Karibyske See. Ta de Antillen behearre alle eilannen yn de Karibyske See, útsein de Bahama’s. De eilannegroep rint fan de Kuba, oan de súdkant fan Florida, oant Arûba, flakby de kust fan Fenezuëla.
De measte eilannen fan de Antillen wurde ta Noard-Amearika rekkene. Dochs wurde guon ek ta Súd-Amearika taskreaun, dit binne de lannen mei in protte Spaanske ynfloeden, Kuba, de Dominikaanske Republyk en Puerto Riko.
De Antillen binne ûnderferdield yn de Grutte Antillen en de Lytse Antillen. De Grutte Antillen foarmje de gruttere eilannen yn it noardlik part fan de Karibyske See. De Lytse Antillen binne de eilannen dy’t benammen yn it easten en it suden fan de see lizze. Dizze leste groep is wer ûnderferdield yn de Boppewynske Eilannen, wêr’t de SSS-eilannen ta behearre, en de Underwynske Eilannen, wêr’t de ABC-eilannen ûnderdiel fan útmeitsje.
Yn it gebiet fan de Antillen lizze mear as 7.000 grutte en lytse eilannen en riffen. De eilannen binne ûnderferdield yn 25 dielen, wêrfan guon ûnôfhinklik binne en guon ek ôfhinklik.
Skiednis
Oannaam wurdt dat de Antillen troch de Arowakken befolke binne, de Grutte Antillen fan Belize ôf en de Lytse Antillen fan Fenezuëla.
Oan de ein fan de 15e iuw waard it gebiet ûntdutsen troch Kristoffel Kolumbus en Alonse de Ojeda. Tal fan eilannen waarden ynnaam troch Spanje. Letter bemasteren Frankryk, Nederlân en it Feriene Keninkryk ek in protte eilannen. Tsjintwurdich binne de measte eilannen yn it gebiet ûnôfhinklik.
Ekonomy
De measte eilannen yn it Karibysk gebiet binne lid fan de hannelsorganisaasje Caricom.
Grutte Antillen
- Kuba
- Jamaika
- Hispaniola (wêr't de lannen Haïty en de Dominikaanske Republyk op lizze)
- Puerto Riko
Lytse Antillen
Boppewynske eilannen
Underwynske eilannen
|