Kuba
| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | Havana | ||||
Steatsfoarm | Folksrepublyk | ||||
Gebiet % wetter |
100.860 km² -% | ||||
Ynwenners (2014) | 11.047.251 | ||||
Munt | Kubaanske peso (CUP) | ||||
Tiidsône | UTC -5 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 jannewaris | ||||
Lânkoade | CUB | ||||
Ynternet | .cu | ||||
Tillefoan | 253 |
Kuba, folút de Republyk Kuba (Spaansk: República de Cuba), is in lân yn it Karibysk Gebiet dat bestiet út de eilannen Kuba, Isla de la Juventud en in grut tal lytse eilantsjes dêromhinne. Sûnt 1959 is Kuba offisjeel in sosjalistyske republyk, en wurdt sûnt 2018 bestjoerd troch Miguel Díaz-Canel. It lân is opdield yn fjirtjin provinsjes en hat ien spesjale gemiente: it eilân Isla de la Juventud.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kuba wurdt begrinzge troch:
- de Golf fan Meksiko en de Atlantyske Oseaan yn it noarden,
- de Boppewynske Passaazje yn it easten,
- de Karibyske See yn it suden,
- de Strjitte fan Yukatan yn it westen.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lân Kuba bestiet út in oantal eilannen. Fierwei it grutste eilân is it haadeilân Kuba dat ek it grutste eilân yn de Karibyske see is. It haadeilân leit mids yn in soad lytsere eilantsjes dêr't it Isla de la Juventud (súd fan it haadeilân) de grutste fan is. It haadeilân is sawat oeral flak. Allinnich yn it suden leit in berchtme, de Sierra Maestra, dêr't de Pico Turquino mei 1974 meter de heechste pyk fan it lân fan is. It klimaat is benammen tropysk, mar wurdt nochal matige troch de wyn.
De grutste stêd en allyksa haadstêd is Havana (La Habana). It leit oan de noardkust fan Kuba. Oare grutte stêden binne Camagüey yn de midden fan it eilân en Santiago de Kuba, oan de súdkust.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Prekolumbiaanske tiid waard Kuba bewenne troch de Taíno en de Ciboney. It eilân wie ferneamd nei harren wichtichste godheid, dêr't it wurd 'cubanacan' fan ôflaat is en dat 'sintraal plak' betsjut. Yn 1492 waard it eilân troch Kolumbus ûntdekt en troch Diego Velázquez de Cuellar yn 1511 in begjin makke mei de oermastering. Yn Kuba waard in Spaanske koloanje stifte. Binnen hûndert jier wie de Yndiaanske befolking foar it measte part útstoarn, wêrnei't de Spanjerts der ta oergongen om slaven te ymportearjen út Afrika.
Yn de 19e iuw bleau Kuba Spaansk besit wylst it oare part fan Latynsk-Amearika selsstannich wurde soe. Lykwols waard it lân troch de Feriene Steaten oermastere yn 1898, tidens de Spaansk-Amerikaanske Oarloch en ûnôfhinklik yn 1902. Kuba soe wol in protektoraat fan Amearika bliuwe, want dizze grypte meardere kearen militêr yn. Neidat Fulgencio Batista yn 1952 foar de twadde kear diktator waard, kaam der in opstân ûnder lieding fan de revolúsjonêr Fidel Castro. Dizze opstân mislearre ynearsten en Castro moast flechte. Yn 1956 kaam hy werom mei in lytse groep trouwen. Diskear wie de opstân súksesfol en op 1 jannewaris 1959 koe Castro de macht oernimme.
Castro ûntpopte him ta kommunist wêrtroch de Feriene Steaten him ta fijân fan Amearika ferklearre soe en yn 1960 in embargo ynstelle. In jier letter fynt de mislearre ynvaazje yn de Bargebaai plak, dêr't tsjinstanners fan Castro mei help fan de Amerikanen besochten om him út it seal te wippen. Kuba siket dêrop kontakt mei de Sowjet-Uny, wat yn 1962 liede sil ta de Kubakrisis, as der Sowjet-raketten op Kuba delsetten wurde. Op it lêste momint berikt de Sowjet-Uny mei de Feriene Steaten in akkoard, wêrtroch de Sowjetraketten fan it eilân helle wurde. Nei de fal fan de Sowjet-Uny yn de tachtiger jierren, stoart de Kubaanske ekonomy yn inoar, wat fersterke wurdt troch it oanhâldende Amerikaanske embargo. Pas yn it begjin fan de 21e iuw komt Kuba út syn isolemint, as it goede bannen oanknoopje kin mei de ferskillende linkse regearingen yn Latynsk-Amearika, bygelyks mei it Fenezuela fan Hugo Chávez.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kuba is in multy-rasjale maatskippij mei in befolking dy't foar it grutste part fan Spaanske komôf is. Neffens de Kubaanske oerheid, wie de befolking fan Kuba op 31 desimber 2006 11,239,536 grut en bedroech it totale oantal berten dat jier 111,084.
Totaal | Manlju | Froulju | % fan Totaal | |
---|---|---|---|---|
Blanken | 7.271.926 | 3.618.349 | 3.653.577 | 65.06% |
Swarten | 1.126.894 | 593.876 | 533.018 | 10.08% |
Mulatten/Mestizen | 2.778.923 | 1.385.008 | 1.393.915 | 24.86% |
Ferrin fan ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2014 - 11.047.251
- 2006 - 11.239.536 (31 desimber)
- 2005 - 11.200.000
- 2002 - 11.177.743 (ofsjele folkstelling)
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal yn Kuba is it Spaansk. It Spaansk dat yn Kuba sprutsen wurdt, wurdt ta it Karibysk-Spaansk rekken en hat grutte oerienkomsten mei it Spaansk dat sprutsen wurdt op Puerto Riko en de Dominikaanske Republyk. Krekts sa as yn it Spaansktalich Amearika, brûke de Kubanen it Spaanske persoanlik foarneamwurd vosotros (jimme) net, dêrfoaroer wurdt ustedes brûkt (Jo meartal). Neffens it standert Spaansk, binne der fierder ek dúdlike ferskillen yn útspraak en wurdskat.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de steat sûnt de revolúsje offisjeel ateïstysk is, binne de measte ynwenners fan roomsk-katolyk. Utsein it katolisisme wurdt de Santería praktisearre troch foaral de Afro-Kubaanske befolking en komt ek it protestantisme foar op Kuba. De protestantske streaming waard yn de 18e iuw ynfierd út de Feriene Steaten. Fierders binne der lytse Joodske mienskippen en wat Moslims en Baha'i.