Lyts Kurasau
Lyts Kurasau (Papiamintsk: Klein Corsou) is in eilân foar de kust fan Kurasau, it is part fan de Nederlânske Antillen. Der stiet in âlde fjoertoer op it eilân, in strânhús en inkele hutten foar toeristen. It eilân is likernôch trije kante kilometer grut en leit op sa’n tsien kilometer súdeastlik fan Kurasau.
It eilân is in lyts, keal, ûnbewenne rotseilân, dat troch fûgels as briedplak brûkt wurdt. It wetter om Lyts Kurasau hinne wurdt in soad brûkt troch dûkers. Der binne bedriuwen op Kurasau dy’t deitochten nei it eilân organisearje. Net altyd hat it eilân keal west sa as no. It wie ea hielendal mei gers begroeid en waard ûnder oare brûkt om hynders op weidzje te litten. Ut dy tiid is ek de fjoertoer dy’t op it eilân stiet. Troch de fosfaatwinnerij waard it eilân ôfgroeven, wêrnei de fegetaasje fan it eilân ferlern gie.
Op it stuit hat it eilân gjin bliuwende bewenning mear, mar yn it ferline wie dat wol it gefal. Ivanon Coffie, in Nederlânsk honkbalspiler, is op Lyts Kurasau berne.
De loefkante fan it eilân is in tsjerkhôf foar skippen dy’t net fier genôch by it eilân wei bleaunen. Op it strân lizze ferskate en âlde skipswrekken, wêrûnder dy fan in lytse tenker, de Maria Bianca Guidesman. Dy kant fan it eilân is ek de side dêr’t tonnen oan wrekhout, slippers en flessen oanspield binne.
-
Kaktussen
-
Grêf op de noardwestkust
-
Ruïnes fan gebouwen op de noardwestkust, dy't mooglik by it eardere karantênegebou hearden.
-
Skyldpodnêst op de súdeastkust (2020)
-
It wrak fan de Maria Bianca Guidesman yn 1990
-
Loftfoto fan it oerbliuwsel fan it skipswrak in 2017
-
It wrak fan it yn 2007 strâne Frânske jacht Tschao