Springe nei ynhâld

Verden (Landkreis)

Ut Wikipedy
Landkreis Verden
flagge wapen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplak Verden
grutste plak Verden
tal gemeenten 11
kenteken VER
Kreisschlüssel 03 3 61
sifers
ynwennertal 137.133 (2019)
oerflak 787,97 km²
befolkingstichtens 174 / km²
oar
stifting 1932
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 52°58′ N 9°11′ E
webside side lânkring Verden

De lânkring Verden is in distrikt yn it sintrum fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. It bestjoerlike sintrum is Verden, tagelyk de grutste stêd fan de lânkring. De lânkring heart by de Metropoalregio Noardwest.

De Aller, dy't fanút it easten de lânkring ynstreamt, mûnet yn de lânkring yn de Wezer. Yn it noarden rint de Wümme troch de lânkring. De westlike helte fan de lânkring kriget troch it oanbuorjende Bremen in drokker karakter.

De lânkring grinzget mei de klok mei fanút it noarden oan de lânkringen Osterholz, Rotenburg/Wümme, Heidekreis, Nienburg/Weser en Diepholz (allegear yn Nedersaksen) en oan de stêd en dielsteat Bremen.

Yn de lânkring lizze 11 beskerme natoergebieten. It grutste is de Fischerhuder Wümmeniederung mei in oerflak fan 772 hektare, de lytste is de Auequelle mei in oerflak fan mar 5 hektare.

De lânkring waard foarme út de twa amten Verden en Achim, stifte yn 1852 en 1859. Nei de anneksaasje fan it Keninkryk Hannover troch Prusen yn 1866, waarden de amten omfoarme ta in "Kreis" (kring). Gearfoeging fan de beide kringen fûn plak yn 1932. Yn 1939 moast de lânkring Verden by in weryndieling de twa gemeenten Hemelingen en Mahndorf oan Bremen ôfstean. Yn 1972 waard de eksklave Thedinghausen fan de yn 1974 ophefte lânkring Braunschweig by de lânkring Verden foege.

Histoarysk hearde it grutste part fan de lânkring ta it eardere ryksterritoarium Bremen-Verden. In soad ynstituten en organisaasjes oriïntearje harren ek hoeddedei noch oan de grinzen fan dat histoaryske gebiet.

Stêden en gemeenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stêden en gemeenten yn de lânkring Verden
Stêden Gemeenten Samtgemeinden fan Thedinghausen
  1. Achim
  2. Verden
  1. Dörverden
  2. Kirchlinteln
  3. Langwedel
  4. Ottersberg
  5. Oyten
  1. Blender
  2. Emtinghausen
  3. Riede
  4. Thedinghausen 1

1 sit fan de Samtgemeinde

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje