Goslar (Landkreis)
Landkreis Goslar | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Nedersaksen |
haadplak | Bitburg |
grutste plak | Bitburg |
tal gemeenten | 10 |
kenteken | GS, BRL, CLZ |
Kreisschlüssel | 03 1 53 |
sifers | |
ynwennertal | 136.292 (2019) |
oerflak | 965,29 km² |
befolkingstichtens | 141 / km² |
oar | |
stifting | 1885 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 51°52′ N 10°24′ E |
webside | www.landkreis-goslar.de |
De lânkring Goslar is in bestoerlik distrikt yn it súdeasten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. Haadstêd is de selsstannige stêd Goslar. It 371,76 km² grutte Verwaltungsbezirk Harz makket wol diel út fan de lânkring, mar is it grutste gemeentefrije distrikt fan Dútslân. De Wurmberg yn it súdeastlike diel fan de lânkring is de heechste berch fan Nedersaksen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it noardlike diel fan de lânkring lizze de hichten tusken de 200 en 300 meter, mar yn de Oberharz en fral yn de Mittelharz lizze de toppen in stik heger. De heechste berch fan de lânkring is de Wurmberch (971 meter boppe seenivo) yn de Mittelharz. It Nasjonaal Park Harz leit foar in part yn de lânkring, wylst in oar part yn it oangrinzgjende bûnslân Saksen-Anhalt leit. By it stedsje Altenau ûntstiet de 128,3 km lange rivier de Oker, dy't troch in tige moaie delte streamt en by Vienenburg de Harz ferlit.
De lânkring Goslar grinzget mei de klok mei begjinnend yn it easten oan de lânkring Harz (Landkreis) (yn Saksen-Anhalt), oan de lânkring Nordhausen (yn Thüringen), oan de lânkringen Göttingen, Northeim, Hildesheim en Wolfenbüttel en oan de kringfrije stêd Salzgitter (allegear yn Nedersaksen).
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânkring bestiet út de folgjende stêden en gemeenten (De Harz is in gemeentefrij gebiet.):
Ienheidsgemeenten
|
|
Samtgemeinden mei oansletten gemeenten
|
* = Bestjoerssintrum fan de Samtgemeinde
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Goslar fan Wikimedia Commons. |
Nedersaksen | ||
---|---|---|
Landkreise Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel | ||
Kreisfreie Städte Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg | ||
· · |