Tsjerkgaast
Tsjerkgaast | ||
Gaestdyk mei de Tsjerke fan Tsjerkgaast | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 345 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 19,24 km² (16,48 km² lân, 2,76 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 18 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N354 | |
Postkoade | 8522 | |
Netnûmer | 0514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 54' NB, 5° 41' EL | |
Komboerd Tsjerkgaast | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Tsjerkgaast (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân |
Tsjerkgaast is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, tusken Sleat en Sint-Nyk. De buorskippen Lytse Geast en Spannenburch, mei syn bekende toer, lizze yn 'e himrik fan Tsjerkgaast.
Tsjerkgaast hat 345 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerkgaast ûntstie op in glasiale driuwwâl. Oan 'e westkant lei Lytse Geast en oan 'e eastkant lei Wollegaast op it plak dêr't hjoed-de-dei de buorskip Spannenburch leit. yn 1418 wurdt it plak neamd as Tzerckgeest en is de earste ferwizing nei it plak mei de hjoeddeistige namme. Yn 1440 en 1443 komt Harchgeest foar mar kin in ferkearde stavering fan Zarckgeest en fariant Zarcgast wêze. Yn de 16e iuw komme Tzerckgaest en Tzarckgeest foar. Op de kaart fan Schotanus komt Tzerckgaest foar.
De namme ferwiist tsjerk nei de tsjerke dy't oarspronklik oan Sint-Augustinus wijd wie, en gaast nei in sânrêch of heechlizzend sânige grûn. Sokke gaasten wiene der wol mear, mar op dizze gaast stie op dat stuit de iennige tsjerke. Dêr wurdt wolris fan tocht dat Suthegoe (1130) de âldste namme fan it doarp is, mar dêr wurdt nei alle gedachten de goa Sudergoa mei bedoeld, dêr't Tsjerkgaast part fan wie. De preester fan Tsjerkgaast spile mooglik in promininte rol yn Sudergoa.
Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984, hearde it doarp ta sawol de gritenij as de gemeente Doanjewerstâl, dêrnei oant 2014 ta de gemeente Skarsterlân dy't dêrnei opgie ynd e fúzjegemeente De Fryske Marren.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De protestanske tsjerke fan Tsjerkgaast is fan 1703, en ferfong in earderen ien. De preekstoel en doopstek binne út de 17e iuw. Der is ek in reade sânstiennen grêfsark út de 14e iuw. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Doarpsbelang komt op foar de belangen fan de mienskip en komt mei-inoar yn it doarpshûs It Spantsje. Yn 2003 waard yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de tsjerke fan Tsjerkgaast it iepenloftspul 'De skat fan Tsjerkgaast' makke.
Feriening(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biljertklub 't Spant er om
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- KPN-gemeente Op 'e Noed fan Jiskenhuzen, Sint-Nyk en Tsjerkgaast.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2024 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
439 | 441 | 450 | 436 | 396 | 190 | 386 | 350 |
Boarne: Alle Cijfers
Berne yn Tsjerkgaast
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rintsje Piter Sybesma (1894-1975), nasjonaalsosjalistyske skriuwer
- André Zonderland (1976), eardere koartebaanreedrider
Ferstoarn yn Tsjerkgaast
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jacobus Sibrandi Mancadan (1602-1680), skilder en boargemaster
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aldedyk - oerbliuwsel fan de âlde ferbiningswei Sint Nyk-Sleat
- Brekkendyk - rint oan de eastside fan it Prinses Margrietkanaal nei de Lemster Brekken. Brekken binne markes of sompich lân.
- De Bolten - âlde namme fan in âlde wat heger lizzende dyk fan Tsjerkgaast nei Gaasterlân.
- De Koai - nei de eardere einekoai, no noch in boskje.
- De Stikels - hjir groeiden in soad stikels.
- De Trochreed - Ferwiist nei de trochreed fan it eardere kafee dêr't hynders yn- en útspand waarden.
- Gaestdyk - trochgeande dyk oer de gaasten, heechlizzende sângrûnen. De namme komt ek foar yn geastgrûn en Gaasterlân.
- It Foarfjild - in stik lân foaroan by de dyk waard in foarfjild neamd
- Jerdensdyk - in dyk troch jerden, lange smelle stikken lân.
- Kanaalsdyk - oan de westkant fan it Margrietkannaal, bylâns de Brekkendyk.
- Puthoeke - nei de put of welle dêr't eltsenien eartiids wetter helje koe.
- Riensleat - Neam nei de Riensleat of Wâldsleat, it kanaal tusken de Lemster Brekken en Follegea.
- Spannenburgerdyk - fan Spannenburch nei Sint Nyk. Spannenburch wie in eardere loazjeminthâlder op it krúspunt Spannenburch.
- Strjitwei - de strjitwei fan De Lemmer nei Snits.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tjerkgaast fan Wikimedia Commons. |