Springe nei ynhâld

Teakesyl

Ut Wikipedy
Teakesyl
De Ie by Teakesyl
De Ie by Teakesyl
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
himrik Sondel/De Lemmer
Oar
Ferkearsieren N359
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 39' EL
It Woudagemaal by Teakesyl (2005)
It Woudagemaal by Teakesyl (2005)
Sondelerdyk by Teakesyl
Sondelerdyk by Teakesyl
Offisjele webside
Teakesyl op webside Sondel
Kaart
Teakesyl (De Fryske Marren)
Teakesyl

Teakesyl (Nederlânsk: Tacozijl) is in buorskip yn it súdlike part fan Fryslân yn de gemeente De Fryske Marren. Hy wie eartiids in haven en slûs oan de Sudersee en leit oan de Ie en oan de seedyk flakby de Iselmar tusken De Lemmer en Sondel.

Teakesyl bestiet út inkelde pleatsen en in slús. Oan de eastkant fan Teakesyl stiet ek it ferneamde Yr. D.F. Woudagemeal, it grutste noch wurkjende stoomgemaal.

De namme komt nei alle gedachten fan in persoan dy’t Taka (Taeke) hjitte en by de slûs wenne. 'Syl' is in oar wurd foar n ûntwetteringsslûs. It plak waard yn 1476 foar it earst neamd as Taeckazyl. Yn 1482 waard de syl fernijd en waard der fan Nya syl sprutsen. Dêrfoar wie it wetter op dat plak ôfdamme, want de slûs waard by de Aulda eedam boud. Yn 1483 komt de namme Taka zyl foar en yn de 16e iuw Takezyl.[1]

De syl moat mooglik om 1300 hinne al boud wêze. Ut ferskate boarnen is op te merken dat de Ie fand e Middelsee yn 'e Sudersee útmûne. Yn 1398 wie Teakesyl ien fan de wichtichste hannelsrûten oan 'e Sudersee. Dêr koe oer de Ie oer Sleat nei de Sleattemer Mar rjochting Wâldsein en Snits nei de Middelsee ta fard wurde. It wie ynearsten in frij brede rivier, mar troch it tichtsliken fan 'e Middelsee, ferlear de Ie syn betsjutting hieltyd mear.

Yn it boekje Vereenigde Nederlanden, vijftiende deel dat yn 1788 útjûn waard, stiet yn skreaun dat Teakesyl yn 1495 noch de iennige goede haven fan Westergoa, doch minder gaadlik foar swiere skippen wie. Dat jiers waard der by dy syl ek troch de Fetkeapers in blokhûs opwurpen, tsjin de Dútske legeroanfierder Nittert Fox fan de Swarte Heap, dy't besocht de haven fan Teakesyl yn te nimmen .

De Sondelerdyk, in slieperdyk tusken Sondel en Teakesyl, waard yn 1725 foltôge. Njonken dy dyk rint de Sondeler Feart, dy't yn 1846 ferbrede waard, dêr't de dyk ek troch oanpast wurde moast.

Ek hat by de slûs, njonken de slûswachterwente, in herberch stien dêr't fan de 17e iuw ôf oant 1905 it Dykbestjoer fan de Sân Gritenijen en de Stêd Sleat syn sit hie. De herberch mei de pleats dy't dêr benefter stie, baarnde yn 1935 ôf.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de betonbrêge fan Teakesyl yn troch de Dútsers opblaasd. Sân jier letter, yn 1952 waard er weropboud. Yn 1928 waard in ophelbrêge troch de betonbrêge ferfongen.

Oant 1944 lei de buorskip alhiel yn de gemeente as sawol de gritenij Gaasterlân. Dêrnei waard er ferparte oer de gemeenten Gaasterlân (nei 1984 de gemeente Gaasterlân-Sleat) en Lemsterlân. Sûnt 2014 leit de buorskip fannijs yn ien gemeente, de fúzjegemeente De Fryske Marren. Neffens adressen falt it grutste part ûnder De Lemmer en in lyts part ûnder Sondel.

Oan 'e eastkant, op it Aldmarderfjild, waard oan 'e ein fan de 20e iuw foar de Prinses Margrietslûs oer in yndustryterrein ûntwikkele.

It joadsk begraafplak

Hjir steane tsientallen âlde sarken en in tinkplaat oan de oarloch 1940-1945. Yn 'e oarloch waarden ek trije Joadske ynwenners fan De Lemmer op transport nei Auschwitz setten. Se kamen net werom. It Joadske tsjerkhôf wurdt ûnderholden troch de Stifting Joadsk Begraafplak Teakesyl op De Lemmer.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje