Marga Waanders
Marga Waanders | ||
politikus | ||
echte namme | Margaretha Caecilia Maria Waanders | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 28 oktober 1959 | |
berteplak | Hengelo (Oerisel) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
partij | PvdA | |
lid fan de gemeenteried fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 1990 – 2001 | |
fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de Ljouwerter gemeenteried | ||
amtsperioade | 1995 – 2001 | |
wethâlder fan Ljouwert | ||
amtsperioade | 2001 – 2009 | |
foargonger | Peter den Oudsten | |
opfolger | Henk Deinum | |
boargemaster fan Dongeradiel | ||
amtsperioade | 2009 – 2018 | |
foargonger | Ton Baas | |
opfolger | Magda Berndsen | |
boargemaster fan De Waadhoeke | ||
amtsperioade | 2018 – .... | |
foargonger | Haijo Apotheker | |
offisjele webside | ||
Marga Waanders op Twitter |
Marga Waanders (folút: Margaretha Caecilia Maria Waanders; Hengelo (Oerisel), 28 oktober 1959) is in Nederlânsk politika fan 'e PvdA. Hja wennet sûnt har studintetiid yn Fryslân. Waanders wie foarhinne gemeenteriedslid en doe wethâlder fan Ljouwert, dêrnei boargemaster fan Dongeradiel en doe boargemaster fan De Waadhoeke. Se krige nasjonale bekendheid trochdat se yn 2017 it near lei op 'e anty-swartepyt-demonstraasje by de Lanlike Sinteklaasyntocht yn Dokkum.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waanders waard yn 1959 berne yn Hengelo, yn 'e provinsje Oerisel, en is fan Twintsk komôf. Hja groeide op yn it doarp Beckum, yn in roomske, Twintskpratende húshâlding mei in ekstroverte heit dy't in fûleinich oanhinger fan it CDA wie, in yntroverte mem en twa âldere susters. Har jonkheid omskreau se sels yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante as "ongecompliceerd, met mooie herinneringen."
Yn 1977 kaam Waanders as studinte yn Ljouwert om oan 'e learare-oplieding in stúdzje Nederlânsk en Dútsk te folgjen. Leaver hie se de kombinaasje Nederlânsk en ierdrykskunde dien, mar dy siet al fol. Letter soe se lykwols in grutte leafde foar de Dútske taal opfetsje. Nei't se de oplieding yn Ljouwert foltôge hie, folge se noch in doktoraal-programma Nederlânske taal- en letterkunde oan 'e Ryksuniversiteit Grins.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't har heit in CDA-man wie, sleat Waanders sels har by de sosjaal-demokratyske PvdA oan, om't se fûn dat krekt de politike partij dy't har heit oanhong, net opkaam foar minsken lykas him. Nei ôfrin fan har stúdzje wurke se yn Ljouwert as leararesse Nederlânsk en Dútsk oan 'e Bakkerij- en Horekafakskoalle en dêrnei as leararesse Nederlânsk oan it Slauerhoff Kolleezje.
Yn 1990 waard Waanders foar de PvdA keazen yn de gemeenterie fan Ljouwert en fan 1995 ôf wie hja dêr fraksjefoarsitter fan har partij. Njonken har politike aktiviteiten wie se yn dyselde snuorje ek dosinte Nederlânsk en dêrnei wurdfierster fan de direksje fan 'e Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Begjin 2001 folge Waanders Peter den Oudsten op as wethâlder fan Ljouwert. Hja stie yn dy tiid bekend om har dossierkennis, dy't, sa wol it ferhaal, har kollega-wethâlders Roel Sluiter en Gerrit Krol der wolris ta brocht om de kantsjes derôf te rinnen, want "Marga hat de stikken wol lêzen." Under har wethâlderskip learde Waanders Frysk yn in klaske by de Afûk mei ferskate oare bestjoerders fan 'bûten'. Yn har Ljouwerter tiid hoegde se de dêr opdiene kennis nei eigen sizzen lykwols mar komselden te brûken.
Dat feroare doe't se op 15 jannewaris 2009 oansteld waard as boargemaster fan de Fryske gemeente Dongeradiel, dêr't de oergrutte mearderheid fan 'e befolking Frysktalich wie. Op dy boargemasterspost hie se, nei eigen wurden, "mei folle oertsjûging" sollisitearre, mar doe't de kar ek wier-wier op har foel, smiet dat dochs in pear sliepeleaze nachten op. It aldendeiske wurk as boargermem gie har lykwols goed ôf. Der wiene twa hichtepunten (of djiptepunten) yn har boargemasterskip fan Dongeradiel. It earste kaam op Nijjiersmoarn 2013, doe't in ferbline automobiliste nota bene by Waanders har wenplak Raard ynried op in groep lju dy't op 'e wei by in âldjiersfjoer stiene, mei 16 ferwûnen en 1 deade as gefolch.
En yn 2017 kaam Waanders lanlik yn it nijs mei har beslút om it near te lizzen op 'e anty-swartepyt-demonstraasje by de Lanlike Sinteklaasyntocht yn Dokkum, nei't de bus mei demonstranten út Hollân by De Jouwer op 'e autosneldyk klemriden wie troch de saneamde 'blokkear-Friezen'. Dat beslút kaam har op in soad krityk te stean, dy't benammen op 'e sosjale media utere waard. Sa soe se neffens de iene kant de anty-swartepyt-aktivisten yn Dokkum útnûge hawwe, wylst se har neffens de oare kant ôfjûn hie mei faksisten. Der waard sels in petysje begûn om har foar de rjochter te slepen. Hoewol't se doe al skjin har nocht fan it hiele spul hie, skode Waanders oan by it praatprogramma Pauw, op 'e NPO, om har stânpunten en de krekte gong fan saken nochris út te lizzen.
Op 30 oktober 2018, nei krapoan tsien jier yn Dongeradiel, waard Waanders beneamd ta boargemaster fan 'e gemeente De Waadhoeke. Dongeradiel soe oan 'e ein fan dat jier ophâlde te bestean en opgean yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân. De lêste twa moannen waard it boargemasterskip dêr waarnommen troch D66-ster Magda Berndsen. De Waadhoeke wie in nije gemeente dy't per 1 jannewaris 2018 ûntstien wie út 'e fúzje fan Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en de doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp fan it âlde Littenseradiel. De earste tsien moannen wie dêr it boargemasterskip waarnommen troch D66-er Haijo Apotheker. Waanders joech foarôfgeande oan har beneaming al oan dat se fan doel wie om njonken Frysk ek Biltsk te learen, in oare minderheidstaal dy't yn har nije gemeente sprutsen waard.
Njonkenfunksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As njonkenfunksjes hat Waanders beklaaid: it foarsitterskip fan 'e FUMO, it foarsitterskip fan 'e Enerzjy Koöperaasje Fryslân, it foarsitterskip fan 'e Advysried Bestjoerskunde & Oerheidsmanagement fan 'e Thorbecke Akademy Ljouwert en it foarsitterskip fan Keunstwurk. Fierders is se ek bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waanders wennet anno 2018 al fjirtich jier gear mei har freon Rudolf Bloem. Neffens eigen sizzen hat se har hert ferlern oan Fryslân en is se Friezinne wurden mei de Friezen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side. |
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk sosjalist
- Frysk ûnderwizer
- Frysk politikus
- PvdA-politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Wethâlder fan Ljouwert
- Boargemaster fan Dongeradiel
- Boargemaster fan De Waadhoeke
- Frysk bestjoerder
- Frysk sosjalist
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Twintsk persoan
- Persoan berne yn 1959