Springe nei ynhâld

Irvine (Kalifornje)

Ut Wikipedy
Irvine
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Orange County
Sifers
Ynwennertal 223.729 (2013)
Oerflak 172,1 km² (ynkl. wetter)
171,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.233,9 / km²
Stêdekloft Los Angeles
Hichte 17 m
Oar
Stifting 1970
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 33°41′03″N 117°47′33″W
Offisjele webside
www.cityofirvine.org
Kaart
De lizzing fan Irvine yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje.

Irvine (útspr.: ['œɹva:in]) is in stêd yn n 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, dy't pas oan it begjin fan 'e 1970-er jierren fan 'e tweintichste iuw ûntstien is as in planearre stêd. Fanwegen syn goede ûnderwiis, húsfêsting en wurkgelegenheid waard de stêd yn 2012 troch de webside CNNMoney.com útkeazen as it op fiif nei bêste plak om te wenjen yn 'e Feriene Steaten. Neffens in offisjele skatting út 2013 hie Irvine doe krapoan 224.000 ynwenners, wêrmei't it nei Anaheim en Santa Ana de 3de stêd fan Orange County is, en fierders de 16de stêd fan Kalifornje en de 96ste fan 'e Feriene Steaten. Irvine heart ta de stêdekloft fan Los Angeles, dy't yn 2012 in befolking fan rom 12,8 miljoen hie.

Yn 1864 kochten James Irvine sr. en trije partners in grutte stripe lân yn súdlik Kalifornje oan. Fjirtjin jier letter, yn 1878, kocht Irvine syn partners út en waard er de iennichste eigner fan it gebiet, dêr't er in ranch (in grutte feepleats) stifte. Nei't Irvine yn 1886 stoarn wie, rjochte syn soan, James Irvine jr., The Irvine Company op en feroare de ranch fan in feehâlderij yn in lânboubedriuw dêr't oliven en sitrusfruchten en letter ek limabeane ferboud waarden. Yn 1888 waard benoarden San Diego in spoarstasjon nei James Irvine jr. ferneamd, en de delsetting dy't dêromhinne groeide, kaam Myford te hjitten, nei Irvine syn soan (om't der yn Calaveras County al in postkantoar mei de namme Irvine wie). Yn 1914 waard it plakje lykwols dochs noch omneamd ta Irvine.

Irvine by nacht.

James Irvine jr. stoar yn 1947, doe't er tachtich jier wie. Syn soan Myford Irvine naam de lieding oer The Irvine Company oer, en sette útein mei dielen fan it grûngebiet fan 'e Irvines frij te jaan foar stedsûntwikkeling. Myford Irvine stoar yn 1959, itselde jiers dat de Universiteit fan Kalifornje The Irvine Company om 4 km² grûn frege foar in nije universiteitskampus. It bedriuw ferkocht dat lân oan 'e universiteit foar it symboalyske bedrach fan $1, en droech letter nochris 2 km² grûn ôf oan 'e steat Kalifornje om 'e kampus út te wreidzjen. William Pereira, de arsjitekt dy't de troch de Universiteit fan Kalifornje yn 'e earm nommen wie, ûntwurp yn gearwurking mei ekspêrs fan The Irvine Company in nije stêd fan 50.000 ynwenners dy't om 'e nije kampus hinne komme moatte soe te lizzen. De nije delsetting kaam Irvine te hjitten; it âldere plattelânsdoarpke benoarden San Diego waard doe omneamd ta East Irvine.

Ein jierren sechtich waarden de doarpen Turtle Rock, University Park, Westpark (dat doedestiden noch Culverdale neamd waard), El Camino Real en Walnut oanlein, en yn 1970 waarden se oplevere. Yn 'e twadde faze waarden se, yn 1971, feriene ta de stêd Irvine, mei de nije wyk Irvine Spectrum as sintrum. Op 28 desimber 1971 stimden de ynwenners fan 'e doarpen lykwols foar in útstel om in stêd te foarmjen dy't in stik grutter wie as dat de plannen fan Pereira-en-dy foarsjoen hiene. Tsjin 1980 hie Irvine al mear as 62.000 ynwenners, en dat wie noch mar it begjin, want de stêd is sûnt stadichoan trochgroeid, nei 110.000 yn 1990, 143.000 yn 2000, 212.000 yn 2010 en nei skatting 224.000 yn 2013.

Irvine hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske Keamer fan Keaphannel hat Irvine oanmurken foar ien fan 'e bêste stêden yn 'e Feriene Steaten om in nij bedriuw te begjinnen. De pleatslike ekonomy stipet fierhinne op it ûnderwiis, de biomedyske yndustry en de ynformaasjetechnology. De grutste wurkjouwer fan 'e stêd is de Universiteit fan Kalifornje, Irvine, mei krapoan 16.500 banen. Yn 'e top tsien fan grutste wurkjouwers steane fierders trije biomedyske bedriuwen en trije y.t.-bedriuwen. Njonken de Universiteit fan Kalifornje, Irvine, dy't yn 1965 oprjochte waard en diel útmakket fan 'e gruttere Universiteit fan Kalifornje, binne yn Irvine op it mêd fan heger ûnderwiis ek de Concordia Universiteit, Irvine, it Irvine Valley College en de Soka Universiteit fan Amearika fêstige.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Irvine 8,7% âlder as 65 jier en 21,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 28,6% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 45,1% blanken; 39,2% Aziaten; 9,2% Latino's; 1,8% swarten; 0,2% Yndianen; 4,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Stedsfernijing yn it sintrum fan Irvine.

Berne yn Irvine

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Irvine hat in Mediterraansk klimaat, mei waarme simmers en tige mylde winters. Yn july oant en mei septimber, de waarmste perioade fan it jier, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29 °C, en yn desimber en jannewaris, de kâldste moannen, is dat 20 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 352,3 mm delslach. Hoewol't der nea snie falt, kin it der by 't winter soms in lyts bytsje frieze.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.