1965
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 | 1968 | 1969 | 1970 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1965 MCMLXV |
Ab urbe condita | 2718 |
Armeenske kalinder | 1414 ԹՎ ՌՆԺԴ |
Etiopyske kalinder | 1957 – 1958 |
Hebriuwske kalinder | 5725 – 5726 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2020 – 2021 |
- Shaka Samvat | 1887 – 1888 |
- Kali Yuga | 5066 – 5067 |
Iraanske kalinder | 1343 – 1344 |
Islamityske kalinder | 1385 – 1385 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4661 – 4662 辛辰 – 壬巳 |
1965 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1965.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1960-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 11 jannewaris - It Lemster Manljuskoar wurdt oprjochte.
- 7 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch fiert de Amerikaanske Loftmacht foar it earst bombardeminten út op Noard-Fjetnam.
- 18 febrewaris - Gambia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 21 febrewaris - Moard op 'e kontroversjele swarte Amerikaanske aktivist Malcolm X.
- 8 maart - De earste Amerikaanske gefjochtstroepen arrivearje yn Súd-Fjetnam om aktyf ynset te wurden by de striid yn it ramt fan 'e Fjetnamoarloch.
- 18 maart - De Sovjet-kosmonaut Aleksej Leonov makket as earste minske in romtewanneling.
- 21 maart - Begjin fan 'e troch de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging organisearre Marsen fan Selma nei Montgomery, yn 'e Amerikaanske steat Alabama.
- 28 april - De Feriene Steaten dogge in ynfal yn 'e Dominikaanske Republyk.
- 26 juny - De Maldiven wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 30 juny - It Nederlânske keunstnerskollektyf De Bende van de Blauwe Hand hâldt syn earste tentoanstelling.
- 6 augustus - De Amerikaanske presidint Lyndon B. Johnson ûndertekenet de Nasjonale Stimrjochtwet fan 1965, wêrmei't it yllegaal wurdt om op lykfol hokker wize tsjin te hâlden dat minsken gebrûk meitsje fan harren stimrjocht (wat yn it Amerikaanske Suden oant no ta struktureel barde om swarten harren rjochten te ûntnimmen).
- 9 augustus - Singapoer wurdt ûnôfhinklik fan Maleizje.
- 11 augustus - Yn Los Angeles brekt yn 'e swarte wyk Watts de Opskuor fan Watts út, wêrby't 36 deaden falle en foar $175 miljoen oan skea oanrjochte wurdt.
- 6 septimber - De Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965 brekt út. Yndiaaske troepen falle Pakistan binnen en marsjearje op nei de miljoenestêd Lahoare.
- 9 septimber - De orkaan Betsy rjochtet slimme skea oan yn 'e Feriene Steaten, yn 'e krite by de kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns. Der falle 81 deaden en der wurdt foar $1,4 miljard oan skea oanrjochte.
- 22 septimber - Nei de Yndiaaske ferovering fan Lahoare moat Pakistan ynbine. Der wurdt in wapenstilstân sletten, dy't yn 'e praktyk in ein makket oan 'e Yndiaask-Pakistaanske Oarloch fan 1965.
- 1 oktober - Yn Yndoneezje mislearret in kommunistyske steatsgreep (de saneamde Oktoberrevolte), ûnder lieding fan kolonel Oentoeng, it haad fan 'e liifwachten fan presidint Soekarno. Neitiid komt der in massamoard op gong, wêrby't nei skatting 500.000 oant 3 miljoen minsken ombrocht wurde: net allinnich kommunisten, mar elts dy't fan kommunistyske sympatyen fertocht wurdt.
- 9 novimber - By de Black-out fan 1965 falt yn acht steaten yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten en yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario in jûn de elektrisiteit út. Njoggen moannen letter is der in baby boom.
- 11 novimber - De Republyk Rodeezje ferklearret him ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 27 novimber - Oan 'e Mars op Washington foar Frede yn Fjetnam, in grutte demonstraasje tsjin 'e Fjetnamoarloch yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dogge sa'n 25.000 minsken mei.
- 15 desimber - De Nederlânske keninginne Juliana iepenet de Seelânbrêge.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 13 - Elizabeth Haydon, Amerikaansk skriuwster
- 8 - Jean-Yves Lecastel, Frânsk pornoakteur
- 10 - Abe de Vries, Frysk dichter en oersetter
- febrewaris
- 2 - Ramon, Amerikaansk pornoakteur
- 9 - Igor Malkov, Russysk reedrider
- 28 - Patricia Briggs, Amerikaansk skriuwster
- maart
- 11 - Diana Woei, Nederlânsk meteorologe en waarfrou
- 30 - Jacqueline Börner, Dútsk reedrydster
- april
- 6 - Yvette Bova, Amerikaansk bodybuildster en pornoaktrise
- 9 - Paulina Porizkova, Tsjechysk-Sweedsk model en aktrise
- 27 - Vincent Bijlo Nederlânsk kabaretier, skriuwer en kollumnist
- maaie
- 16 - Krist Novoselic, Amerikaansk bassist
- juny
- 8 - Paul en Stephen Youll, Ingelsk yllustrators en boekbânûntwerpers (twilling)
- 13 - Dirk van der Veen, Frysk skriuwer († 2015)
- 17 - Dan Jansen, Amerikaansk reedrider
- 28 - Alex van Galen, Nederlânsk senarioskriuwer
- july
- 18 - Marjon Wijnsma, Frysk atlete
- 31 - J.K. Rowling, Ingelsk skriuwster
- septimber
- 19 - Helen Duval, Nederlânsk pornoaktrise en -produsinte
- oktober
- 18 - Kristen Britain, Amerikaansk skriuwster
- desimber
- 17 - Ronald Giphart, Nederlânsk skriuwer
- datum ûnbekend
- Manohla Dargis, Amerikaansk filmkritika
- Juliet E. McKenna, Ingelsk skriuwster
- Jane Porter, Amerikaansk skriuwster
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 4 - T.S. Eliot, Amerikaansk-Ingelsk dichter en útjouwer (* 1888)
- febrewaris
- 1 - Pieter Taekes van der Herberg, Frysk jurist en fersetsman (* 1906)
- 21 - Malcolm X, Amerikaansk aktivist (* 1925)
- 23 - Stan Laurel, Ingelsk komyk en akteur (* 1890)
- 26 - Julius Skutnabb, Finsk reedrider (* 1889)
- maart
- augustus
- 24 - Ids Wiersma, Frysk keunstskilder (* 1878)
- 30 - Minze de Vries, Frysk keatser (* 1874)
- septimber
- 4 - Albert Schweitzer, Dútsk dokter, teolooch, filosoof, muzikant en ûntwikkelingswurker (* 1875)
- novimber
- 7 - Reinder Sierks Roorda, Frysk geneälooch en skriuwer (* 1894)
- desimber
- 3 - Jan Tjittes Piebenga, Frysk sjoernalist en frisiast (* 1910)
- 26 - Jarich de Vries, Frysk kabaretier en revuskriuwer (* 1915)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doctor Zhivago
- For a Few Dollars More
- The Heroes of Telemark
- The Sons of Katie Elder
- Thunderball
- Winnetou 3. Teil
Jierren: | 1960 | 1961 | 1962 | 1963 | 1964 | 1965 | 1966 | 1967 | 1968 | 1969 | 1970 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|