Springe nei ynhâld

Harmen Thieden Ament

Ut Wikipedy

Harmen Thieden Ament (Amsterdam, 1 desimber 1768 - Snits, 5 febrewaris 1839) wie in radikaal patriot dy't in geskrift neilitten hat oer de bewegingen fan 1786-1787 yn Hollân.

Harmen wie in soan fan Michiel Ament en Margaretha Elizabeth Thieden (-1778), dy't út East-Fryslân wei nei Amsterdam ferfearn wienen. Hy gie nei in Frânske kostskoalle yn Muiden en fan 1781 ôf nei in Latynske skoalle yn Sutfen. Yn 1783 waard er dêr learling-apteker.

As patriot wie er ûnder oaren belutsen by de ferdigening fan Hattem. Op oanstean fan syn heit gie er werom nei Amsterdam dêr't er ek warber bleau as patriot. Hy die mei oan de ferdigening tsjin de Prusen yn 1787. Hy moast útwike nei St.Omer en bedarre nei weromkomst yn Fryslân.

Hy waard aptekersfeint en letter yn 1791 selsstannich apteker yn Snits. Ferfolde in rol yn de polityk fan de Bataafske Republyk as lid Comité van Waakzaamheid en folksrepresintant en sekretaris fan East-Dongeradiel. Yn 1802 wie er notaris op It Amelân en fan 1812 ôf te Dokkum, letter kommys te Amsterdam en sûnt 1828 ûntfanger fan belestingen yn Fryslân.

Ament troude op 23 septimber 1792 Tjittje Jans Stoker (Snits, 7 desimber 1766 - † dêre 29 maart 1793), dochter fan Jan Tjeerds en Sjoukien Sjoerds. Op 14 july 1799 trout er opnij yn Mitselwier, mei Sjoukje Gonggrijp, (Snits, 10 april 1775 - Dokkum, 5 novimber 1809), dochter fan Tjalling en Elisabeth Teetses de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ament, Harmen Thieden.

  • Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW), Ament, Harmen Thieden
  • Instituut Egodocumenten en Geschiedenis, ynventaris.
  • Stambeam famylje Ament