Springe nei ynhâld

For a Few Dollars More

Ut Wikipedy
For a Few Dollars More
Per Qualche Dollaro in Più
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sergio Leone
produsint Alberto Grimaldi
senario Luciano Vinzenzoni
Sergio Leone
Sergio Donati
kamerarezjy Massimo Dallamano
muzyk Ennio Morricone
filmstudio PEA
AGPC
Contantin Film
distribúsje PEA (Itaalje)
United Artists (Feriene Steaten)
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Lee Van Cleef
Gian Maria Volontè
byrollen Mario Brega
Luigi Pistilli
Aldo Sambrell
skaaimerken
lân/lannen Itaalje
West-Dútslân
Spanje
premiêre 18 novimber 1965
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
Italjaansk
spyltiid 132 minuten
budget en resultaten
budget $600.000
opbringst $15 miljoen
filmsearje
filmsearje de Dollars Trilogy
● foarich diel A Fistful of Dollars
● folgjend diel The Good, the Bad and the Ugly

For a Few Dollars More (Italjaansk: Per Qualche Dollaro in Più) is in Italjaansk-Westdútsk-Spaanske westernfilm út 1965 ûnder rezjy fan Sergio Leone. De titel betsjut: "Foar in Pear Dollars Mear". It is in spagettywestern, dy't ek ta it subsjenre fan 'e refizjonistyske western heart. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood en Lee Van Cleef as twa preemjejagers yn it Wylde Westen, dy't besykje in bindelieder, spile troch Gian Maria Volontè, te fluch ôf te wêzen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. For a Few Dollars More wie it resultaat fan 'e twadde kear dat Leone, Eastwood en Morricone gearwurken, nei A Fistful of Dollars, út 1964. Dy beide films waarden letter mei weromwurkjende krêft ûnder de Dollars Trilogy beflapt, dêr't ek The Good, the Bad and the Ugly ta rekkene wurdt. Hoewol't For a Few Dollars More yn 'e Feriene Steaten oarspronklik mei lauwe reäksjes ûntfongen waard, wurdt de film tsjintwurdich, krekt as de oare beide dielen fan 'e Dollars Trilogy, rûnom beskôge as ien fan 'e bêste westerns út 'e filmskiednis.

Yn For a Few Dollars More wurde de 'Man sûnder Namme', dy't yn dizze film de bynamme 'Manco' brûkt, en kolonel Douglas Mortimer apart faninoar yntrodusearre as twa preemjejagers dy't yn it Wylde Westen op sochte kriminelen jeie en harren deasjitte om dêrnei by de autoriteiten de beleanning te ynkassearjen dy't foar sokken útlove is. Underwilens brekt in binde banditen yn in finzenis yn om harren lieder, de fernimstige, mar ek ûnmeilydsume en psychoatyske 'El Indio' te befrijen. Dêrby wurde de finzenisdirekteur en it meastepart fan 'e sipiers út 'e ljochten holpen. As it nijs fan 'e ûntsnapping fan El Indio bekend wurdt, hawwe sawol de Man sûnder Namme as kolonel Mortimer belangstelling foar de grutte priis dy't him op 'e holle set is.

El Indio hat in bûshorloazje dat muzyk spilet as er it iependocht. As er meidocht oan in duël, leit er it horloazje iepen del, en it ophâlden fan 'e muzyk is dan it teken dat hy en syn tsjinstanner harren revolvers lûke moatte. Yn flashbacks wurdt werjûn dat El Indio it horloazje stellen hat fan in jonge frou, dy't er op bêd oantrof mei har man. Hy fermoarde har man en ferkrêfte har, mar wylst er mei har dwaande wie, skeat se harsels dea. Har foto sit oan 'e binnenkant fan it iepenslaande klepke fan it horloazje. Dat ynsidint efterfolget El Indio, en hy smookt in ferslaavjende drug om syn oantins deroan te ferdizenjen. Mortimer neamt El Indio "in folsleine gek", mar letter jout er ta dat de bindelieder "gjin suffert" is.

El Indio makket plannen om 'e bank fan El Paso te berôvjen. Dy hat in klûs dy't derút sjocht as in gewoane kast (mei't der in houten omklaaisel omhinne makke is), dêr't neffens El Indio "hast in miljoen dollar" yn sit. De Man sûnder Namme arrivearret yn El Paso en wurdt him bewust fan Mortimer, dy't dêr al omhinget. Hy sjocht hoe't Mortimer mei sin de bochel Wild mislediget, dy't foar El Indio de bank oan it ferkennen is. De Man sûnder Namme giet de konfrontaasje mei Mortimer oan om dyselde ôf te skrikken, sadat er de priis dy't op 'e holle fan El Indio set is, foar himsels hâlde kin. Al rillegau wurdt lykwols dúdlik dat se net ien fan beiden opjaan wolle, dat dan beslute mar om gear te wurkjen. Mortimer bepraat de Man sûnder Namme om him by de binde fan El Indio te jaan, sadat se de bandyt fan binnenút en fan bûtenôf te pakken nimme kinne. De Man sûnder Namme rêdt it op om yn 'e binde opnommen te wurden troch in freon fan El Indio út it tichthús te befrijen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

El Indio stjoert dêrop de Man sûnder Namme en trije oare bindeleden nei Santa Cruz, mei de opdracht om dêr de bank te berôvjen sadat de sheriff fan El Paso dêrhinne lokke wurdt. De Man sûnder Namme sjit lykwols ûnderweis syn trije selskipslju dea en kringt yn Santa Cruz it tillegraafkantoar binnen, dêr't er de tillegrafist twingt om in falsk berjocht nei El Paso te stjoeren dat de bank yn Santa Cruz berôve wurdt. Dêrnei fernielt er de tillegraafline, sadat der gjin oare berjochten mear ferstjoerd wurde kinne. Wylst de sheriff fan El Paso mei in posse útriidt nei Santa Cruz, keart de Man sûnder Namme werom nei El Paso, dêr't hy en Mortimer tasjogge hoe't El Indio en syn binde mei dynamyt in gat yn 'e muorre fan 'e bank blaze en de mei hout omklaaide klûs stelle. As de Man sûnder Namme him neitiid allinnich wer by de binde jout, wekket dat by de oare bindeleden wranteligens op, mar El Indio akseptearret syn útlis dat de oare trije mannen by de bankberôving yn Santa Cruz omkommen binne.

Neitiid lûkt de binde him werom yn it lytse grinsstedsje Agua Caliente. Mortimer, dy't El Indio in stap foar is, befynt him dêr al as de binde arrivearret. Wild ken him wer, sadat de moeting op in sjitpartij útrint wêrby't Mortimer Wild deadet. It docht bliken dat de binde net by steat is om 'e klûs iepen te krijen. Der is praat fan om der dynamyt foar yn te setten, dat lykwols grif in grut diel fan it jild yn 'e klûs ferneatigje soe. Dan biedt Mortimer syn tsjinsten oan en hy wit de klûs sûnder eksplosiven te iepenjen. Neitiid beslist El Indio dat de binde him in moanne lang yn Agua Caliente beskûl hâlde moat, sadat it grutste trelit om 'e bankberôving wat belune wêze sil. Pas dêrnei sil er de bút ferdiele. It jild berget er yn 'e tuskentiid op yn in ôfsletten kiste.

Nachts brekke de Man sûnder Namme en Mortimer de kiste iepen en ferbergje it jild op in oar plak, mar fuort dêrnei wurde se trappearre. Neitiid wurde se troch de bindeleden oerenlang yninoar slein. Mortimer is it lykwols slagge en doch de kiste wer op 't slot, dat El Indio mient dat se him net iepen krije kinnen hawwe. Letter dy nachts befrijt Niño, El Indio syn ûnderbefelhawwer, op befel fan El Indio de beide finzenen, wêrby't er it bindelid dat de wacht oer harren hâldt, deadet mei in mês. El Indio lit it letter lykje as hat in oare bindelid, Chuchillo, de finzenen befrijd, wêrnei't er Chuchillo deasjit. Dêrop stjoert er de oare bindeleden efter de Man sûnder Namme en Mortimer oan, yn 'e hope dat se inoar allegear deadzje sille, wylst hy en Niño útnaaie mei de hiele bút. Ien fan 'e bindeleden, Groggy, beseft hokfoar smoarch spultsje oft El Indio spilet, en sjit Niño dea. As er dêrnei El Indio twingt om 'e jildkiste te iepenjen, blykt dy leech te wêzen.

As it moarn wurdt, hâlde Mortimer en de Man sûnder Namme har noch altyd beskûl yn Agua Caliente. Mortimer freget syn maat om El Indio oan him oer te litten. Neitiid romje se de bindeleden ien foar ien út 'e wei. Mortimer, dy't skynber lykme-allinne is, sjit Groggy as lêste dea, wylst de man op in oar plak dekking siket. Dêrop wurdt de revolver him lykwols út 'e hannen sketten troch El Indio, dy't ûnderwilens ta it besef kommen is wa't Mortimer is. Hy iepenet syn bûshorloazje en lit de muzyk spylje, en daget de ûntwapene Mortimer út om te besykjen en deadzje him as de muzyk ophâldt. Op it stuit dat de muzyk ophâldt, begjint lykwols yn in doarsgat in identyk deuntsje út in oar bûshorloazje te spyljen, dat de Man sûnder Namme yn 'e iene hân hâldt, wylst er yn 'e oare in gewear hat dat op El Indio rjochte is. Mortimer grypt nei syn festbûse en beseft dat de Man sûnder Namme him syn horloazje ôfnommen hat sûnder dat er it murken hat. De Man sûnder Namme jout dan oan Mortimer syn eigen revolver en seit tsjin El Indio: "No begjinne we." De muzyk spilet út en Mortimer en El Indio gripe nei harren revolvers. Mortimer is flugger en sjit de bindelieder dea.

Neitiid pakt Mortimer it bûshorloazje fan El Indio op. De Man sûnder Namme, dy't oan 'e binnenkant fan it klepke fan Mortimer syn horloazje in foto fan in folle jongere Mortimer bewûnderet, merkt de likenis tusken de jonge Mortimer en de frou op 'e foto yn it horloazje fan El Indio op. Mortimer befêstiget dat sa'n likenis net mear as normaal is, tusken broer en suster. No't er einlings en te'n lêsten wraak nommen hat, slacht Mortimer syn diel fan 'e preemje ôf en riidt fuort. De Man sûnder Namme loeget de liken fan El Indio en syn mannen op in wein, hellet it ferburgen jild fan 'e bankberôving foar it ljocht, en set ôf om in fermogen oan preemjes te ynkassearjen.

Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn For a Few Dollars More.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
de 'Man sûnder Namme' (of Manco) Clint Eastwood
kolonel Douglas Mortimer Lee Van Cleef
El Indio Gian Maria Volontè


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Niño Mario Brega
Groggy Luigi Pistilli
Chuchillo Aldo Sambrell
Wild Klaus Kinski
Hughie Benito Stefanelli
Sancho Pérez Panos Papadopoulos
slachtoffer fan El Indio
(de oarspronklike eigneresse fan syn bûshorloazje)
Rosemary Dexter

Nei it grutte súkses yn 'e Italjaanske bioskopen fan A Fistful of Dollars, woene regisseur Sergio Leone en syn nije produsint, Alberto Grimaldi, gau-gau oan 'e gong mei in soartgelikense film, dy't min ofte mear in ferfolch wurde moast. Dêrfoar hiene se ferlet fan 'e meiwurking fan 'e Amerikaanske akteur Clint Eastwood, dy't yn A Fistful of Dollars de haadrol fan 'e 'Man sûnder Namme' spile hie. Eastwood, lykwols, wie net samar ree om himsels fêst te lizzen foar in twadde film wylst er de earste noch net iens sjoen hie. Leone-en-dy hastigen har doe om 'e Italjaansktalige ferzje fan A Fistful of Dollars (de Ingelsktalige ferzje moast noch makke wurde) nei de Feriene Steaten te stjoeren.

Eastwood nûge in groep freonen fan sines út foar in besletten fertoaning yn it CBS Production Center yn Los Angeles, en om't er sels gjin idee hie hoe't de film derút kommen wie te sjen, besocht er de ferwachtings sa leech mooglik te hâlden. It waard lykwols al rillegau dúdlik dat syn soargen sûnder grûn west hiene. It publyk ferstie dan wol gjin Italjaansk, mar allinnich al op it mêd fan styl en aksje spriek de film boekdielen. Fuort nei ôfrin skille er Leone syn fertsjintwurdiger op om te sizzen dat er wol yn in twadde film spylje woe. Charles Bronson, lykwols, dy't ek in rol yn A Fistful of Dollars ôfwiisd hie, wegere op 'e nij in rol yn For a Few Dollars More. Neffens him wie it senario like min skreaun as dat fan 'e earste film. Ynstee waard doe foar de rol fan kolonel Mortimer de akteur Lee Van Cleef oanlutsen, foar wa't For a Few Dollars More syn grutte trochbraak betsjutte. Eastwood krige foar syn rol in salaris fan $50.000, wylst Van Cleef $17.000 fertsjinne.

It ferhaal fan For a Few Dollars More waard betocht troch Leone, Fulvio Morsella, Enzo dell'Aquila en Fernando di Leo, fan wa't de lêste beide net op 'e ôftiteling fan 'e film neamd wurde. Senarioskriuwer Luciane Vincenzoni skreau it skript yn njoggen dagen, mar Leone wie net ûnferdield gelokkich mei it resultaat fan dat flugge wurk. Earst gied er der sels oer gear, wêrnei't er letter ek Sergio Donati noch as senarioskriuwer ynsette, hoewol't dy lêste net op 'e ôftiteling fan 'e film fermeld stiet. De Ingelsktalige ferzje fan it senario waard letter troch Luciano Vincenzoni makke op basis fan 'e úteinlike Italjaansktalige ferzje. De produsint wie Alberto Grimaldi foar de filmstudio's Produzioni Europee Associati (PEA), Arturo González Producciones Cinematográficas (AGPC) en Contantin Film. De film wie dêrmei in Italjaansk-Spaansk-Westdútske ko-produksje. De kamerarezjy wie, krekt as by A Fistful of Dollars, yn 'e hannen fan Massimo Dallamano, en de filmmuzyk waard fersoarge troch komponist Ennio Morricone, dy't ek oan A Fistful of Dollars meiwurke hie. PEA die de filmdistribúsje yn Itaalje, wylst United Artists (UA) de film letter yn 'e Feriene Steaten distribuëarre.

Der wie foar For a Few Dollars More in budget beskikber fan $600.000, trije kear safolle as dêr't Leone A Fistful of Dollars fan meitsje moatten hie. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e Spaanske provinsje Almería, dêr't produksje-ûntwerper Carlo Simi midden yn 'e woastyn syn eigen ferzje fan El Paso boude. Dy bestiet noch altyd, en makket no diel út fan 'e toeristyske attraksje Mini Hollywood. It doarp 'Agua Caliente' dêr't de binde fan El Indio him nei de bankberôving weromlûkt, wie eins Albaricoques, in lytse pueblo blanco op 'e Flakte fan Níjar, ek yn Almería. De binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Cinecittà-studio's yn Rome. Krekt as by A Fistful of Dollars it gefal wie, bestie der op 'e set fan For a Few Dollars More in oansjenlike taalbarriêre, benammen tusken de Amerikaanske akteurs en de Italjaanske crew. Mei't ek regisseur Leone gjin Ingelsk spriek, ferrûn de kommunikaasje tusken him en Eastwood en Van Cleef fierhinne troch de tsjinsten fan akteur en stuntman Benito Stefanelli, dy't sawol Ingelsk as Italjaansk machtich wie.

Krekt as alle oare Italjaanske films út dy tiid waard For a Few Dollars More sûnder lûd opnommen, wêrnei't de dialooch ûnder de postproduksje yn 'e studio tafoege waard troch wat feitliks neisyngronisaasje wie. Op dy wize koene maklik twa ferskillende ferzjes fan 'e film makke wurde, in Italjaansktaligen en in Ingelsktaligen. Om't de measte akteurs beide talen machtich wiene, koene se beide ferzjes ynsprekke. De stimmen fan 'e personaazjes fan Eastwood en Van Cleef waarden yn 'e Italjaanske ferzje neisyngronisearre troch Italjaanske akteurs. Yn 'e Ingelske ferzje keas Van Cleef derfoar om syn eigen stim yn te sprekken mei it aksint fan Nij-Jersey, dêr't er hikke en tein wie, ek al wurdt yn 'e film mei safolle wurden sein dat kolonel Mortimer út 'e Karolina's komt.

For a Few Dollars More gie op 18 novimber 1965 yn 'e Italjaanske bioskopen yn premiêre ûnder de titel Per Qualiche Dollaro in Più, en die it dêr sels noch better as A Fistful of Dollars. Yn 'e Feriene Steaten gie de film pas op 10 maaie 1967 yn premiêre, nei't de Ingelsktalige ferzje makke wie. De film krige dêr yn 't earstoan midsmjittige resinsjes. Sa skreau de foaroansteande filmkritikus Bosley Crowther yn The New York Times: "It feit dat dizze film makke is om moardzjen goed te karren, om 'e klam te lizzen op it sweeslaan fan moardners en om blydskip op te wekjen út mâle manifestearrings fan 'e dea, is, nei myn miening, in skerpe oanklacht tsjin [dizze film] as sabeare fermaak fan tsjintwurdich." In oar ferneamd filmkritikus, Roger Ebert, beskreau For a Few Dollars More yn 'e Chicago Sun-Times as "it iene âlde westernklisjee nei it oare" en fûn fierders dat de film gearstald wie út sitewaasjes dy't net in gearhingjende plot foarmen.

Krekt as by A Fistful of Dollars it gefal wie, feroare de miening fan 'e filmkritisy meitiid ek oangeande For a Few Dollars More. Tsjintwurdich wurdt de film beskôge as ien fan 'e bêste westerns ea makke en in wiere klassiker. Ferskate hjoeddeistige kritisy fine For a Few Dollars More sels better as A Fistful of Dollars. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat For a Few Dollars More it tige hege goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De byhearrende konsensuskrityk seit: "Mei Clint Eastwood yn 'e haadrol, Ennio Morricone dy't de filmmuzyk docht, en Sergio Leone syn stylfolle rezjy, fertsjinnet For a Few Dollars More syn erkenning as sjenreklassiker." (A Fistful of Dollars hat op Rotten Tomatoes lykwols in noch heger goedkarringspersintaazje, fan 98%.)

Yn 'e Feriene Steaten brocht For a Few Dollars More yn 'e bioskopen $5 miljoen op. Yn 'e Itaalje die de film it noch better, en waard it tsjin 1967 de meast opbringende film aller tiden fan lykfol hokker nasjonaliteit. Yn Frankryk wie For a Few Dollars More yn 1966 de op seis nei populêrste film fan it jier. Yn totaal brocht de film wrâldwiid $15 miljoen op, wat, ôfset tsjin in budget fan $600.000 delkomt op in winst fan $14,4 miljoen. It súkses fan For a Few Dollars More joech yn 1966 oanlieding ta in troch de Italjaanske regisseur Lando Buzzanca makke parody, mei as titel For a Few Dollars Less ("Foar in Pear Dollars Minder")

Dollars Trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Dollars Trilogy.

For a Few Dollars More waard letter mei weromwurkjende krêft yn in filmsearje pleatst dy't bekendstiet as de Dollars Trilogy of de Man with No Name Trilogy. De oare beide dielen fan dy trilogy binne A Fistful of Dollars, út 1964, en The Good, the Bad and the Ugly, út 1966. Alle trije films waarden regissearre troch Sergio Leone, en yn alle trije films spile Clint Eastwood (ien fan) de haadrol(len) as de Man sûnder Namme. Ek komponist Ennio Morricone wurke mei oan alle trije films.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.