Ter Lune
Ter Lune of Terlune, eartiids ek wol bekend as Ter Luin(e) of Terluine, is in buorskip benoarden Kollum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Der steane trije pleatsen, dy't allegear oan de Terlunewei lizze. Oan deselde wei leit yn bytsje súdliker de wiel Sânwielen. De buorskip hat sûnt 2013 nammebuordsjes.
Blokhûs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Hûs ter Lune (ek: Die Lune of Ter Luin) wie in kastiel oan it Dokkumer Djip, east fan Kollum, dat yn 1398 as blokhûs stifte waard troch Albrecht fan Beieren.
It waard fersterke troch Willem fan Oostervant yn 1399. Fan hjirút waarden de Ommelannen bedrige. Lune is in wetternamme mei in ûnbekende betsjutting. Benoarden Warten rint bygelyks de Alde Lune.
De kaart fan Schotanus (1698/1718) jout it plak fan Terluyne deun oan de dyk fan de meast súdlike bocht fan it Dokkumer Djip, dat ûnder Aldwâld falt. Andrae fernijt yn 1877 de fynst fan oerbliuwsels fan in slús by it dollen fan de Nije Swemmer. It blokhûs soe by in syl yn de seedyk boud wêze. De koperen bekkens dêr't de slúsdoarren yn draaiden waarden oan it Frysk Kabinet fan Aldheden skonken neffens Andreae.
Pleats Terlune
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de kadastrale minútkaart fan 1823 komt in stjelp mei de namme Terlune foar. Op in perseel eastlik dêrfan, mei in grêft rûnom, stie ek in pleats. Andreae sei dat op dat plak in protte âlde friezen (kleastermoppen) fûn binne en dat dêr it blokhûs socht wurde moat. Wis is dit lykwols net.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|