Springe nei ynhâld

Firginia

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 mrt 2024 om 17.53 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Mienebêst Firginia
Commonwealth of Virginia
flagge wapen
Sic semper tyrannis
(Latyn, "Alsa jimmer oan tirannen")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting VA
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1788)
haadstêd Richmond
grutste stêd Virginia Beach
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 8.326.289 (2014)
befolkingstichtens 79,8 / km²
oerflak 110.785,7 km² (7,4% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Old Dominion State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.virginia.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Firginia. Foar oare betsjuttings, sjoch: Firginia (betsjuttingsside).

Firginia (Ingelsk: Virginia; útspr.: [vəɹ'ʤɪɲə], likernôch "w'rdzjinje"), offisjeel it Mienebêst Firginia (Ingelsk: Commonwealth of Virginia), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Firginia, byneamd de Old Dominion State of koartwei it Old Dominion, leit yn it easten fan it lân oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Richmond, mar de grutste stêd is Virginia Beach. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 8,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 12e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Firginia mei krapoan 111.000 km² de 35e steat. Firginia stiet bekend om syn (foar Amerikaanske begripen) lange skiednis, om syn neite ta de Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C., om it Pentagon en it Nasjonaal Begraafplak Arlington, en om 'e liedende rol dy't de steat spile yn 'e Konfederearre Steaten fan Amearika ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch.

Firginia kaam oan syn namme doe't it yn 1584 troch Ingelske ûntdekkingsreizgers foar de Ingelske Kroan yn besit nommen waard. It is net alhiel dúdlik wêr't de namme op basearre wie. Der wurdt faak foar wier ferteld dat it ôflaat wie fan 'e bynamme fan keninginne Elizabeth I fan Ingelân, dy't har the Virgin Queen ("de Keninginne yn Fammesteat") neame liet, in ferwizing nei de myte dat hja har hiele libben faam bleaun wêze soe. In oare teory is dat de earste Ingelske ûntdekkingsreizgers fûnen dat it sa'n ûnoantaast gebiet wie, as in faam, yn it Latyn virgina. Noch wer in oare teory is dat de namme ôflaat is fan in namme of oantsjutting yn in lânseigen taal: Wingandoacoa of Wingina.

In reliëfkaart fan Firginia, mei fan east nei west de fiif geografysk-geologyske regio's fan 'e steat: de Tidewaterflakte; it heuvelige foarlân fan 'e Appalachen; it Blue Ridge-berchtme; de bergen en dellingen fan 'e binnenste Appalachen; en it Cumberlandplato.

Yn elts gefal is Firginia mei Kentucky, Massachusetts en Pennsylvania ien fan fjouwer Amerikaanske steaten dy't harsels "mienebêst" neame. Lykwols hat dat gjin inkele juridyske betsjutting, mar komt it allinnich fuort út in histoaryske ûntwikkeling. De bynamme the Old Dominion krige de steat yn 'e koloniale tiid fan kening Karel II fan Ingelân, om't de koloanje Firginia ûnder de Ingelske Boargeroarloch de monargy trou bleaun wie.

Firginia hat in oerflak fan 110.785,7 km², wêrfan't 7,4% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), en grinzget oan 'e steat Noard-Karolina yn it suden; de steat Tennessee yn it uterste súdwesten; de steat Kentucky yn it uterste westen, de steat West-Firginia yn it westen en noardwesten; en de steat Marylân en it federale Distrikt Kolumbia, dêr't de Amearikaanske haadstêd Washington, D.C. leit, yn it noarden. De súdgrins fan 'e Firginia is in rjochte line dy't eins persiis op 36°30′ noarderbreedte lizze moatte soe, hoewol't er dêr troch flaters makke troch de oarspronklike lânmjitter soms in hiel stik fan ôfwykt. It ferrin fan 'e grins mei Tennessee waard pas yn 1893 fêstlein, doe't dy kwestje beslist waard troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf. De noardgrins mei Marylân en it Distrikt Kolumbia folget de leechwetterline oan 'e súdlike igge fan 'e rivier de Potomac.

Mingd wâld mei op 'e efter- grûn it Blue Ridge-berchtme.

Yn it easten wurdt Firginia begrinzge troch de Atlantyske Oseaan, en it leechste punt fan 'e steat is it strân oan 'e Atlantyske kust. It noardlike twatrêde part fan 'e kustline leit eins oan 'e Chesapeakebaai, dat in see-earm fan 'e oseaan is dy't nei it noarden en noardwesten ta Noard-Amearika ynkringt en it fêstelân skiedt fan it Delmarva-skiereilân. Op 'e súdpunt fan dat skiereilân, dat fierders ta it grûngebiet fan 'e steaten Marylân en Delaware heart, lizze twa countys fan Firginia, dy't de saneamde Eastkust fan Firginia foarmje. Mei't in grut part fan 'e rivieren fan Firginia yn 'e Chesapeakebaai útmûnje, wêrûnder de Potomac, de James, de Susquehanna, de Rappahannock en de York, bestiet de Firginiaanske kustline dêre út trije grutte skiereilannen, dy't nei it súdeasten ta útstekke yn 'e baai. Fan noard nei súd binne dat de Northern Neck, it Middelskiereilân en it Firginia-skiereilân.

Geografysk en geologysk kin Firginia opdield wurde yn fiif regio's, dy't fan east nei west troch de steat rinne. De Tidewaterflakte is in leechlân dat in brede stripe grûn by de Atlantyske kust lâns beslacht en dêr't ek de Eastkust fan Firginia ta heart. Westlik dêrfan leit it heuvelige foarlân fan 'e Appalachen, dat yn it Ingelsk de Piedmont neamd wurdt. Dêrta hearre ek de Súdwestlike Bergen yn 'e krite om Charlottesville hinne. Noch fierder nei it westen rint yn in smelle line it Blue Ridge-berchtme, de eastlike berchrige fan 'e Appalachen, fan it súdwesten nei it noarden dwers troch de steat. Yn dy krite leit it heechste punt fan Firginia, de berchtop fan 'e Mount Rogers, dy't 1.746 m boppe seenivo útstiket. Efter dy berchkaam lizze de legere bergen en dellingen fan 'e binnenste Appalachen, en it uterste westen fan 'e steat omfiemet noch in stikje fan it Cumberlandplato. Der is yn Firginia ien federaal Yndianereservaat, te witten it Pamunky Yndianereservaat.

Yndianereservaten yn Firginia.

De ierste Yndiaanske bewenners setten har omtrint 10.000 f.Kr. op it grûngebiet fan it tsjintwurdige Firginia nei wenjen. Tsjin 3000 f.Kr. ûntstiene der de earste permaninte delsettings, en omtrint 900 nei Kr. begûn men der gewaaksen te ferbouwen. Tsjin 1500 hiene Algonkwynske folken op 'e Tidewaterflakte lytse stedsjes stifte, lykas Werowocomoco. Yn dyselde tiid waard it westen fan Firginia bewenne troch Sûaanske folken, en it uterste noarden en it suden troch Irokeeske folken. Nei 1570 ferienen de Algonkwinen út 'e midden en it eastlike part fan Firginia har ûnder lieding fan it opperhaad Powhatan fierhinne yn 'e Pouhattan-konfederaasje. Dat steatsferbân bestie út stammenn dy't in mienskiplike taal dielden, it Firginiaansk-Algonkwynsk, en omfette mear as 150 delsettings. Yn 1607 moat it in befolking fan 13.000 oant 14.000 minsken hân hawwe.

De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't Firginia oandiene, wiene de leden fan ferskate ekspedysjes dy't yn 'e sechstjinde iuw de kusten fan 'e Chesapeakebaai ferkenden, wêrûnder in groep Spaanske jezuïten. Yn 1583 skonk keninginne Elizabeth I fan Ingelân oan admiraal Walter Raleigh by oarkunde it rjocht om noardlik fan Spaansk-Floarida in koloanje te stiftsjen. It jiers dêrop stjoerde Raleigh in ekspedysje nei de eastkust fan Noard-Amearika, dy't ûnder de namme 'Virginia' dat hiele gebiet, fan Súd-Karolina oant Maine plus it eilân Bermuda, foar de Ingelske Kroan yn besit naam. Nei't de iere koloanje te Roanoke, yn Noard-Karolina, op mysterieuze wize ferdwûn, kaam de kolonisaasje fan it gebiet lykwols suver in fearnsiuw stil te lizzen.

Pocahontas rêdt it libben fan John Smith.

Pas yn 1607 waard it op 'e nij besocht, doe't de Londenske Kompanjy de koloanje Jamestown op 'e kust fan Firginia stifte. Dy nije koloanje wie ferneamd nei kening Jakobus I "James" fan Ingelân, en de oanfierder fan 'e kolonisten wie in Christopher Newport. Ut 'e iere dagen fan 'e nije koloanje komt it (sterk romantisearre) ferhaal fan Pocahontas, de dochter fan it opperhaad Powhatan, dy't út leafde it libben rêden hawwe soe fan 'e Ingelske kolonist John Smith. Yn 1619 waard it Hûs fan de Boargers oprjochte, in parlemint dat noch altyd bestiet (no as de steatssenaat fan Firginia), en dat dêrmei de âldste wetjaande macht fan it westlik healrûn is. Doe't de Londenske Kompanjy yn 1634 fajyt gie, waard de koloanje oernommen troch de Ingelske Kroan.

It libben yn 'e koloanje wie nuodlik, en mannich in kolonist kaam om yn 'e Hongertiid fan 1609 en ûnder de Pouhattan-oarloggen, yn 't bysûnder by it Yndiaanske Bloedbad fan 1622, dat de kolonisten in negative miening oer alle Yndianen joech. Tsjin 1624 wiene der fan 'e oarspronklike 6.000 kolonisten noch mar 3.400 oer. De koloanje waard lykwols rêden troch de almar fierder oanwaaksende Jeropeeske fraach nei tabak, in plant dy't fan natuere yn Firginia foarkaam en dêre ûnder it hearskjende klimaat florearre. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw begûn ek katoen hieltyd wichtiger te wurden as eksportprodukt.

It gûverneurspaleis yn it iepenloftmuseum Colonial Williamsburg.

It gefolch wie de oankomst fan nije groepen kolonisten en harren tsjinstfolk. It arbeidstekoart waard oplost troch de ynfiering fan in systeem wêrby't kolonisten foar eltse kontraktarbeider dy't se op eigen kosten oerkomme lieten út Jeropa, der in stik lân op ta krigen. Sokke kontraktarbeiders hiene it amper better as slaven, mar as se mei sân jier harren kontrakt úttsjinne hiene, wiene se wer folslein frij, en koene se in nij bestean opbouwe yn Firginia. Se wiene lykwols te earm om sels de oertocht nei Amearika betelje te kinnen, wat de reden wie dat se ynstimd hiene mei harren kontraktearring. De earste Afrikanen arrivearren yn 1619 ek as kontrakarbeiders yn 'e koloanje Firginia. Pas folle letter ferskode it systeem fan kontraktarbeid nei slavernij, in ûntwikkeling dy't sterk yn 'e hân wurke waard troch de feroardieling, yn 1640, fan John Punch, in kontraktarbeider dy't besocht hy út te naaien, ta libbenslange slavernij. Neitiid kamen sokke feroardielings faker foar, wêrnei't yn 1661-1662 de wet feroare waard om derfoar te soargjen dat slavernij fia de mem fan âlder op bern oerdroegen waard.

Spannings en geografyske ferskillen tusken de arbeiders en plantaazje-eigners laten yn 1676 ta Bacons Rebûlje. Tsjin dy tiid makken kontraktarbeiders en eardere kontraktarbeiders sa'n 80% fan 'e befolking fan 'e koloanje út. De opstannelingen, dy't foar in grut part fan 'e westlike foargrins fan Firginia kamen, kanten har ek oan tsjin gearwurking mei Yndiaanske folken. Sadwaande resultearre de opstân yn 'e ûndertekening te Middle Plantation fan it Ferdrach fan 1677, dat fan 'e Yndiaanske stammen dy't har derby oansleaten fazallen fan 'e koloniale oerheid makke. Dy ûntwikkeling makke diel út fan in groeiend patroan fan it ôfnimmen fan lân fan 'e Yndianen troch ferdraggen en as dat net slagge, troch geweld. Yn 1693, doe't it de status fan haadstêd fan 'e koloanje Firginia krige, waard Middle Plantation omnamme ta Williamsburg, nei de kening-steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau.

Mount Vernon, de plantaazje fan George Washington.

Yn 1747 foarme in groep lânspekulators út Firginia de Ohiokompanjy, dy't mei stipe fan 'e Britske Kroan úteinsette mei de Ingelske kolonisaasje fan it Ohiolân bewesten de Appalachen. Mei't dy krite ûnderdiel wie fan 'e Frânske koloanje Nij-Frankryk, late dat ta de Frânske en Yndiaanske Oarloch, dy't it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch (1756-1763) yn Jeropa waard. In koloniale milysje gearstald út ferskate Britske koloanjes focht ûnder de namme fan it Firginiarezjimint mei tsjin 'e Frânsen. Dat rezjimint waard oanfierd troch in Firginiaanske plantaazje-eiger dy't George Washington hiet.

Unôfhinklikheidsoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besykjen fan it Britske Parlemint om nei ôfrin fan 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch nije belestings te heffen, wie yn 'e Amerikaanske koloanjes tige ympopulêr. Yn Firginia waard de opposysje tsjin sokke belesting sûnder fertsjintwurdiging (de koloanjes wiene net fertsjintwurdige yn it Britske Parlemint) yn it Hûs fan de Boargers oanfierd troch Patrick Henry en Richard Henry Lee. Fia it Komitee fan Briefkerij begûnen hja yn 1773 harren aksjes te koördinearjen mei de politike lieders yn 'e oare koloanjes, en it jiers dêrop waard it Kontinintaal Kongres oprjochte, dêr't fertsjintwurdigers út trettjin Britske koloanjes yn Noard-Amearika sit yn hiene. Nei't it Hûs fan de Boargers yn 1774 troch de keninklike gûverneur ûntbûn waard, beholden de revolúsjonêre lieders it bestjoer oer Firginia fia yllegale gearkomsten dy't de Firginiaanske Konvinsjes neamd waarden.

De Christ Church yn Alexandria, dêr't sawol George Washington as Robert E. Lee tsjerke.

Op 15 maaie 1776 rôp de Konvinsje de ûnôfhinklikheid fan Firginia út, en waard de Firginiaanske Rjochteferklearring oannommen, dy't opsteld wie troch George Mason. In oare Firginiaan, Thomas Jefferson, borduerre op Mason syn wurk fuort by it opstellen fan 'e nasjonale Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring. Doe't yn 1774 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch begûn, waard de Firginiaan George Washington oansteld as haad fan it opstannige Kontinintale Leger, dat gearstald wie út 'e milysjes fan 'e trettjin koloanjes. Under de oarloch waard op oantrún fan gûverneur Thomas Jefferson de haadstêd fan Firginia ferpleatst fan Williamsburg nei Richmond, mei't Williamsburg, troch syn lizzing oan 'e kust, kwetsber wie foar oanfallen troch de Britske marine.

Yn 1781 wist it Kontinintale Leger, yn gearwurking mei in Frânsk ekspedysjeleger, it Britske leger yn Noard-Amearika yn te sluten op it Firginia-skiereilân. Dêr waarden de Britten, ûnder generaal Charles Cornwallis, by it Belis fan Yorktown einlings en te'n lêsten beslissend ferslein troch George Washington en de Frânske greve fan Rochambeau. De oerjefte fan Cornwallis late ta fredesûnderhannelings yn Parys, wêrmei't yn 1783 de ûnôfhinklikheid fan 'e Feriene Steaten feilichsteld wurde koe.

Noardlike soldaten oan it front by Fredericksburg, yn Noardlik Firginia, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch.

Neitiid spilen ferskate Firginianen in wichtige rol by it skriuwen fan 'e Amerikaanske Grûnwet. James Madison stelde yn 1789 de Bill of Rights op, en op 25 juny 1788 ratifisearre Firginia de Grûnwet, wêrmei't it de tsiende steat fan 'e Amerikaanske Uny waard. It Kompromis fan Trijefyfde Part, as gefolch wêrfan't slaven foar trijefyfde part (yn ferhâlding ta frije lju) meiteld waarden yn it fêststellen fan it tal sitten yn it Amerikaanske Kongres dêr't in steat rjocht op hie, bewissige dat Firginia, mei syn grutte tal slaven, yn 't earstoan de grutste groep fertsjintwurdigers yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hie. Yn 'e mande mei de saneamde Firginiaanske dynasty fan Amerikaanske presidinten (George Washington, Thomas Jefferson, James Madison en James Monroe) makke dat, dat Firginia lange tiid it wichtichste part fan 'e Feriene Steaten wie.

Yn 1790 joegen Firginia en de buorsteat Marylân beide in lyts diel fan harren grûngebiet op sadat it Distrikt Kolumbia foarme wurde koe, dêr't de nije federale haadstêd Washington, D.C. boud waard (dy't net yn ien fan 'e steaten lizze mocht). It Firginiaanske diel waard lykwols yn 1846 weromjûn, sadat it hjoeddeiske Distrikt Kolumbia inkeld gebiet omfiemet dat oarspronklik by Marylân hearde. Yn 1792 joech Firginia, dat neffens de oarspronklike koloniale oarkunde yn prinsipe nei it westen ta trochrûn oant de Stille Oseaan, syn oanspraken op it fierdere binnenlân op, sadat dêr de steat Kentucky stifte wurde koe. Fanwegen it ûntstean fan in stikmannich steaten fanút Firginia (behalven Kentucky û.m. Ohio en West-Firginia), wurdt Firginia ek wol de Mother of States ("Mem fan de Steaten") neamd.

It Pentagon, yn Arlington, de sit fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje.

Behalven foar tabaksbou en oare foarmen fan lânbou waarden slaven yn it Firginia fan 'e Antebellumperioade ek almar mear ynset yn 'e mynbou, skipsbou en oare tûken fan yndustry. De eksekúsje fan Gabriel Prosser yn 1800, de Slave-opstân fan Nat Turner yn 1831 en de Oerfal op Harpers Ferry, dêr't it federale arsenaal fêstige wie, troch in groep radikale abolysjonisten ûnder lieding fan John Brown yn 1859 wiene wichtige ûntwikkelings dy't deroan bydroegen dat de maatskiplike ûnfrede oer it ynstitút fan 'e slavernij en de rol dy't dat spile yn 'e plantaazje-ekonomy almar grutter waard. Tsjin 1860 bestie rûchwei 31% fan 'e befolking fan Firginia, hast in heal miljoen minsken, út slaven.

It wiene lykwols benammen ekonomyske tsjinstellings tusken de Noardlike yndustrysteaten en it fierhinne agraryske Suden dy't de direkte oanlieding foarmen ta it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch op 12 april 1861. Tsjin dy tiid hiene sân Súdlike steaten har al ôfskaat fan 'e Feriene Steaten en harren eigen Konfederearre Steaten fan Amearika foarme. Doe't presidint Abraham Lincoln nei it begjin fan 'e Slach om Fort Sumter, in militêre fêsting yn 'e haven fan Charleston, yn Súd-Karolina, de mobilisaasje ôfkundige, wie dat foar Firginia reden om it foarbyld fan 'e oare steaten te folgjen en him op 17 april ôf te skieden. Op 24 april sleat de steat him by de Konfederaasje oan, wêrnei't de Firginiaanske haadstêd Richmond de nasjonale haadstêd fan 'e hiele Konfederaasje waard. Dat betsjutte dat de Noardlike en Súdlike haadstêden op mar 160 km ôfstân faninoar leine.

It Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C.

Neitiid joegen har noch trije oare steaten by de Konfederaasje, sadat dy úteinlik út alve steaten bestie. Marylân, fuort benoarden Firginia, dat eins ek in Súdlike, slavehâldende steat wie, waard lykwols fan ôfskieding wjerholden troch Noardlike troepen, mei as gefolch dat Noardlik Firginia yn 'e Boargeroarloch oan it front kaam te lizzen en ien fan 'e swierst troch oarlochsgeweld en ferwuostgings troffen kriten fan it hiele lân waard. In oar gefolch fan 'e ôfskieding fan Firginia wie dat 48 countys mei Noardlike sympatyen yn it noardwestlike part fan 'e steat har yn it neijier fan 1861 op 'e Konvinsje fan Wheeling besleaten ôf te skieden fan Firginia, om 'e nije steat West-Firginia te stiftsjen, dy't yn 1863 formeel ta de Amerikaanske Uny talitten waard.

Yn 1862 naam de Firginiaanske generaal Robert E. Lee it befel oer it Konfederearre Leger fan Noardlik Firginia oer, in kommando dat er de rest fan 'e Boargeroarloch behâlde soe. Lee fierde ferskate ynfaazjes op Noardlike grûngebiet út, mar it meastepart fan 'e oarlochshannelings fûn binnen de grinzen fan Firginia plak. Guon fan 'e grutskalichste treffens yn 'e steat wiene de Earste Slach by Bull Run, de Sândeiske Slach, de Slach by Chancellorsville en de Slach yn de Wyldernis. Ek it lêste treffen fan 'e oarloch, de Slach by it Gerjochtsgebou fan Appomattox, fûn yn Firginia plak. Nei de Fal fan Richmond, begjin april 1865, waard de steatshaadstêd ferpleatst nei Lynchburg, wylst it regear fan 'e Konfederaasje de wyk naam nei Danville. Op 9 april 1865 tekenen Robert E. Lee en de Noardlike legerkommandant Ulysses S. Grant yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox de oerjefte fan Lee syn leger, wat de ein fan 'e Konfederaasje betsjutte.

It haadkertier fan 'e krante USA Today, yn McLean (Firginia).

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch, ûnder it Tiidrek fan de Weropbou, doe't de slavernij krekt ôfskaft wie, naam Firginia in grûnwet oan dy't tagong ta it ûnderwiis fergees makke en dy't politike rjochten, boargerrjochten, en algemien stimrjocht foar manlju garandearre. De steat waard yn 1870 wer formeel lid fan 'e Feriene Steaten, troch it krewearjen fan 'e Kommisje fan Njoggen. De populistyske Oanpasserspartij (Readjuster Party) bestjoerde de steat mei in politike koälysje dy't foar eltsenien iepenstie, oant de troch konservative blanken behearske Demokratyske Partij yn 1883 wer oan 'e macht kaam.

Fan dy tiid ôf naam it steatskongres ferskate wetten oan dy't it swarte folksdiel fan it blanke skate. Yn 1902 waard de steatsgrûnwet sa werskreaun dat men fan dy tiid ôf in beskate mjitte oan belesting betelje moast om stimme te meien, wat it foar swarten en earme blanken ûnmooglik makken om diel te nimmen oan ferkiezings, hoewol't se yn prinsipe wol it stimrjocht hiene. Tagelyk waarden ek ferskate oare stimrjochtbeheinende maatregels trochfierd.

Underwilens hiene ek ekonomyske faktoaren ynfloed op 'e ûntwikkeling fan Firginia. Yn 1880 fûn de Firginiaan James Albert Bonsack in masine út dy't sigaretten rôlje koe, wat ta in hiele nije yndustry late (de sigarette-yndustry) mei grut tal fabriken yn 'e omkriten fan Richmond. Yn 1886 rjochte de spoarmagnaat Collis Potter Huntington yn Newport News de skipswerf Newport News Shipbuilding op, dy't tusken 1907 en 1923 seis grutte slachskippen boude foar de Amerikaanske Marine. Under de Earste Wrâldoarloch foelen Dútske ûnderseeboaten de skipfeart fuort bûten Newport News oan.

Utsjoch op Norfolk, de twadde stêd fan Firginia.

Yn 1926 sette dû. W.A.R. Goodwin mei finansjele stipe fan 'e oaljemagnaat John D. Rockefeller jr. útein mei de restauraasje fan histoaryske gebouwen út koloniale tiidrek yn Williamsburg. Nettsjinsteande it feit dat it projekt te lijen hie ûnder de Grutte Depresje en de Twadde Wrâldoarloch ûntjoech it iepenloftmuseum Colonial Williamsburg him dochs ta in wichtige toeristyske attraksje. Tusken 1913 en 1940 teach ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing in grut part fan 'e swarte befolking út Firginia wei, op 'e siik nei in better libben yn 'e yndustrystêden fan it noarden, lykas Philadelphia, Baltimore, New York, Washington, D.C., Detroit, Cleveland en Chicago.

In protest tsjin segregearre ûnderwiis dêr't Barbara Rose Johns yn 1951 yn Farmville mei úteinsette, late ta de rjochtsaak Davis v. County School Board of Prince Edward County. Dy saak, oanbrocht troch de Richmonders Spottswood Robinson en Oliver Hill, waard yn 1954 beslist mei in útspraak yn in oare rjochtsaak, Brown v. Board of Education, wêryn't de segregative doktrine fan "apart mar gelikens" ôfwiisd waard. Yn 1958 fierde de steat Firginia, ûnder oanfiering fan 'e ynfloedrike rasistyske senator Harry F. Byrd, lykwols it belied fan "massive wjerstân" yn, wêrby't der in ferbod op oerheidsstipe oan desegregearre skoallen ôfkundige waard.

It Tinkteken foar de Boargerrjochte-beweging, yn Richmond, dat yn 2008 ûntbleate waard.

Yn 'e 1960-er jierren woeks de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging fluch oan. It slagge om op federaal nivo de Boargerrjochtewet fan 1964 en de Stimrjochtwet fan 1965 oannommen te krijen. Dêrop oardere it Amerikaansk Heechgerjochtshôf alle countys yn Firginia om 'e skoallen te yntegrearjen. Yn 1967 makke it Heechgerjochtshôf yn 'e saak Loving v. Virginia ek koarte metten mei it Firginiaanske steatsferbod op ynterrasiale houliken. Fan gefolgen werskreau it steatskongres ûnder lieding fan gûverneur Mills Godwin tusken 1969 en 1971 de steatsgrûnwet. Yn 1989 wie Douglas Wilder de earste Afro-Amerikaan dy't yn Firginia (en yn 'e hiele Feriene Steaten) ta gûverneur keazen waard.

De taname fan útjeften op it mêd fan definsje ûnder de Kâlde Oarloch late ta in ekonomyske opgong yn Noardlik Firginia en yn 'e skipswerven en marinebases oan 'e Firginiaanske kust. Yn dy kriten naam yn dyselde snuorje de befolking ek navenant ta. Behalven de definsje-yndustry soargen ek plysje- en spionaazje-aktiviteiten ûnder de Kâlde Oarloch yn Firginia foar banen, mei't de bûtenlânske feilichheidstsjinst CIA syn haadkertier yn Langley fêstige, wylst de nasjonale resjersje FBI in grut opliedingsynstitút yn Quantico oanlei. Dêropta wie ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn Arlington, krekt oan 'e Firginiaanske kant fan 'e grins bûten Washington, D.C., it Pentagon boud, dat de sit waard fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. Dat mânske gebou wie op 11 septimber 2001 ien fan 'e doelwiten fan 'e 9/11-oanslaggen. Terroristen fan Al-Qaida boarren dêrby in ferkearsfleantúch yn it Pentagon, wêrby't 189 minsken omkamen.

It Steatskapitoal fan Firginia.

Firginia bestiet bestjoerlik út 95 countys en 39 saneamde ûnôfhinklike stêden. De steatshaadstêd, Richmond, is sa'n ûnôfhinklike stêd. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Firginia bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan de Algemiene Assimblee fan Firginia, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 40 sitten en it Steatshûs fan Delegearren mei 100 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Firginia, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Firginia 11 sitten.

It politike lânskip fan Firginia wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige behyplike rol. Oarspronklik wie Firginia sterk op 'e hân fan 'e Demokraten, oant dy yn 'e 1950-er en 1960-er almar progressiver waarden. Dêrnei ferskode it grutste part fan it Firginiaanske elektoraat nei de hieltyd konservativer wurdende Republikeinen. Troch de befolkingsgroei yn 'e stêden, dêr't men oer it algemien folle foarútstribjender is as op it plattelân, is Firginia lykwols sûnt 2000 wer yn it Demokratyske kamp bedarre. Fral de oanhâldende oanwaaks fan 'e foarstêden fan Washington, D.C., yn Noardlik Firginia, is sterk debet oan dy ûntwikkeling.

Strântoerisme by Virginia Beach.

Yn 2013 bedroech it bruto steatsprodukt fan Firginia $452 miljard. Neffens it Amerikaanske Buro foar Ekonomyske Analyze hie Firginia dat jiers fan alle Amerikaanske steaten de measte countys yn 'e top 100 fan 'e rykste countys fan 'e Feriene Steaten, wêrûnder guon dy't it earste, twadde en trêde plak op dy ranglist ynnamen. Dêrby moat wol oantekene wurde dat Noardlik Firginia, en yn 't bysûnder de foarstêden fan 'e federale haadstêd Washington, D.C., fierwie it heechste gemiddelde ynkommen fan 'e hiele steat hawwe, wylst de countys yn 'e Appalachen, fral yn Súdwestlik Firginia, in hiel ein efterop komme.

De agraryske sektor hat 32% fan it oerflak fan Firginia yn gebrûk, mar omfiemet mar sa'n 7% fan 'e beropsbefolking fan 'e steat. De wichtichste lânbouprodukten binne tomaten, soajabeane en pinda's. De fiskerij moat it benammen hawwe fan mantels, oesters, blauwe swimkrabben en moksels. Op it mêd fan 'e yndustry is fral yn Noardlik Firginia in grut tal high-techbedriuwen fêstige. Fierders binne der yn Firginia in protte ûndernimmings fêstige op it mêd fan 'e wapenyndustry en oare definsje-relatearre bedriuwen, wylst der ek in protte minsken direkt yn 'e tsjinst steane fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, benammen yn 'e foarstêden fan Washington, D.C. en op 'e marinebases yn Norfolk, oan 'e súdeastkust, en Newport News, op it Firginia-skiereilân.

Libbene skiednis yn it iepenloftmuseum Colonial Williamsburg.

Likernôch in trêdepart fan 'e beropsbefolking is wurksum yn 'e tsjinstesektor. Firginia is net ien fan 'e meast toeristyske Amerikaanske steaten, mar dochs komt der elts jier in oansjenlik tal fakânsjegongers op ôf, û.m. foar it strântoerisme oan 'e Atlantyske kust, dêr't de ekonomy fan Virginia Beach fierhinne op draait, mar ek om it iepenloftmuseum Colonial Williamsburg, it Nasjonaal Begraafplak Arlington en de slachfjilden fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch te besykjen.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Firginia yn 2014 8.326.289 ynwenners, wat in groei fan 4,07% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 79,8 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Virginia Beach, mei goed 448.000 ynwenners yn 2011. Oare gruttere stêden binne: Norfolk (246.000), Chesapeake (231.000), Arlington (225.000), de steatshaadstêd Richmond (214.000), Newport News (182.000) en Alexandria (149.000).

Befolkingstichtens yn Firginia.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Firginiaanske befolking doe sa: 63,1% blanken; 19,7% swarten; 8,9% Latino's; 6,3% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,4% oaren of fan mingd etnysk komôf. Blanke Firginianen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (11,7% fan 'e totale steatsbefolking), Ingelsen (10,7%), Ieren (9,8%) en Angelsaksyske Amerikanen (9,7%).

De Afro-Amerikanen fan Firginia stamje foar it meastepart ôf fan slaven dy't yn 'e koloniale perioade oanfierd waarden út wat no Angoala en súdlik Nigearia is. De grutste etnyske groep ûnder dy slaven waard foarme troch de Ibo fan Nigearia. Mank de Aziaten binne de grutste groepen de Fjetnamezen, dy't har oan 'e ein fan 'e Fjetnamoarloch, mids 1970-er jierren, fral yn Noardlik Firginia nei wenjen setten, de Koreänen, dy't oer it algemien resintere ymmigranten binne, en de Filipino's, dy't benammen konsintrearre binne oan 'e súdeastkust, en wêrfan't in grut tal bannen hat mei de Amerikaanske Marine.

Grutste ôfstammingsgroepen per county:
     Dútsers
     Ingelsen
     Ieren
     Angelsaksyske Amerikanen
     Afro-Amerikanen.

Yn 2015 krige yn Firginia de earste Yndianestamme federale erkenning, nammentlik:

Fierders binne der 12 stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:

De offisjele taal fan Firginia is it Ingelsk, dat yn 1981 en jitris yn 1996 by wet as sadanich fêstlein waard. Dy offisjele status makket lykwols gjin ûnderdiel út fan 'e steatsgrûnwet fan Firginia. Neffens gegevens op basis fan in enkête fan 'e Modern Language Association, út 2010, wie it Ingelsk doe foar 85,9% fan 'e befolking fan Firginia de memmetaal. Oare wichtige talen wiene it Spaansk (6,4% of 470.000 minsken), it Koreaansk (0,8% of 57.000 minsken), it Fjetnameesk (0,6% of 46.000 minsken), it Sineesk (0,6% of 42.000 minsken) en it Filipynsk (0,6% of 41.000 minsken).

It Piedmont-dialekt fan it heuvelige foarlân fan 'e Appalachen stiet bekend om 'e grutte ynfloed dy't it útoefene hat op 'e ûntwikkeling fan it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk. Yn 'e stêden fan Firginia wurdt in foarm fan Amerikaansk-Ingelsk sprutsen mei minder Súdlike skaaimerken. Dêrnjonken besteane der ferskate oare regionale farianten, wêrûnder it Tidewater-aksint, it Aldfirginiaansk aksint en it argaysk oandwaande Elizabetaansk-Ingelsk fan it eilân Tangier, yn 'e Chesapeakebaai.

Arlington, ien fan 'e foarstêden fan Washington, D.C.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 76% fan 'e befolking fan Firginia út kristenen, wêrûnder 65% protestanten en 11% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene Súdlike Baptistekonvinsje en de Feriene Metodistyske Tsjerke. Ateïsten en agnosten foarmen 18% fan 'e befolking. Fan 'e oare godstsjinsten omfiemen it boedisme, it hindoeïsme en it joadendom allegear likernôch 1% fan 'e Firginiaanske befolking, en de islaam 0,5%.

Firginia hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte, neare simmers, kâlde winters en mylde oergongsjiertiden. Wat fierder súdlik oft men komt, wat waarmer en fochtiger oft it wurdt. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan boppe de 30 °C net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant ûnder it friespunt, benammen nachts. Rekôrtemperatueren wiene 46 °C op 15 july 1954 yn Balcony Falls, en –34 °C op 22 jannewaris 1985 te Mountain Lake. Delslachhoemannichten rinne útinoar, mar bedrage trochinoar sa'n 1.080 mm. Benammen oan 'e Atlantyske kust wurdt it waar sterk beynfloede troch de Golfstream, dy't út it suden wei by Firginia lâns giet en waarm wetter út it Karibysk Gebiet meifierd, mar ek ferskate orkanen yn 't jier bringt. Fierders wurdt Firginia jiers troffen troch yn trochsneed 7 tornado's, mar dat binne oer it algemien tige lichten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje