Wynmotor Twellingea 2
De Wynmotor Twellingea 2 is in poldermole beëasten it twillingdoarp Toppenhuzen/Twellingea yn de gemeente Wymbritseradiel.
Dizze mole is in mealreeë Amerikaanske wynmotor fan it merk Herkules, dy't makke waard by de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden. Hy hat in wynrêd fan 12 blêden en in diameter fan 5,5 meter. De mole waard yn 1920 boud oan de Doltesleat foar de bemealing fan de Geaupolder, in simmerpolder ten easten fan Toppenhuzen, tsjintwurdich in natoergebiet dat eigendom is fan Steatsboskbehear. Dizze polder wurdt ek bemeald troch de wat súdliker steande Wynmotor Twellingea 1 en troch de Geau's Mole, in spinnekopmole dy't oan de westside fan de Geaupolder stiet. De wynmotor is in ryksmonumint en eigendom fan it Wetterskip Fryslân. Hy is net iepen foar publyk.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |