William Penn
William Penn (Londen, 14 oktober 1644 – Ruscombe, Berkshire, 30 july 1718) wie de stifter fan de Ingelske koloanje 'Provinsje Pennsylvania' yn Noard-Amearika, yn de lettere de Amerikaanske steat Pennsylvania.
Penn wie in soan fan admiraal Sir William Penn en Margaret Jasper, dochter fan in Rotterdamske keapman. Sir William tsjinne yn de Royal Navy yn de Ingelske boargerkriich en stie oan de kant fan de Republikeinen, hoewol't er letter de kant fan de royalisten en kening Karel II keas. Penn syn beskriuwing "Brief Account of the Province of Pennsylvania" út 1682 makket William Penn ien fan de earste auteurs út de Amerikaanske literatuer.
Quaker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't William Penn jr. grutbrocht waard yn de tradysje fan de Anglikaanske Tsjerke, sleat er him as studint yn Oxford oan by de beweging fan de quakers. Hy wie in freon fan George Fox, de stifter van de quakers, dy't as ketters beskôge waarden omdat harren opfettingen ôfwykten fan dy fan de steatstsjerke. Sy wegere bygelyks om in ûnthjit ôf te lizzen, koe net skille oan wa. Lykas in protte oare quakers waard waard William Penn ek ferskate kearen fêstset en waard ek fan de universiteit stjoerd.
Yn 1677 krige in kloft fan foaroansteande quakers, dêr't William Penn by wie, de koloniale provinsje West New Jersey. In protte kolonisten út Ingelân festigen har dêre. Penn bleau sels noch yn Ingelân, mar stelde wol in hânfest dêr't de frijheid fan de kolonisten yn fêstlein waard, teffens it rjocht op earlike berjochting, frije ferkiezingen en godstsjinstfrijheid.
Nei Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1677 besocht Penn Nederlân en Dútslân en ek Fryslân. Nei in 'meeting' yn Harns besocht er fergees om ta ferieniging mei de Labadisten yn Wiuwert te kommen, dat wie op 13 july 1677. Hy wie dêr mei John Claus en spruts mei Anna Maria fan Schurman en de famylje Somerdijk. Dêrnei wie er noch in gearkomst yn Lippenhuzen[1] [2].
Pennsylvania
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Karel II skonk Penn op 4 maart 1681 in grut gebiet, it eardere Nij-Sweden, bewesten en súdlik fan New Jersey, om sadwaande in skuld oan Penn syn heit ôf te lossen. Penn joech it gebiet de namme Sylvania (fan it Latyn foar 'bosk'). Ta eare fan Wiliam Penn syn heit feroare de kening dy namme yn Pennsylvania. Faaks woe er ek dat de quakers en oare 'ûnrêstmakkers' in wenplak krigen fier fan it heitelân ôf. Penn festige him dêr sels yn 1682 en sleat der ferskate ferdraggen mei de yndianen. Yn 1684 gong er werom nei Ingelân. Nei de delfal fan Jakobus II rekke er yn ûngenede by Willem III. Hy ferlear de macht oer de koloanje, mar waard yn 1694 rehabilitearre.
Penn besocht Amearika op 'en nij yn 1699 en ûntwikkele in plan om de Ingelske koloanjes yn Amearika te ferienigjen yn in federaasje. Penn woe him nei wenjen sette yn it troch him ûntwurpen Filadelfia, mar fanwegen finansjele swierrichheden gie er werom nei Ingelân. Hy fierde dêr in protte rjochtsaken om syn rjocht te krijen en hat sels besocht om Pennsylvania wer te ferkeapjen oan de Ingelske kroan, mar ûnder de besprekkingen yn 1712 krige er in beroerte sadat er net mear prate en selsstannich funksjonearje koe. Hy koe it libben hâlde oant mids 1718.
Wurk (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Sandy Foundation Shaken, 1668
- No Cross, No Crown, 1669
- Some Fruits of Solitude, 1692
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Ingelsk ûndernimmer
- Ingelsk teolooch
- Ingelsk polityk aktivist
- Ingelsk publisist
- Amerikaansk ûndernimmer
- Amerikaansk teolooch
- Amerikaansk polityk aktivist
- Amerikaansk publisist
- Ingelsk persoan fan Welsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Welsk komôf
- Quakers
- Persoan berne yn 1644
- Persoan stoarn yn 1718