Wiesmoor
Wiesmoor | ||
Feankanaal yn Wiesmoor | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Auwerk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 13.339 (2020) | |
Oerflak | 82,94 km² | |
Befolkingsticht. | 161 / km² | |
Hichte | 11 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26639 | |
Koördinaten | 53° 30′ 0″ NB, 7° 22′ 12″ EL |
Wiesmoor is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De gemeente leit yn de regio East-Fryslân en yn it uterste súdeasten fan de Landkreis Auwerk, dêr 't it bestjoerlik ta heart. Wiesmoor hat 13.339 ynwenners.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente leit yn it East-Fryske heechfeangebiet. Wiesmoor leit sa’n 30 kilometer fan de Waadsee ôf. De grutste stêden yn ’e omkriten binne Wilhelmshaven (op sa’n 30 kilometer ôfstân eastlik fan Wiesmoor), Aldenboarch (45 km. súdeastlik), Bremen (80 km. súdeastlik) en Grins (80 km. westlik).
It stedsgebiet leit op in hichte tusken de 10,6 en 14 meter boppe seenivo.
De buorgemeenten binne ûnder oaren Friedeburg (Landkreis Wittmund) yn it easten, Uplengen (Landkreis Leer) yn it suden, Großefehn yn it westen en Auwerk (stedsdiel Brockzetel) yn it noarden.
De gemeente hat neist it sintrum de stedsdielen: Rammsfehn, Hinrichsfehn, Marcardsmoor, Mullberg, Voßbarg, Wiesederfehn, Wilhelmsfehn I, Wilhelmsfehn II en Zwischenbergen
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiesmoor leit, sa 't de namme ek oanjout, yn it eardere heechfeangebiet yn it midden fan East-Fryslân. Oan de njoggentjinde iuw ta wennen der suver gjin minsken yn it gebiet. It heechfeangebiet waard fanút it westen ôfgroeven. Yn ’e rin fan de santjinde iuw waard by dy ôfgroevingen it gebiet fan de hjoeddeistige gemeente berikt. Fan 1780 ôf ûntstiene de earste delsettingen oan de râne fan de hjoeddeistige gemeente. De earste stichting wie Voßbarg. Yn it earstoan fûn de ûntginning op lytse skaal plak, der wie sprake fan ôfbrânen en boekweitkultuer.
Pas oan ’e ein fan de njoggentjinde iuw waard de turfwinning planmittiger oanpakt. Der waarden kanalen oanlein dy’t de ûntginnning fan it gebiet ienfâldiger makken. De delsetting Wiesmoor ûntstie yn 1906 om in nije, mei turf stookte elektrisiteitssintrale hinne. De earste gemeente Wiesmoor ûntstie yn 1923 as gefolch fan in gemeentlike weryndieling yn it gebiet. De bou fan de earste evangelysk-luterske tsjerke begûn yn 1929. De tsjerke foel ûnder de parochy yn Marcardsmoor.
Al foar de Twadde Wrâldoarloch kamen se op it idee, de restwaarmte fan de elektryske sintrale te brûken foar de ferwaarming fan broeikassen. Boppedat die bliken dat de grûn gaadlik wie foar de oanbou fan sierblommen. Om dy reden kaam it toerisme fan 1952 ôf op gong. Om dat te befoarderjen waarden der iepenbiere parken, fivers ensfh. oanlein. Sadwaande krige it plak yn 1977 de titel Staatlich anerkannter Luftkurort. Tusken 1964 en 1993 wie der yn Wiesmoor in loftmachtkazerne fan de Bundeswehr. Yn 1995 ferdwûn de elektryske sintrale út Wiesmoor. Mei troch de túnbou en it toerisme hie de sluting gjin grutte ynfloed op de ekonomyske sitewaasje. Op it plak fan de sintrale stiet in kantoargebou dat no as gemeentehûs brûkt wurdt.
Yn 1972 waarden de gemeenten Marcardsmoor, Voßbarg, Wiesederfehn en Zwischenbergen ûnderdiel fan it bestjoerlike distrikt (Stadt) Wiesmoor. Op 16 maart 2006 krige de gemeente it stedsrjocht.
Befolkingsûntjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1906 waard Wiesmoor stifte, yn 1914 wennen der 151 minsken. Pas nei de oarloch kaam de tûzenste ynwenner. De groei komt benammen troch de opname fan Dútsktalige flechtlingen út it easten. It spronkje tusken 1951 en 1972 is te tankjen oan in gemeentelike weryndielingen. De groei nei 1990 komt foaral troch minsken út de eardere DDR. De groei nei 2000 komt foar in grut diel troch pensjonearden út oare dielen fan Dútslân.
Ekonomy & ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De túnbou spilet in in relatyf grutte rol yn Wiesmoor. De kassen fan de túnbouwers beslaan mei-inoar 80.000 m². De firma Bohlen & Doyen GmbH is mei mear as 500 wurknimmers de grutste wurkjouwer fan Wiesmoor. It bedriuw is yn 1950 oprjochte en bout oan it enerzjynet. Yn Wiesmoor spilet de yndustriële turfwinning noch hieltyd in relatyf grutte rol. De turf giet benammen nei túnsintra, dêr’t de turf as dong ferkocht wurdt.
De wichtichste ferbiningswei is de Bundesstraße 436. Dy provinsjale dyk rint fan de stêd Lear dwers troch Wiesmoor hinne nei de stêd Wilhelmshaven yn it easten. Yn it sintrum fan Wiesmoor krúst de Bundesstraße 436 mei de Landesstraße 12, dy’t Wittmund (yn it noarden) mei Remels (yn it suden) ferbynt. Dy 14 kilometer lange dyk is de wichtichste ferkearsferbining mei de sneldyk A28 (Lear-Aldenboarch).
It iepenbier ferfier bestiet út busferbiningen mei oare plakken, benammen nei Auwerk en Lear. In spoarferbining hat Wiesmoor nea hân. De treinstasjons om Wiesmoor hinne binne Lear, Wittmund, Augustfehn en Sande. Lykwols stopt de intercity allinnich yn Lear en Augustfehn.
Wiesmoor hat in soad kanalen en oare wetterferbiningen. Lykas wurde dy allinnich foar de wetterhúshâlding en de plesierfeart brûkt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beskriuwing fan Wiesmoor (PDF; 280 kB) yn ’e histoaryske databank fan ’e Eastfryske Lânskip