Westein (Ljouwert)
Westein is de meast westlike buert fan Ljouwert en falt ûnder de wyk Westein en omkriten. De buert hat likernôch 4500 ynwenners en waard ûntwikkele yn de jierren '70 en '80 fan de 20e iuw.
De buert hat in winkelsintrum mei in Poiesz Supermerk, Lidl, kapper, Sinees en snackbar. En in skoalle foar fuortset ûnderwiis en in âldereinhûs. It basisûnderwiis sit yn de neistlizzende wyk it Valeriuskertier. De wyk wurdt oan de súd- en noardside begrinze troch in katolyk en in algemien begraafplak. Der is in aktive wykferiening dêr't ûngefear 80% fan de bewenners lid fan is. De strjitten yn de wyk binne ferneamd nei Fryske skriuwers en hawwe dus in Fryske namme (Douwe Kalmaleane of Jan Piebengawei). It is de iennichste Ljouwerter wyk mei in stedsboer.
-
Tegeltablo mei portretten fan wykbewenners en wykfoto’s