Wappo (folk)
Wappo | |
---|---|
flagge | |
populaasje | |
oantal | 291 (2010) |
taal | Wappo † (no Ingelsk) |
godstsjinst | kristendom, natoerreligy |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | gjin spesifike erkenning |
fersprieding | |
Feriene Steaten: | 290 |
De Wappo (Ingelsk: Wappo; Wappo: Ašočimi) binne in lânseigen Yndiaansk folk út it heechlân yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Harren taal, it no útstoarne Wappo, hearde ta de Jûkiaanske taalfamylje. De Wappo wiene nea botte machtich, en tsjintwurdich binne der noch mar 290 fan harren oer. Oars as de measte Yndiaanske etnyske groepen yn 'e Feriene Steaten wurde de Wappo net fertsjintwurdige troch in federaal erkende stamme-organisaasje dy't op basis fan relative gelikensens mei de Amerikaanske oerheid ûnderhannelje kin.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'Wappo' is nei gedachten in ferbastering fan it Spaanske wurd guapo, dat 'knap' (fan uterlik) of 'dapper' betsjut. It oarspronklike autonym fan 'e Wappo wie Ašočimi (útspr.: [a'ʃoʧimi], likernôch: "asjotsjimy").
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foaroansteande Amerikaanske antropolooch Alfred L. Kroeber skatte yn 1925 dat der yn 'e prekoloniale perioade, om 1770 hinne, sa'n 1.000 Wappo west hiene. Syn kollega Sherburne F. Cook rûsde yn 1976 de grutte fan 'e prekoloniale befolking fan 'e Wappo op 1.650 minsken. Tsjin 'e 1850-er jierren, doe't de kolonisaasje fan harren wengebiet yn folle gong wie, rapportearren ferskate boarnen oer it oantal Wappo, mei as heechste rûzing 800 en as leechst 188. Yn 1880 waarden der noch mar 50 Wappo teld, en neffens de Amerikaanske folkstelling fan 1910 wiene der dat jiers 73.
Geandewei de tweintichste iuw moat it tal Wappo stadichoan wer tanommen wêze. Yn 2000 joegen 250 minsken op dat se de Wappo-etnisiteit hiene, en neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wiene der dat jier 291 Wappo yn 'e Feriene Steaten. De Wappo binne in etnyske groep dy't troch gjin inkele federaal erkende stamme-organisaasje fertsjintwurdige wurdt. De Mishewal Wappo Stamme fan de Alexander-delling iveret foar it winnen fan sa'n foarm fan erkenning.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de oankomst fan 'e earste Jeropeänen yn Kalifornje moatte de Wappo troch de folksferhuzing fan 'e Pomo út súdliker gebiet nei it noarden ta dreaun wêze. It tradisjonele heitelân fan 'e Wappo omfieme neitiid de Alexander-delling, de Delling fan 'e Russian, in diel fan 'e Napa-delling en in eksklave oan Clear Lake. De Wappo ûnderholden harsels as jager-sammelders, en libben yn lytse groepkes sûnder in sintraal liederskip, yn wenten dy't se bouden fan tûken, blêden en ierde. Hja stiene bekend om 'e kwaliteit fan harren weve kuorren, dy't sa goed makke wiene dat se wetterticht wiene.
Doe't de Spanjerts Kalifornje kolonisearren waarden de Wappo dy't skaat fan 'e rest fan harren folk oan súdkust fan Clear Lake wennen, assimilearre troch de Spaanske missys, oant der fan harren neat mear oer wie. Ut dokumintaasje fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke docht bliken dat der doedestiden teminsten 550 Wappo ta it kristendom bekeard waarden. Nei't de Spaanke koloanje Nij-Spanje yn 1821 selsstannich wurden wie ûnder de namme Meksiko, kamen de Wappo út 'e Alexander-delling en oanswettende gebieten bekend te stean om harren koppige ferset tsjin 'e Meksikaanske oerhearsking. Hja wisten har generaal Mariano Guadelupe Vallejo en syn Yndiaanske bûnsgenoaten fan it liif te hâlden oant der yn 1836 in fredesferdrach sletten waard.
Oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch moast Meksiko yn 1848 Kalifornje en it hiele Amerikaanske Súdwesten oan 'e Feriene Steaten ôfstean by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo. Neitiid briek de Kalifornyske Goudkoarts út en streamden kolonisten út it Easten fan 'e Feriene Steaten nei Kalifornje ta. Al rillegau brieken der konflikten út tusken de blanken en de lânseigen befolking, wêrby't de Yndianen yn 'e regel belies jaan moasten en fan harren lân ferdreaun waard. Teffens waarden der troch de blanken ferskate slachtpartijen ûnder de Yndiaanske befolking oanrjochte. It wie yn dy snuorje dat de Wappo slim te lijen hiene ûnder sawol it geweld fan 'e blanken as de sykten dy't dy meibrochten. Guon fan harren, benammen froulju en bern, waarden finzen nommen en ta slaaf makke. De Wappo waarden dêrmei slim yn it ûnleech brocht, en binne dy klap nea te boppe kommen.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânseigen taal fan 'e Wappo, it Wappo, wie in fierhinne isolearre taal, wêrfan't men tinkt dat er yn 'e fierte besibbe wie oan in soartgelikense isolearre taal, it Jûky, dat foarhinne ek yn noardlik Kalifornje sprutsen waard. Mei-inoar foarmje dy beide talen de Jûkiaanske taalgroep. Fierdere taalbesibskip hat men oant no ta noch net bewize kinnen, hoewol't der datoangeande ferskate teoryen binne. It Wappo hie fiif ûnderskate dialekten en stoar yn 1990 út mei de dea fan 'e lêste memmetaalsprekker.
Stamme-organisaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- stammen sûnder erkenning yn 'e Feriene Steaten
stamme | etnyske groep(en) | steat | haadkertier | populaasje | opmerkings | |
---|---|---|---|---|---|---|
Mishewal Wappo Stamme fan de Alexander-delling Mishewal Wappo Tribe of Alexander Valley |
Wappo | Kalifornje | Santa Rosa | 100 (?) | stribbet nei federale erkenning |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |