Springe nei ynhâld

Vélodrome Jacques-Anquetil

Ut Wikipedy
Vélodrome Jacques-Anquetil
vélodrome de Vincennes
  stadion
De hurdfytsbaan om en de by 1900
De hurdfytsbaan om en de by 1900
lokaasje
lân Frankryk
Arrondissement 12e arrondissement
plak Parys
algemiene ynformaasje
type Hurdfytsbaan
sporten baanhurdfytsen
type oerflak beton + gers
bou
boubegjin 1896
renovearre 2012 - 2015
eveneminten
Omgong fan Frankryk (fan 1968 o/m 1974)
Olympyske Simmerspullen (fan 1900 & 1924)
kaart
Vélodrome Jacques-Anquetil (Parys)
Vélodrome Jacques-Anquetil
lokaasje fan it Vélodrome Jacques Anquetil

It Vélodrome Jacques-Anquetil (earder: vélodrome de Vincennes en Vélodrome Cipale) is in net oerdekte hurdfytsbaan yn Vincennes, sûnt 1929 ûnderdiel fan Parys. De baan waard boud yn 1896 en brûkt foar de Olympyske Simmerspullen yn 1900 en 1924; men hold der yn 1900 de iepenings - en slutingsseremoanje. Ek fûnen de wedstriden baanhurdfytsen, gymnastyk, fuotbal, rugby en cricket der plak. Tusken 1968 en 1974 lei de einstreek fan de Omgong fan Frankryk op dizze baan.

Op 30 july 1897 ferbruts de Belgyske hurdfytser Oscar Van den Eynde hjir it wrâldoererekôr mei in ôfstân fan 39,240 km.