Springe nei ynhâld

Tsjotter

Ut Wikipedy
Tsjotter "Hou Moed" út 1887 yn it Suderseemuseum
Fjouweracht 'Wilhelmina' yn it Suderseemuseum

In tsjotter is de lytste fan de iepen rûne Fryske sylboaten mei in lingte oer de stjûne fan heechút 5,4 m.

It houten skipke hat gjin berchhouten, klûsboerden en bearetosken. It hat in breed roer. De kop fan it roer is fakentiden fersierd is mei in klik wêryn in fûgel útstutsen is.

Oarspronklik waard de tsjotter brûkt foar lytsskealich ferfier fan fracht en persoanen yn de tiid dat der noch mar in bytsje ferbinings oer de dyk wienen. Omdat der yn Fryslân in soad ûndjip wetter is hawwe tsjotters en oare platboaiems swurden.

In tsjotter mei de maat 4,8 m × 2,4 m wurdt in fjouweracht neamd. De sylskoalle fan de jeugdherberch 't Beaken yn Heech jout lessen yn autentike tsjotters. Yn Heech is boppedat houtboumuseum De Helling wêr't noch tsjotters boud wurde by de werf fan Pier Pieter Piersma.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]