Treurdicht
In treurdicht of elegy (fan it Grykske ἐλεγεία, elegeia, fan ἔλεγος, elegos, "kleiliet") is in sjenre fan poëzij dat ta earnstich neitinken stimt. It byhearrende eigenskipswurd is elegysk. Almeast hat it de foarm fan in kleiliet foar in ferstoarne, mar it is in min definiëarre term dy't ek wol brûkt wurdt om te ferwizen nei in poëtysk monumint foar in noch libbene persoan (bgl. in ferlerne leafde), of sels wol foar alderhanne gedichten mei sombere of pessimistyske toan. Histoarysk wiene Latynske treurdichten út 'e Romeinske literatuer faak eroatysk of mytologysk fan aard.
Foarbylden fan treurdichten út 'e Aldheid binne it gedicht fan Katullus foar syn deade broer, de fersen fan Propertius foar syn deade mêtresse Syntia, en Ovidius syn gedichten dêr't er syn ballingskip út Rome yn bekleit, dy't er ferliket mei de dea. In foarbyld fan in treurdicht út 'e Midsiuwen is it Aldingelske gedicht The Seafarer, út 'e twadde helte fan 'e tsiende iuw. In letter foarbyld is it oan William Shakespeare taskreaune gedicht A Lover's Complaint, dat foar it earst publisearre waard yn 1609. Foarbylden út 'e Fryske literatuer binne de gedichten Op Anna's Dea, It Tsjerkhôf by Jûntiid en Batthyany's Dea, allegear fan Eeltsje Hiddes Halbertsma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|