Toydarianen
Toydarianen (inkeltal: Toydariaan; Ingelsk: Toydarians) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja komme fan 'e mei moerassen oerdutsen planeet Toydaria, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Dy leit yn 'e sône dy't dominearre wurdt troch de misdiesyndikaten fan 'e Hutts. Opmerklik is dat Toydarianen krekt as Hutts ymmún binne foar beynfloeding mei de Krêft, sa't dat troch Jedi en Sith dien wurdt.
Toydarianen hawwe trochinoar in lichemslingte fan in meter oant 1.20 m. Se in hawwe keale holle, mar in burd fan poddehier. Har tosken groeie oer de lippen hinne. De eagen binne lyts en de noas is eins in lyts slurfke, dat omleech hinget oer de mûle hinne. Toydarianen hawwe trije fingers oan 'e hannen en trije teannen oan 'e fuotten. Tusken de teannen hawwe se swimfluezzen. Op 'e rêch hawwe se tusken de skouderblêden twa leareftige wjukken. Op Toydaria binne fleantugen út feilichheidsomtinkens ferbean, mei't Toydarianen allegear op eigen krêft fleane; foar besikers fan oare wrâlden ride der treinen.
De hûdskleur is by Toydarianen ljochtblau boppe-op 'e holle, op 'e rêch, de wjukken, de boppekanten fan 'e earms, hannen en fuotten en de bûtenste sydkanten fan 'e skonken. Om 'e mûle hinne, ûnder it kin, op 'e búk, de ûnderkanten fan earms, hannen en fuotten en de binnenkanten fan 'e skonken binne krêm- oant bêzjekleurich.
Mei't har rûne búk foar it meastepart fol sit mei gassen, kinne Toydarianen fleane en op ien plak los fan 'e grûn hingje troch hurd mei har wjukken te klapperjen. Se hawwe twa geslachten, manlik en froulik. De krappe hiergroei op it kin en de kiel is beheind ta manlju en jout harren in wat sutereich, ûnskeard foarkommen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
bûtenierdsk libben út Star Wars | |
---|---|
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens | |
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks | |
bûtenierdske floara en fauna | |
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa |
planeten út Star Wars | |
---|---|
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin |