Springe nei ynhâld

Eadu

Ut Wikipedy
Eadu sa't de planeet te sjen is yn Rogue One: A Star Wars Story (2016).

Eadu (útspr.: [iːduː], likernôch: "ii-dûû") is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016). De sênes op 'e planeet waarden opnommen op Iislân. Eadu makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme fan 'e sektor Bheriz, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan 14.121 km en mei ien moanne. Eadu is in ûnherberchsume, bercheftige planeet, bewale yn sombere wolkefjilden dy't suver ûnophâldlik rein falle litte en mank geane mei hurde wyn en tonger en wjerljocht. It wolketek is sa ticht en tsjûk dat it op it planeetoerflak sels by ljochtskyndei wol nacht liket.

Op Eadu is gjin lânseigen yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens ta ûntwikkeling kommen, mar de wrâld hat wol eigen floara en fauna. De befolking bestiet út sa'n 2,5 miljoen persoanen, foar it meastepart minsken, dy't har dwaande hâlde mei it hoedzjen fan nerfs, in lânseigen bistesoarte.

Yn Rogue One: A Star Wars Story is Eadu de lokaasje dy't it diktatoriale Galaktysk Keizerryk útkeazen hat foar it Enerzjyomsettingslaboratoarium fan it Keizerlik wapenprogramma. Dêr wurdt it superlaserkanon ûntwikkele fan 'e Deadsstjer, in romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne en teffens in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. De liedende ûndersiker yn it laboratoarium is Galen Erso, dy't lykwols om it Keizerryk te ûndermynjen mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer ynboud hat, sadat it Rebelleferbûn dêr gebrûk fan meitsje kin om it wapen te ferneatigjen.

Galen stjoert de frachtpiloat Bodhi Rook nei de ekstremistyske rebel Saw Gerrera om dy kennis te dielen. Dat liedt derta dat it Rebelleferbûn syn dochter Jyn Erso ynset op in misje dy't sabeare bedoeld is om har heit te rêden. Eins kriget har selskipsman Cassian Andor lykwols befel om Galen te likwidearjen as in kollaborateur. Op Eadu komme dy ferhaallinen ta in klimaks, wannear't Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma, risselwearret om Galen foar ferrie stânrjochtlik te eksekutearjen, wylst Cassian op it lêste momint beslút om syn befel njonken him del te lizzen en Galen gewurde te litten. Galen komt úteinlik lykwols dochs om by in bombardemint troch in squadron X-wjukjagers fan it Rebelleferbûn, dêr't generaal Davits Draven opdracht ta jûn hat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin