Talintejacht
In talintejacht is in evenemint wêrby't troch de organisators besocht wurdt om fia in wedstryd nije talinten op te spoaren. Sokke talinten kinne in grut ferskaat oan dissiplines omfiemje, lykas sport, muzyk, teäter en tillefyzjepresintaasje. Ek in talintejacht sels kin withoefolle foarmen oannimme. Sa binne der bgl. scouts dy't troch nei fuotbalwedstriden te gean, nij fuotbaltalint besykje te ûntdekken. Meastal giet it by in talintejacht lykwols om in organisearre gearkomste wêrby't de dielnimmers om bar harren talint (of it brekme dêroan) yn in beskaat ekspertizefjild toane kinne oan in faksjuery en in publyk.
Sûnt 2000 binne talintejachten in wichtich ûnderdiel fan realitytillefyzje wurden, mei programma's as Idols, The X Factor en The Voice of Holland. Ek foartiid wiene der al talintejachten op 'e tillefyzje te sjen, lykas de Soundmixshow. In tradisjonelere foarm fan in talintejacht wurdt foarme troch muzykkonkoersen, wêrby't klassike musisy harren talinten sjen litte kinne.
De winner fan in talintejacht ûntfangt almeast by wize fan priis in oanbod op it mêd fan syn of har dissipline, bgl. in grut optreden of in fermelding yn in faktydskrift.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |