Steampunk
Steampunk (útspr. Ingelsk: ['sti:mpʌŋk], likernôch "stiimpank", of Frysk: ['stɪəmpœŋk], "steam-punk") is in subsjenre fan science fiction en soms fan fantasy, dat ynspirearre is troch de njoggentjinde-iuwske yndustriële steam-oandreaune masinery. Hoewol't de literêre oarsprong fan dit subsjenre soms oan 'e futuristyske cyberpunk (in oar science fiction-subsjenre) taskreaun wurdt, spilet steampunk almeast yn in alternative skiednis fan 'e Britske Fiktoriaanske Tiid of soms fan it Amerikaanske Wylde Westen. Ek komt it wol foar dat steampunkwurken yn in post-apokalyptyske takomst spylje dêr't steamkrêft op 'e iene of oare manear yn gebrûk bleaun is, of yn in folslein optochte fantasywrâld dêr't steamkrêft in wichtich ûnderdiel fan it dekôr foarmet. Steampunk wurdt dêrom ek wol omskreaun as "neo-fiktoriaansk".
Dit sjenre ken men it bêste werom oan anagronistyske technologyen en/of retro-futuristyske útfinings, sa't minsken út 'e njoggentjinde iuw dy foar eagen stien hawwe kinne soene. Behalven op steamkrêft grypt steampunk ornaris ek werom op oare njoggentjinde-iuwske eleminten, lykas de doetiidske moade, kultuer, opfettings, arsjitektuer en keunst. Ek loftskippen en fiktive masines fan it type dat men tsjinkomt yn 'e wurken fan Jules Verne en H.G. Wells wurde der yn steampunk-literatuer gauris by helle. Fierders kin steampunk noch in grienmank oan bykommende eleminten omfiemje fan fantasy, horror, histoaryske fiksje en alternate history, sadat it faak dreech yn te dielen falt.
De term "steampunk" waard ynsafier bekend foar it earst brûkt yn 1987, mar no wurde der mei weromwurkjende krêft ek literêre wurken mei oantsjutten út 'e 1950-er en 1960-er jierren.
De beneaming "steampunk" is ek yn gebrûk foar keunst- en moadestilen en subkultueren dy't op estetyske basis weromgripe op deselde boarnen as de steampunk-literatuer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading op dizze side.
|