Slapstick
Slapstick (Ingelsk foar "klapstôk") is in soarte fan humor dy't basearre is op fysike aktiviteit dy't oer de grinzen hinne giet fan 'e normale fysike komeedzje. Dizze foarm fan lichaamlike humor is sa oerdreaun dat er dúdlik los stiet fan 'e wurklikheid en troch syn absurditeit ekstra grappich wurdt.
De term 'slapstick' komt fan 'e Ingelske beneaming foar in wurktúch, de batacchio of bataccio, dat yn 'e sechstjinde iuw yn it Italjaanske toaniel ûntwikkele waard om in lûde klap te meitsjen dy't foar it hiele publyk dúdlik te hearren wie as de iene akteur de oare in opstopper ferkocht. It bestiet út twa houten latsjes wêrfan't it iene in hânsel hat. De beide latsjes sitte oaninoar fêst mei eat dat bûge kin (bygelyks in stikje lear). As men mei de slapstick in hommelse beweging makket, klappe de beide latsjes tsjininoar oan en meitsje dan in klappend en komysk klinkend lûd. Soks waard dien troch ien dy't yn 'e kûlissen stie en de timing fan 'e klap persiis syngronisearje moast mei de aksje op it toaniel. Ek koe it dat de akteurs inoar mei slapsticks te liif giene, sadat it foar it publyk wol liek as sloegen se inoar mei latten of stokken hielenal yninoar, wylst se inoar eins amper rekken.
De slapstick wie ien fan 'e ierste special effects, dy't al yn 'e tiid Shakespeare by it opfieren fan syn komeedzjes brûkt waard, lykas by In Komeedzje Fol Fersinnen. Yn 'e njoggentjinde iuw rekke de slapstickkomeedzje yn Ingelân alhiel ynboargere as in toanielsjenre. Yn 'e 1890-er jierren ûntwikkele de ynfloedrike Britske komyk en ympressario Fred Karno in foarm fan teäter dêr't alhiel gjin dialooch mear oan te pas kaam en dy't in foarrinder wie fan 'e lettere slapstickfilm.
As filmsjenre wie slapstick yn it tiidrek fan 'e stomme film in útkomst, mei't der net by praten hoegde te wurden om fermaak te bieden. Komiken út dy tiid dy't ferneamd waarden mei slapstickwurk, wiene Charlie Chaplin, Buster Keaton, Harold Lloyd, Laurel en Hardy, de Marx Brothers, de Keystone Cops en The Three Stooges. Nei de yntroduksje fan 'e lûdsfilm oan 'e ein fan 'e 1920-er jierren, waarden der folle minder slapstickfilms makke. Slapstick kaam lykwols fan 'e 1930-er jierren ôf werom yn 'e foarm fan tekenfilms, lykas de koarte films oer Goofy fan Disney, Woody Woodpecker fan Walter Lantz, Tom en Jerry fan MGM, en Bugs Bunny fan Warner Bros.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |