Springe nei ynhâld

Sidney Paget

Ut Wikipedy
Sidney Paget
keunstner
Sidney Paget om 1890 hinne
Sidney Paget om 1890 hinne
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 4 oktober 1860
berteplak Clerkenwell, Londen
stoarn 28 jannewaris 1908 (47 jier)
stjerplak Margate
wurkpaad
wurksum as yllustrator
bekendste
  wurk(en)
Yllustraasjes yn The Strand Magazine
Paget syn hantekening

Sidney Edward Paget (/ˈpædʒɪt/) (Londen, 4 oktober 1860 - Margate, 28 jannewaris 1908) wie in Britske keunstner út it Viktoriaansk tiidrek, dy't it meast bekend waard fan syn yllustraasjes by de Sherlock Holmes-ferhalen fan Arthur Conan Doyle yn The Strand Magazine.

Sidney Paget wie de fyfde fan njoggen bern fan Robert Paget, de klerk fan St. James en St. John yn Clerkenwell, en Martha Paget (berne Clarke ), in muzykûnderwizeres. Yn 1881 gie Paget nei de Royal Academy Schools. Dêr rekke er befreone mei Alfred Morris Butler, in studint arsjitektuer dy't mooglik model stie foar Pagets yllustraasjes fan Dr. John Watson. Tusken 1879 en 1905 droech Paget achttjin skilderijen, dêr't njoggen fan portretten wiene, by oan de tentoanstellingen fan de Royal Academy.

Paget syn tekeningen ferskynden yn it Strand Magazine, de Pictorial World, The Sphere, The Graphic, The Illustrated London News en The Pall Mall Magazine; syn wurk waard bekend yn sawol it Feriene Keninkryk as de Feriene Steaten. Hy levere yllustraasjes foar Arthur Morrisons Martin Hewitt detektiveferhalen en Arthur Conan Doyles syn Sherlock Holmes-ferhalen, dêr't er in soad mei bydroech oan de populariteit fan beide searjes.

Op 1 juny 1893 troude Sidney Paget mei Edith Hounsfield (berne yn 1865), dochter fan lânbouwer William Hounsfield. It pear krige fjouwer dochters en twa soannen: Leslie Robert (1894); Winifred (1896); Edith Muriel (1897); Evelyn Mereoah (1899); Beryl May (1902) en John L. Paget.

Sidney Paget ferstoar yn Margate, mar 47 jier âld, nei't er de lêste jierren fan syn libben lêst hân hie fan pynlike boarstklachten. Neffens syn deasertifikaat 'Mediastinale tumor, 3 jier, útputting'. Mediastinale tumoaren binne swolms dy't yn 'e midden fan 'e boarstkas ûntsteane; neigeraden dat se groeie, ferkringe se de longen hieltyd mear. De oandwaning is seldsum, mei ûnbekende oarsaken, en late yn it begjin fan de tweintichste iuw ta in pynlike en wisse dea.

Paget waard beïerdige op East Finchley Cemetery yn Noard-Londen. Twa bruorren, H.M. (Henry Marriott) Paget (1856-1936) en Wal (Walter Stanley) Paget (1863-1935) wiene ek suksesfolle portrettisten en yllustratoaren.

Yllustraasjes yn The Strand

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbyld Sherlock Holmes (rj.) en Dr. Watson yn "The Adventure of the Greek Interpreter" (1893)
Pagets yllustraasje fan Holmes en Moriartys fatale moeting by de Reichenbach wetterfallen yn The Final Problem (1893)

Paget wurdt jin it meast yn't sin brocht as de skepper fan it populêre byld fan Sherlock Holmes út de oarspronklike publikaasje fan Conan Doyles ferhalen yn The Strand Magazine. Hy waard oarspronklik ynhierd om The Adventures of Sherlock Holmes te yllustrearjen, in rige fan tolve koarte ferhalen dy't fan july 1891 oant juny 1892 publisearre waard.

Yn 1893 yllustrearre Paget The Memoirs of Sherlock Holmes, dy't publisearre waarden yn "The Strand" as fierdere ôfleveringen fan de The Adventures of Sherlock Holmes. Doe't Sir Arthur Conan Doyle de Sherlock Holmes-rige nij libben ynblaasde mei The Hound of the Baskervilles, dy 't yn 1901 -02 yn The Strand publisearre waard, frege er Paget as yllustrator. Paget makke ek noch de plaatsjes by in koarte ferhalerige The Return of Sherlock Holmes yn 1903-04. Yn totaal yllustrearre er ien Holmes-roman en 37 Holmes-ferhalen. Syn yllustraasjes hawwe fan ynfloed west op de ynterpretaasje fan de detektive yn fiksje, film en drama.

"The Strand" waard ien fan de ferneamdste fiksjetydskriften fan Grut-Brittannië, mei de Holmes-searje as populêrste ûnderdiel. Neigeraden dat de populariteit fan Holmes groeide, waarden Pagets yllustraasjes grutter en wiidweidiger. Fan The Adventure of the Final Problem ôf oan yn 1893 befette hast elk Holmes-ferhaal yn The Strand in paginagrutte yllustraasje en protte lytsere.

Yn totaal hat Paget sa'n 356 tekeningen foar de Sherlock Holmes-searje publisearre. Syn ôfbyldingen fan Holmes waarden ikoanysk en oare yllustratoaren fielden har twongen om syn styl te nei te dwaan yn harren eigen ôfbyldingen fan Holmes.

In komplete set útjeften fan The Strand mei de yllustrearre Sherlock Holmes-ferhalen is ien fan de seldsumste en djoerste sammelobjekten yn de útjouwersskiednis. Pagets orizjinele tekening Holmes and Moriarty in Mortal Combat at the Edge of the Reichenbach Falls waard op 16 novimber 2004 troch Sotheby's yn New York foar 220.800 dollar ferkocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: