Springe nei ynhâld

Sharon van Rouwendaal

Ut Wikipedy
Sharon van Rouwendaal
sporter
Sharon van Rouwendaal (2016)
Sharon van Rouwendaal (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sharon van Rouwendaal
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 septimber 1993
berteplak Baarn
lingte 1.72 m
gewicht 64 kg
sportive ynformaasje
sport Swimmen
ûnderdiel Frije slach,
Rêchslach,
Wikselslach,
Iepenwetter
trener Philippe Lucas (2013-2020),
Bernd Berkhahn (2020-)
O.S. Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020
Parys 2024
debút 2008
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 2016, 2024
1x sulver Olympyske Spullen 2020
4x goud WK 2014, 2022, 2024
6x sulver WK 2014, 2015, 2017, 2023
3x brûns WK 2011, 2014, 2022
8x goud EK 2014, 2018, 2020
5x sulver EK 2010, 2014, 2018
3x brûns EK 2013, 2015, 2016

Sharon van Rouwendaal (Baarn, 9 septimber 1993) is in Nederlânsk swimster en twafâldich Olympysk kampioene iepenwetterswimmen.

Sy die tsien kear mei oan it Wrâldkampioenskip swimmen, alve kear oan it Europeesk kampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 2012, 2016, 2020 en 2024). Sy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear wrâldkampioen, acht kear Europeesk kampioen en twa kear Olympyske kampioene. Sy waard ek acht kear Nederlânsk kampioen.

Van Rouwendaal groeide op yn Frankryk, mar komt sûnt 2008 dochs út foar Nederlân. Yn 2013 gie van Rouwendaal werom nei Frankryk om te gean trainen by de Frânske trainer Philippe Lucas yn Montpellier. Yn 2020 ferhúze se nei Magdeburg en trainde dêr by Bernd Berkhahn. Op sawol de koarte- as de langebaan is Van Rouwendaal hâldster fan it Nederlânsk rekôr op de 200 meter rêchslach, de 200 meter flinterslach, de 400 meter frije slach, de 800 meter frije slach en de 1500 meter frije slach.

Yn de Olympyske Simmerspullen 2016 yn Rio de Janeiro en de Olympyske Simmerspullen 2024 yn Parys wûn Van Rouwendaal de gouden medalje op de 10 km iepen wetter. Bennammen yn Parys wiene d'r soargen oer de kwaliteit fan it wetter, dêr de wedstriid yn de Seine hâlden waard en dy rivier yn Parys brûkt wurd om rioelwetter yn te loazen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL