Fryske Wâldenpaad
It Fryske Wâldenpaad (eartiijds it Sânwâldenpaad) is in lange-ôfstân-kuierpaad fan 155 km fan Stienwyk nei Lauwerseach (en oarsom). It is mei de wênstige wyt-reade merktekens (yn beide rjochtings) oanjûn.
Yn Stienwyk slút it paad oan op it Pionierspaad en it Oeriselpaad; yn Lauwerseach op it Fryske Kustpaad (yn westlike rjochting) en it Waad- en Wierdepaad (yn eastlike rjochting). It paad is beskreaun yn in kuiergids.
Benoarden Stienwyk giet it paad troch in boskgebiet, ôfwiksele mei heide en heidemarkes.
Noardlik fan Vledder komme der hieltyd mear greiden foar. Dêrnei rint de rûte oer Boyl en Nijeberkeap nei Hoarnstersweach. Dêr takket de rûte yn twaen: it eastlike diel giet oer Wynjewâld, it westlike diel fia Beetstersweach.
Justjes besuden Oerterp komme beide rûtes by elkoar. Fan Oerterp giet it oer De Harkema, Eastermar, Eastrum, Feanwâlden en Dokkum nei de Lauwersmar. De rûte folget de kust fan de Lauwersmar en op 't lêst de dyk fan de Lauwersmar.
De rûte giet safolle mooglik oer ûnferhurde diken en giet allinnich troch lytse doarpkes. Dit betsjut lykwols dat kuierders dy't langere ôfstannen rinne der goed oan dogge iten en drinken mei te nimmen: men kin der net op rekkenje dat der op elk doarp in winkel of hoarekagelegenheid is.
Op ferskate plakken is der oansluting op iepenbier ferfier: NS-stasjons Stienwyk en Feanwâlden, en bussen. Foar bussen moat faak foarôf belle wurde: dit is saneamd fraachôfhinklik ferfier. Kempings en oare sliepplakken binne hieltiten mear langs de rûte te finen.
Etappes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]etappe | fan | nei | lingte (km) |
---|---|---|---|
1 | Lauwerseach | Ie | 19 |
1a | Holwert | Dokkum | 15 |
2 | Ie | Broeksterwâld | 16 |
3 | Broeksterwâld | Eastermar | 20 |
4 | Eastermar | Drachtster Kompenije | 17 |
5 | Drachtster Kompenije | Beetstersweach | 19 |
5b | Oerterp | Hoarnstersweach | 19 |
6 | Beetstersweach | Hoarnstersweach | 15 |
7 | Hoarnstersweach | Boyl | 15 |
8 | Boijl | Wilhelminaoard | 11 |
9 | Wilhelminaoard | Stienwyk | 16 |
C1 | Koloanjefeart | De Hoeve | 16 |
C2 | De Hoeve | Oldemarkt | 20 |
C3 | Oldemarkt | Stienwyk | 15 |
It Fryske Wâldenpaad wurdt beheard troch de organisaasje Wandelnet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|