Springe nei ynhâld

Rienck Upckes fan Burmania

Ut Wikipedy

Rienck Upckes fan Burmania, († Ljouwert, 1494), wie in haadling út it laach Fan Burmania.

Rienck Upckes wie de soan fan Upcke Riencks en Teth Keimpesdr fan Jongema. Hy waard begroeven yn Aldehou. Yn it stamboek wurdt hy Rienck fan Gratinga neamd. Hy wenne yn 1492 mei syn frou yn it Burmaniahûs yn Ljouwert en hiet doe Rienck fan Burmania. Rienck sluet him as Ljouwerter haadling oan by it bûn tusken Ljouwert en Grins fan 10 desimber 1492. Hy wie troud mei Eeck Tjaertsdr fan Burmania († Ljouwert, 1494), dochter fan Tjaert fan Hania en Bauck fan Burmania. Hja urf it Burmaniahûs yn Ljouwert fan har âlden. Neffens it Burmaniaboek soe hja in dochter wêze fan Douwe fan Burmania en Bauck Tjaertsdr fan Hania, mar neffens de Genealogia Ayttana wie hja in dochter fan Tjaert fan Hania/Burmania. Se krigen fiif bern: Tjaert fan Burmania, Douwe fan Burmania, Bauck Riencksdr fan Burmania († 7 desimber 1553), Upcke fan Burmania († 17 juny 1557) en Bocke fan Burmania (ek wol Bocke fan Gratinga neamd)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: