Rein Baukes Windsma
Rein Baukes Windsma (Boalsert, 26 juny 1801 - Wolsum, 22 augustus 1862) wie in Frysk skoalmaster en dichter.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Windsma is berne en opgroeid yn Boalsert, dêr siet er dan ek op skoalle. Dêrnei gie er oan it wurk as skuonmakkersfeint. Hy groeide op yn in húshâlding dêr't de mem analfabeet wie, de heit koe wol lêze en skriuwe. Nei alle gedachten wie de omgongstaal it Stedfrysk: Boalsertersk. As jonkje hie Windsma al in soad aardichheid oan lêzen, it dichtsjen begûn er ek al betiid mei, syn earste gedichten wiene Hollânsktalich. Underwilens hie er leard foar skoalmaster, hy waard yn Boalsert, Nijlân, Offenwier en as lêste yn Wolsum master.
Yn Wolsum hat Windsma him fierder ûntjûn op it mêd fan literatuer en skiednis, hy skreau in tal skoalboekjes oer dy ûnderwurpen. It is net dúdlik wannear't Windsma him it Frysk eigen makke hat, nei alle gedachten is er yn 'e kunde kommen mei it wurk fan Gysbert Japicx (1603-1666). It foarwurd dat Windsma skreau foar syn debútbondel, Blom-koerke, wie alhiel yn de "Gysbert-stavering". De fersen yn dy bondel wiene fral folksaardich. Dat wie yn 'e twadde bondel, Blomme-krânze (1833), oars: dêr wie de sfear folle mear godstjinstich. Oer it algemien kin sein wurde dat de ferteltechnyk better wurden is, dat jildt ek foar it taalgebrûk, ynfoeden fan dichters as Joost van den Vondel, Jan Luyken en Japicx is dúdlik te merken. De lêste en tjokste bondel fan Windsma's hân ferskynde yn 1847 ûnder de titel Bledden uwt myn skriuewboek. Ynhâdlik is in bûnt ferskaat oan tema's, dêrneist befettet it ek oersettings fan wurk fan Goethe, Schiller en Kleist en ek fan Vondel en fan de Makkumer dichteresse Cynthia Lenige.
Yn 1981 ferskynde yn de Iduna-rige it samle dichtwurk fan Windsma, dat besoarge en ynlaat waard troch D.A. Tamminga.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1829 – Blom-koerke
- 1833 – Blomme-krânze
- 1847 – Bledden uwt myn skriuewboek
- 1981 – Samle dichtwurk fan Rein Baukes Windsma (besoarge en einredaksje D.A. Tamminga)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |