Springe nei ynhâld

Ravenswâld

Ut Wikipedy
Ravenswâld
Brêge oer de earste wyk
Brêge oer de earste wyk
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 405 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 12,97km², wêrfan:
- lân: 12,34
- wetter: 0,63 km²
Befolkingsticht. 33 ynw./km²
Oar
Koördinaten 52° 57' N 6° 22' E
Himrik (grien) fan Ravenswâld yn Eaststellingwerf
Himrik (grien) fan Ravenswâld yn Eaststellingwerf
Offisjele webside
ravenswoud.nl
Kaart
Ravenswâld (Fryslân)
Ravenswâld

Ravenswâld is in doarp yn de eastpunt fan de gemeente Eaststellingwerf. It leit súdeast fan Easterwâlde en noardeast fan Appelskea oan de grins mei Drinte.

Ravenswâld hat 405 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Schotanus hat in plasse Ravensmeer neamd. Sybesz neamde it op in kaart fan 1764 dat marke "Het Witte Meer".

De skiednis fan it jongste doarp fan Eaststellingwerf hinget nau gear mei de feanterij, dy't yn dy krite yn Appelskea útein sette. Fanút de Appelskeaster Feart waarden op likense ôfstân fan inoar wiken groeven it fean yn. Letter waarden dwers op dy wiken op regelmjittige ôfstannen fan inoar dwerswiken groeven. De wiken moasten foar de ôfwettering soargje en fansels ek foar it transport fan 'e turf. Doe't de feanterij healwei de 19e iuw safier eine wie, dat it oan de hjoeddeiske kom fan Ravenswâld ta wie, moast it noch de namme Appelskea Tredde wyk krije.

It earste hûs yn 'e doarpskom waard yn 1871 boud en sûnt dat jier groeide it takomstige doarp stadichoan. Yn 1915 stiene der noch gjin twintich wenten yn dy kom. De ynfrastruktuer bleau ek lang net bêst. Pas op 1 oktober 1930 krige it plak in skoalle.

Yn 1939 waard in oprop yn 'e krante set mei de fraach útstellen te dwaan foar de namme fan 'e delsetting. By de seleksje waard fral sjoen nei de histoarsyke wearde fan de namme en sa bleau Ravensmeer fan de 40 ynstjoerings oer. De Ravensmar wie lykwols ferdwûn en ferfongen troch bosk, boppedat waard de namme by in útspraak as Raven-smeer net wurdearre en dêrom waard keazen foar de namme Ravenswâld.[3]

Yn it jier 1952 naam de ried it beslút om fan it plak in apart doarp te meitjen. De buorren falle sûnt 2007 ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten.

It feanûntginningsgebiet by Ravenswâld is yn 2007 oanwiisd as ien fan de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân. Yn Ravenswâld stiet de Utsjochtoer Fochtelerfean fan de stifting Natuermonuminten.

Pleatslik Belang is op 23 febrewaris 1940 oprjochte en jout it ferieningsblêd 'De Wyken' út. It doarpshûs en de doarpsferiening 'De Wyken' binne op 21 april 1980 oprjochte. Foar de aktiviteiten hat it doarp in Aktiviteitenkommisje.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2012 2015 2020
Ynwenners 569 585 542 487 353 419 442 405 410

(Boarnen: 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Ta neitins oan it hurde bestean fan 'e bewenners yn it fean stiet yn it sintrum fan it doarp it keunstwurk De Veengravers (1979) fan Wilma Burgers-Gerritsen.

Sûnt hast in iuw brocht yn 2011 in pearke raven foar it earst yn Fryslân wer jongen grut. Dat barde yn 'e bosken fan Ravenswâld. It lêste Fryske nêst fan 'e raaf foar dy tiid waard yn 1904 yn Beetstersweach leechhelle.[4]

  • Boksleatswei - âlde namme
  • Fochtelerfean - nei it Fochtelerfean
  • Kompanjonswei - de kompanjons hienen de feanterij yn hannen.
  • Lycklamafeart - nei de famylje Lycklama à Nijeholt
  • Master Lokstrjitte - master Anje Lok wie haad fan de skoalle en troch de Dútske besetter fusiliearre.
  • Veenwijksweg - wei troch it fean om de turf ôf te fieren.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Skiednis: T.H. Oosterwijk, De Geschiedenis fan Ooststellingwerfse dorpen, side 47-52
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Doarpsside, oproppen 21 juny 2023
  4. Nature Today, 26 july 2011

Eaststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
· · Berjocht bewurkje