Pompeblêd
In Pompeblêd of plompeblêd is de namme foar it blêd fan de Swanneblom de giele plomp (ek dûker, eineblom, plompeblêd, wetterplomp óf wite wetterleelje) en bearzerûch.
Flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme wurdt brûkt om de sân reade, nierfoarmige blêden op de Fryske flagge oan te tsjutten. De flagge giet werom op midsiuwske ôfbyldings fan it fiktive wapen dat de kening fan Fryslân hân hawwe soe. De sân reade swanneblomblêden (palustris herbae nympheae rubra folia) soene neffens de 16e-iuwske gelearde Suffridus Petrus ferwize nei de Sân Fryske Seelannen, dy’t troch trije wetterstreamen fan inoar skaat wiene. Dat wiene lânstreken sûnder sintraal gesach yn it kustgebiet fan Alkmaar oant de Weser. Der ha nea krekt sân fan dy bestjoersienheden west; it getal sân hie nei alle gedachten de konnotaasje ‘in protte’. Yn Fryslân wurde de pompeblêden fanâlds yn de foarm fan in hert mei in ôfrûne punt of in kromme bean tekene. Yn it 16e-iuwske wapen fan de Grinzer Ommelannen, dat fan it âldste Fryske wapen ôflaat is, wie earder de hertfoarm gewoan. It ûnderskied mei heraldyske herten is dreech te meitsjen en beide foarmen wiene yn de midsiuwen útwikselber.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wapens mei pompeblêden (Dútsk: Seeblatt, oarspronklik Mum (mel)blatt, Deensk søblad, Sweedsk sjöblad) komme ek yn Dútslân, Eastenryk, Tsjechje en Skandinaavje foar. Dy namme waard brûkt foar de blêden fan de ‘seeblom’, ‘seeroas’ of ‘wetterroas’, wêrmei de wite wetterleelje (Nymphaea alba) of de giele plomp (Nuphar lutea) dan wol it bearzeblêd (Nymphoides peltata, Deensk: søblad) en mooglik ek de lytse plomp (Nuphar pumila) oantsjut waarden. Frânsktalige wapenboeken brûke de term feuilles de nénuphar, wat op alle fjouwer plantesoarten slaan kin. Ek de blêden fan de hillige lotus (Nelumbo nucifera) wurde somtiids as Seeblätter oantsjut.
It blêd is faak hertfoarmich en hat yn it midden in klaverfoarmige iepening, wêrtroch't somtiids betizing mei de figuer fan de Schröterhorn (it gewei fan de maaituorre) ûntstiet. Al yn it Heechdútske Gudrunliet út it twadde kertier fan de 13de iuw is sprake fan it blauwe banier fan de fiktive kening Herwig fan Sêlande, dêr’t blêden fan swanneblommen op te sjen wiene (einen vanen breit von wolkenblawen siden … sêbleter swebent dar inne). De kleur fan de blêden is dêr lykwols net oanjûn. It motyf fan it pompeblêd is mooglik ûntstien út ôfbyldings fan it hert yn de foarm fan in linebeamblêd of omkearde skoppen (kaartspul). Omkearde reade en gouden herten wiene yn de 11de iuw in wichtich weardichheidssymboal yn it Byzantynske Ryk en binne nei alle gedachten fia dy wei yn Skandinaavje bedarre, dêr't se efterôf as swanneblomblêden of miskien as stilearre blommen fan de hillige lotus oantsjut waarden. Skandinavyske ridders tsjinnen ûnder oaren yn de Farangiaanske garde as liifwachten fan de Byzantynske keizer. De heraldyske kleuren goud en read wiene maklik útwikselber; midsiuwske literêre boarnen hawwe it ornaris oer 'it reade goud'. In ferlykbere ûntwikkeling barde by de fleur de lis yn de Frânske keningsflagge, oarspronklik in hearskippijsymboal yn de foarm fan in septer, mar fan de 13e iuw ôf útlein as in struifjild fan barchjeblom (flores liliorum of gladioli floris aurei). Faaks wiene de struifjilden mei blommotiven, stjerren en krúskes op ier-midsiuwske keningsbanieren dêrby it foarbyld. Sokke banieren wiene te sjen op mozaïken yn de tsjerke fan de hillige Susanna yn Rome en yn de ytseal fan it Lateraansk Paleis. Sy ynspirearren ûnder oaren de ûntwikkeling fan de Frânske oarlochsflagge Oriflamme (foar it earst neamd yn it Roelandsliet). By de krústochten ûntstie fierder de gewoante om bútmakke gouden en sulveren munten of bezanten op it wapenskyld fêst te meitsjen. Dêrfan is ûnder oaren it wapen fan de út Hollân stammende greven fan Bentheim ôflaat, foar it earst te sjen op in segel fan Boudewyn I út 1243. In bysûnder gefal foarmet de Fryske frijheidsmunt fan om-ende-by 1350, dy't in imitaasje is fan dûbele sterlingmunten út Flaanderen en Henegouwen. It embleem mei fjouwer moannesikkels om in krús liket yn de Fryske ferzje wat op in krús mei fjouwer pompeblêden. Sokke motiven, wêryn’t it krús omjûn waard troch rûne foarmen (hostys?), letters of oare symboalen, wiene lykwols al sûnt de 11e iuw wiid ferspraat, ek yn de Fryske gewesten.
Skandinavyske ynfloeden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de âldste beskriuwing (om-ende-by 1300) wiene de pompeblêden yn it Fryske wapen - dêr noch herten neamd - earst wyt. De reade pompeblêden binne nei alle gedachten ûntliend oan it wapenskyld fan Sweedske keningen út it hûs Folkunge, benammen it wapen fan kening Magnus III fan Sweden. Dat wapen bestie út in gouden liuw op in fjild fan blauwe en wite skeanbalken, wêrop - krektas yn Fryslân - reade herten stiene. In dokumint út 1306 tsjut dy herten oan as wetterleeljeblêden (‘’sparsos flores qui dicuntur Söblad’’). It leit foar de hân dat it wapenbyld, dat benammen fia let-midsiuwske wapenboeken ferspraat waard, fan ynfloed west hat op it ûntstean fan it Fryske wapen. De namme Magnus waard ek assosjearre mei de legindaryske banierdrager Magnus Forteman, fan wa't men ek wol tocht dat er út Denemark kaam.
Lange tiid stiene de reade pompeblêden yn it Sweedske rykswapen. De pompeblêden stiene ek yn it âlde wapen fan Denemark. Kening Knoet VI fan Denemark wie de earste dy’t om-ende-by 1190 in struifjield fan herten of pompeblêden yn syn segel brûkte. Oare segels en muorreskilderingen toane struifjilden fan roazen of stjerren. Fia Denemark bedarren dy figueren ek yn it wapen fan it foarstendom Lüneburg, dêr’t se as herten oantsjutten waarden.
Saksen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de heraldyske tradysje fan de Saksyske hartoggen fine wy sûnt de 15e iuw trije reade pompeblêden, ornaris yn in wyt fjild. Dat giet om de gearstalde wapens fan de hartochdommen Saksen-Lauenburg, Westfalen, Saksen-Wittenberg en de oare Ernestynske hartochdommen, fierder it foarstendom Anhalt, it Karfoarstendom Saksen (mei de dêrút fuortkommende Albertynske hartochdommen), en sûnt it begjin fan de 16de iuw (mei oare kleuren) ek it Karfoarstendom Keulen. De populariteit fan dat wapenmotyf wie - krekt as yn Fryslân - ferbûn mei dynastyske oanspraken. In wapenleginde (oantekene yn 1514) stelt dat de trije Seeblede eartiids troch Karel de Grutte ferliend waarden oan de subregio Engern en oan de earste hartoch Widukind. Yn werklikheid kamen se lykwols út it wapen fan de greve fan Brehna (1226).
Trije reade pompeblêden stiene sûnt 1198 yn it wapen fan de greve fan Tecklenburg. It motyf krige úteinlik in plak yn it grutte wapen fan it Keninkryk Prusen út 1864 en dat fan it hartochdom Anhalt út 1806 .
Op oare plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Súddútske kleasters Tegernsee, Frauenchiemsee en Seeon hiene griene Seeblätter yn it wapen. It âldste foarbyld fan sa'n wapen is dat fan de ealman Herrand van Wildon út Stiermarken (sawat 1195). Trije reade Seeblätter markearren de wapens fan de aadlike famyljes Von Bourscheid, Von Friesack, Von Gumpenberg, Kyrning, Van der Meer de Walcheren en Von Seebach, trije griene Seeblätter dy fan de famyljes Von Bernstorff, Von Bodman, Porse en Rockox (Antwerpen) ), trije swarte Seeblätter út de famyljes Von Dernbach, Nordeck zur Rabenau, Sture en Ving, trije gouden Seeblätter út de Sweedske Ribbing famylje, trije sulveren Seeblätter út de Deenske famyljes Sehested en Skinkel af Søblad en de Nederlânske Tetrode famylje, twa sulveren Seeblätter dy't fan 'e Boheemsk-Silezyske famyljes Von Kaunitz, Martinic, Von Stosch en Talmberka en ek de Hessyske famylje Von Trohe. Yn Mecklenburg wie it symboal al yn de 14e iuw populêr. Sokke figueren komme ek foar yn fantasywapens, lykas it wapen fan Le Roy d'Aufrique yn it wapen fan Wijnbergen út'e ein fan 'e 13de iuw, dêr't nei alle gedachten betizing ûntstiet mei it wapen fan 'e kening fan Fryslân. Gewoanlik troch dy aadlike famyljes kaam it pompeblêd yn in protte stêds-, doarps- en wykwapens telâne, bygelyks yn it gefal fan Bitterfeld, Bloemendaal, Brehna, Friesack, Gochsen, Kemberg, Löhne, Lüneburg, Nettersheim, Orlamünde, Prettin, Sehested, Stainz, Steinfurt, Tecklenburg, Wachendorf (Starzach) en Weimar. It wapen fan Sibiu (Hermannstadt) mei trije pompeblêden waard opnommen yn it âldste wapen fan Transsylvaanje út 1550. It wie mooglik ûntwurpen om de Saksyske komôf fan de befolking te beklamjen.
Yn guon gefallen is letter in ferbining lein mei Fryslân: sa wurdt sein dat de famylje Von Friesack ôfstammet fan Fryske kolonisten dy't Havelland ûntwikkele hawwe. In oarsprongsêge ferbynt de famylje Tetrode mei grevinne Thetburga fan Hollân, dy't nei alle gedachten út Fryslân komt. De trije reade pompeblêden yn it wapen fan de Fryske ealman Ernst Harinxma van Donia (yn syn Doodtboeck út 1613) binne mooglik ynspirearre troch resinte lektuer oer de Fryske skiednis.
-
It wapen fan Grinslân
-
Tecklenburg, Dútslân
-
Oarspronklik wapen fan de Dútske greven fan Tecklenburg
-
Flagge fan de Ynterfryske Rie
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De thússhirts fan SC Hearrenfean binne sûnt begjin jierren tritich fersierd mei pompeblêden.
- It logo fan it busbedriuw FRAM (1971 oant 1996) bestie út trije Fryske pompeblêden.
- De bussen fan Arriva dy't oant 14 desimber 2008 yn Súdeast-Fryslân rieden hiene foar- en efteryn trije Fryske pompeblêden.
- De Qbuzz-bussen yn Súdeast-Fryslân binne fan alle kanten útrist mei in tal Fryske pompeblêden.
- De eardere Blauhúster Dakkapel droegen sûnt de jierren santich Fryske flagge-kilen mei pompeblêden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|