Springe nei ynhâld

Planet of the Apes (film út 2001)

Ut Wikipedy
Planet of the Apes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tim Burton
produsint Richard D. Zanuck
senario William Broyles jr.
Lawrence Konner
Mark Rosenthal
basearre op La Planète des singes
   fan Pierre Boulle
kamerarezjy Philippe Rousselot
muzyk Danny Elfman
filmstudio 20th Century Fox
The Zanuck Company
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Mark Wahlberg
Tim Roth
Helena Bonham Carter
byrollen Michael Clarke Duncan
Kris Kristofferson
Estella Warren
Paul Giamatti
Cary-Hiyoki Tagawa
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 27 juny 2001
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 120 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $362,2 miljoen
filmsearje
filmsearje Planet of the Apes
● foarich diel Battle for the Planet of the Apes
● folgjend diel Rise of the Planet of the Apes

Planet of the Apes is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 2001 ûnder rezjy fan Tim Burton, mei yn 'e haadrollen Mark Wahlberg, Tim Roth en Helena Bonham Carter. De titel betsjut eins "Planeet fan 'e Minskapen", hoewol't it ornaris oerset wurdt as "Planeet fan 'e Apen". De film makket diel út fan 'e Planet of the Apes-franchise. It is in remake fan 'e oarspronklike film út 1968 en de plot is yn grutte halen basearre op 'e roman La Planète des singes fan Pierre Boulle. It ferhaal giet oer de Amerikaanske astronaut Leo Davidson, dy't in needlâning makket op in frjemde planeet dy't bewenne wurdt troch yntelliginte minskapen. Der libje ek minsken, dy't troch de apen as slaven holden wurde. Mei de help fan in abolisjonistyske senatorsdochter, de sjimpansee Ari, organisearret Davidson in slave-opstân. Planet of the Apes krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat waard in plande ferfolchfilm skrast. Yn 2011 folge mei Rise of the Planet of the Apes in reboot fan 'e Planet of the Apes-filmsearje.

Yn 2029 wurket astronaut Leo Davidson oan board fan it Amerikaanske romtestasjon Oberon mei minskapen dy't traind binne foar romtefeartmisjes. Syn favorite aap is de sjimpansee Pericles. As in libbensgefaarlike elektromagnetyske stoarm op it romtestasjon ta komt, wurdt in lytse romtesonde mei Pericles as piloat derop ôfstjoerd om mjittings te ferrjochtsjen. De sonde giet de stoarm yn en ferdwynt. Davidson giet der dan op út yn in twadde romtesonde. As er de stoarm yngiet, fynt er de sonde mei Pericles werom, mar ferliest er it kontakt mei de Oberon. Lang om let wurdt er útspuid troch de elektromagnetyske stoarm en makket er in needlâning op in ûnbekende planeet mei in atmosfear dy't genôch soerstof befettet om sykhelje te kinnen.

As er út 'e sonde komt en op ûndersyk út giet, ûntdekt Davidson dat de elektromagnetyske stoarm him trijetûzen jier nei de takomst brocht hat. It is no it jier 5021, en de planeet dêr't er him op befynt hjit Ashlar. De wrâld wurdt dominearre troch in beskaving fan yntelliginte, Ingelsksprekkende, humanoïde minskapen, dy't hynders as ryddieren brûke en minsken as slaven.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Davidson wurdt finzen nommen en ta slaaf makke. Hy moetet in froulike sjimpansee dy't Ari hjit en der abolisjonistyske ideeën op nei hâldt dy't troch de measte oare apen as flauwekul beskôge wurde. Sy beslút Davidson en in slavinne dy't Daena hjit te keapjen om harren as tsjinners yn har heite hûs wurkje te litten. Op dy manear is se der wis fan dat se goed behannele wurde. Har heit blykt de foaroansteande senator Sandar te wêzen.

Davidson is lykwols net fan doel om him del te lizzen by in bestean as slaaf, en al rillegau brekt er út syn koai. Holpen troch in wifkjende Ari befrijt er de oare minsken. Limbo, in orang-oetan dy't slavekeapman is, sjocht wat der bart, mar wurdt troch de minsken finzen nommen om derfoar te soargjen dat er gjin alaarm slacht. De minsken ûntflechtsje mei Ari en Limbo de Apestêd. Wannear't de ûntsnapping fan 'e slaven opmurken wurdt, sette de moardsuchtige sjimpansee-generaal Thade en syn ûnderbefelhawwer, de gorilla-kolonel Attar, mei harren troepen de efterfolging yn.

De ûntsnapte slaven tsjogge de woastyn yn, op 'e siik nei it mysterieuze Calima. Dat is de hillige timpel fan Semos, de "earste aap", dy't troch de hjoeddeistige apen as in god fereare wurdt. It is lykwols ek in plak dat taboe is en dêr't nimmen komme mei, dat Ari wit der sels ek net folle oer. Calima blykt, ta alteraasje fan Davidson, it wrak te wêzen fan 'e Oberon, dy't op it planeetoerflak delstoart is en der no oerâld útsjocht. De namme komt fan it boerd "Caution: Live Animals" ("Foarsichtich: Libbene Bisten"), wêrfan't inkeld de relevante letters noch lêsber binne. Neffens it kompjûterlogboek fan it romtestasjon leit de Oberon dêr al tûzenen jierren. Davidson beseft no dat hy troch de forteks fan 'e elektromagnetyske stoarm yn 'e tiid foarút treaun is, wylst efter him de Oberon troch de stoarm út 'e romte reage waard en delstoarte op 'e planeet, trijetûzen jier foar't hy dy berikte.

It logboek fan 'e Oberon jout ek oan dat de apen dy't oan board wiene, oanfierd troch ien dy't Semos hiet, nei it delstoarten yn opstân kamen en it wrak fan it romtestasjon oernamen. De oerlibbenen fan 'e minsklike bemanning ûntflechten it wrak, en harren ôfstammelingen binne de minsklike slaven dy't Davidson sûnt syn eigen oankomst op Ashlar met hat.

It leger fan generaal Thade arrivearret en falt de minsken oan dy't har by Davidson jûn hawwe. Davidson brûkt de lêste restanten fan 'e brânstof fan 'e Oberon as oarlochswapen om 'e earste weach fan it apeleger út te skeakeljen. Der ûntjout him in fjildslach, dy't pas einiget as in foar Davidson bekende romtesonde út 'e loft omleech komt. It blykt de sonde fan Pericles te wêzen, dy't krekt as Davidson foarút yn 'e tiid treaun is, mar dy't no krekt de planeet berikt om't de elektromagnetyske stoarm dingen loslit yn omkearde folchoarder fan hoe't se opslokt binne. As Pericles lânet en de sonde iepenet om derút te klimmen, bûge de apen har foar him del, mei't se syn oankomst ynterpretearje as de werkomst fan Semos. De fijannichheden tusken minsken en apen hâlde abrupt op.

Pericles draaft it wrak fan 'e Oberon binnen en Davidson giet him efternei, wêrby't er sels folge wurdt troch generaal Thade. Der brekt slaanderij út tusken Davidson en Thade. Pericles besiket Davidson te helpen, mar Thade smyt him hurd tsjin in wand oan en besiket dan Davidson syn pistoal ôf te pakken en him dêr mei te deadzjen. Davidson sjocht lykwols dat Thade him yn 'e cockpit befynt en slút de automatyske doar, sadat Thade finzen komt te sitten. De generaal besiket de doar stikken te sjitten, mar de kûgels kitse ôf, sadat er beskûl sykje moat ûnder ien fan 'e kontrôlepanielen om oan ferdwaalde kûgels te ûntkommen.

Davidson beslút dizze kâns oan te gripen om fan Ashlar te ûntkommen en werom te kearen nei de Ierde. Hy jout Pericles oan Ari, dy't ûnthjit om foar de primitive sjimpansee te soargjen. Nei't er ôfskie nommen hat fan har en Daena, klimt Davidson yn 'e ûnskansearre romtesonde fan Pericles en stiget op. Hy fljocht deselde elektromagnetyske stoarm wer yn om tebek yn 'e tiid te reizgjen. Dat slagget, en hy berikt de Ierde yn syn eigen tiid en stoart del yn it sintrum fan Washington, D.C. Dêr sjocht er op nei wat it Tinkteken foar Lincoln liket te wêzen, mar ûntdekt dat it no in monumint is foar generaal Thade. Wylst it kâlde besef by Davidson begjint te daagjen dat de yn 'e cockpit fan 'e Oberon opsletten Thade him efternei kommen is en de Ierde earder as hy berikt hat om 'e skiednis te feroarjen, kloftet der in swarm plysjes, brânspuitlju en ferslachjouwers om him hinne gear, dy't allegearre apen binne.

Mark Wahlberg.
Tim Roth.
Helena Bonham Carter.
haadrollen
personaazje                  akteur/aktrise
astronaut Leo Davidson Mark Wahlberg
generaal Thade Tim Roth
Ari Helena Bonham Carter


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kolonel Attar Michael Clarke Duncan
Karubi Kris Kristofferson
Daena Estella Warren
Limbo Paul Giamatti
generaal Krull Cary-Hiyoki Tagawa
senator Sandar David Warner
Tival Erick Avari
Birn Luke Eberl
Nova Lisa Marie
Gunnar Evan Parke
senator Nado Glenn Shadix
Bon Freda Foh Shen
luitenant Karl Vasich Chris Ellis
luitenant-kolonel Grace Alexander Anne Ramsay
majoar Frank Santos Michael Jace
majoar Maria Cooper Andrea Grano
freon op Leo syn feest Kam Heskin
freondinne op Leo syn feest Melody Perkins
Zaius Charlton Heston (cameo)
frou yn karre Linda Harrison (cameo)
Pericles Jonah en Jacob de sjimpansees

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In remake fan 'e science fiction-filmklassiker Planet of the Apes wie by filmstudio 20th Century Fox al yn 1988 sprake fan. Doe waard Adam Rifkin hifke om regisseur te wurden fan in film dy't Return to the Planet of the Apes ("Weromkear nei de Planeet fan 'e Apen") komme moast te hjitten. It moast mear in alternative earste ferfolchfilm op 'e oarspronklike film wurde, oer in minsklike slave-opstân yn in Romeinsk-eftich aperyk, dy't karakterisearre waard as in krusting tusken it oarspronklike Planet of the Apes en Spartacus. Rifkin neamde it: "In wier sandalefilmspektakel, mar dan op 'e apemanear. Gladiator wie deselde film sûnder de apekostúms." It projekt berikte op in hier nei de preproduksjefaze foar't de boel ôfblaasd waard.

Yn 1993 waard it op 'e nij besocht, diskear mei Oliver Stone as útfierend produsint. Terry Hayes skreau in senario mei de titel Return of the Apes ("Weromkear fan 'e Apen"), wêryn't in minsklike genetikus spile troch Arnold Schwarzenegger werom yn 'e tiid reizget nei de Stientiid om 'e apen te ferslaan en de minsklike evolúsje fan primityf ta modern feilich te stellen. Der ûntstie lykwols spul oer wat 20th Century Fox woe en de ynterpretaasje troch Hayes fan 'e ideeën fan Stone. Filmprodusint Don Murphy, dy't gearwurke mei Stone, fette it skeel sa gear: "Terry skreau in Terminator en Fox woe The Flintstones hawwe." Op 'e nij rûn it projekt op 'e non.

Regisseur Tim Burton.

Letter besocht produsint en regisseur Chris Columbus de remake fan 'e grûn te krijen op basis fan in skript skreaun troch Sam Hamm. Dêryn stoart in aperomtefarder fan in oare planeet del yn New York en soarget foar in pandemy dy't de hiele minskheid driget út te rûgjen. Twa minsklike wittenskippers reizgje nei de apeplaneet om in faksin te finen, mar troch tiidsdilitaasje ûnder harren romtereis duorret it 74 jier foar't se op 'e Ierde weromkeare, dêr't tsjin dy tiid de apen de macht oernommen hawwe en it Frijheidsbyld de kop fan in gnizende aap hat. 20th Century Fox hie mingde gefoelens oer dat senario. Columbus loek him tsjin 'e ein fan 1995 út it projekt werom om mei Schwarzenegger Jingle All the Way te meitsjen.

Neitiid wie der sprake fan dat Roland Emmerich de film regissearje soe, en teffens wiene der ferkennende petearen tusken Fox en James Cameron wylst dyselde de rampefilm Titanic makke. Doe't dat in reuseftich súkses waard, hie Cameron de projekten foar it útkiezen en betanke er foar Planet of the Apes. Tsjin dyselde tiid loek Schwarzenegger him ek werom út it projekt om Eraser te meitsjen. Michael Bay en Peter Jackson sloegen it oanbod fan 'e studio om 'e film te regissearjen ôf.

Yn 1999 waard William Broyles jr. frege om it safolste senario foar de remake fan Planet of the Apes te skriuwen. Dat loek de belangstelling fan Tim Burton, dy't yn febrewaris 2000 in kontrakt mei 20th Century Fox ôfsleat om 'e film te regissearjen. Yn maart fan dat jier tekene Richard D. Zanuck by it krúske om 'e film te produsearjen foar Fox en syn eigen produksjemaatskippij The Zanuck Company. Foar de film wie in budget beskikber fan $100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philippe Rousselot, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Danny Elfman.

De Sony Pictures Studios, dêr't it meastepart fan Planet of the Apes filme waard.

Op oanwizings fan Burton skreau Broyles in nije ferzje fan syn skript, mar der waard begrutte dat de ferfilming dêrfan $200 miljoen kostje soe. Dat gie Fox oer de meuch, dat Lawrence Konner en Mark Rosenthal waarden ynhierd om it senario fan Broyles oan te passen op in manear dy't it ferfilmjen goedkeaper meitsje moast. Broyles sei letter dat er "in protte respekt" hie foar it wurk fan Konner en Rosenthal, dy't de drege taak hiene om 'e koal en de geit te sparjen: se moasten op 'e kosten besunigje, mar dochs it ferhaal safolle mooglik behâlde.

Wylst oare akteurs earst it senario sjen woene foar't se har fêstleine, sleat Mark Wahlberg in kontrakt ôf om astronaut Leo Davidson te spyljen nei't er fiif minuten mei regisseur Tim Burton praat hie. Hy sei dêrfoar in rol ôf yn 'e heistfilm Ocean's Eleven, dy't sadwaande nei Matt Damon gie. Om ûnwinske assosjaasjes mei syn eardere karriêre as ûnderguodmodel foar te kommen, droech Wahlberg yn Planet of the Apes gjin muldoek, hoewol't syn foargonger Charlton Heston dy yn 'e oarspronklike film wol droegen hie.

As generaal Thade, de wichtichste antagonist, waard Tim Roth cast, dy't dêrfoar de rol fan Severus Sneep yn Harry Potter and the Philosopher's Stone ôfsei (dy't doe nei Alan Rickman gie). Helena Bonham Carter wie Burton syn earste kar foar de abolisjonistyske apinne Ari. Op har audysje seid er tsjin har: "Fetsje dit ferkeard op, mar do wiest de earste persoan oan wa't ik tocht om in sjimpansee te spyljen." Op 'e filmset fan Planet of the Apes krigen Burton en Bonham Carter in relaasje dy't trettjin jier duorje soe en dêr't twa bern út berne waarden.

De film omfette fierder cameo's fan Charlton Heston, de haadrolspiler út 'e oarspronklike film út 1968, as Zaius, de heit fan generaal Thade, en fan Linda Harrison, dy't Nova spile yn 'e oarspronklike film, as in frou yn in karre. Roth, in útsprutsen anty-fjoerwapenaktivist wrokke tsjin Heston fanwegen dy syn jierrenlange wurk as foarsitter fan 'e Amerikaanske fjoerwapenlobby NRA. Hy sei letter dat er it skeel bûten it wurkplak holden hie om't it ûnprofesjoneel west hawwe soe om dat net te dwaan, mar dat er de rol fan generaal Thade net oannommen hie as er yn 't foar witten hie dat er in sêne mei Heston spylje moast.

De opnamen foar Planet of the Apes setten op 6 novimber 2000 útein en duorren oant yn april 2001. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn it filmstudiokompleks fan 'e Sony Pictures Studios yn Culver City, in foarstêd fan Los Angeles. Guon sênes waarden op lokaasje filme by de Powellmar, yn Arizona, dêr't ek de begjinsênes fan 'e oarspronklike film opnommen wiene. Fanwegen drûchte moast der foartiid ekstra wetter yn 'e mar pompt wurde. Oare filmlokaasjes wiene lavaflakten yn Hawaï en de Trona Pinnacles yn Ridgecrest (Kalifornje).

De Powellmar yn Arizona wie ien fan 'e opnamelokaasjes foar de remake Planet of the Apes, krekt sa't er dat west hie foar de oarspronklike film út 1968.

De distribúsje fan Planet of the Apes waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 27 juny 2001 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Planet of the Apes waard op 20 novimber 2001 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd.

Fan 'e filmkritisy krige Planet of the Apes mingde resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy priizge de ferrassende ein, mar fûn dat it Planet of the Apes ûntbriek oan in lykwichtige ferhaalstruktuer. Ek skreau Ebert: "De film sjocht der geweldich út. De fisazjy fan Rick Baker is oertsjûgjend sels by ekstreme close-ups, en syn apen fûnkelje fan persoanlikheid en oanwêzigens. De filmsets en -lokaasjes jouwe in foechsum gefoel fan bûtenierdsk ûntsach. Tim Burton hat in film makke dy't it orizjineel mei respekt behannelet, mar dat is net genôch. Mei tsien jier sil it noch altyd de ferzje út 1968 wêze dy't minsken sjen wolle."

Yn it tydskrift Rolling Stone moast Peter Travers net folle fan Planet of the Apes hawwe. Hy skreau: "Neam it mar gerêst in teloarstelling, dy't noch oanboazet troch it sloarderige senarioskriuwwurk. Om mei Heston yn beide films te sprekken: 'Nei de hel mei harren, nei de hel mei harren allegearre!'" Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times woe hawwe: "de akteurs yn 'e net-minsklike rollen binne foar it meastepart te begroeven yn make-up om in sterke yndruk te meitsjen. Spitigernôch telt al it goede wurk lang sa folle net as je ferwachtsje soene." Hy konkludearre: "Planet of the Apes lit sjen dat it té serieus nimmen fan it materiaal in like grut probleem wêze kin as wannear't je it hielendal net serieus nimme." Yn The New York Times krige de film fan Elvis Mitchell in positivere resinsje, mei't er fûn dat er syn doel as "poer fermaak" mei flagge en wimpel berikt hie. Susan Wloszczyna fan USA Today wie it mei him iens, mar fûn dat dat benammen te tankjen wie oan 'e treflike prostetyske smink fan fisazjist Rick Baker, dy't tige reälistyske apen kreëarre hie.

In protte krityk gie út nei de dûbelsinnige ein fan 'e film. Akteur Tim Roth, dy't de rol fan generaal Thade spile, sei dêroer: "Ik kin dy ein net útlizze. Ik haw it twaris sjoen en ik begryp der gjin sikkepit fan." Aktrise Helena Bonham Carter, dy't de rol fan Ari fertolke, sei lykwols: "Ik fûn it wol te folgjen, min ofte mear. Ik begryp net wêrom't eltsenien sei: 'Huh?' It hat mei tiidreizgjen te krijen. Hy giet werom en dan beseft er dat Thade dêr earder oankommen is as hy." De ein fan 'e remake wie winliken in stik trouwer oan 'e ein fan 'e roman La Planète des singes, fan Pierre Boulle, as de ein fan 'e oarspronklike film út 1968. Regisseur Tim Burton bewearde dat de ein fan 'e film net logysk hoegde te wêzen om't it allinne mar in cliffhanger wie dy't bedoeld wie as opstapke nei de doe noch ferwachte ferfolchfilm.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Planet of the Apes in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 158 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze remake fan Planet of the Apes kin foar guon kritisy it orizjineel net belykje, mar de oangripende bylden en B-filmsjarmes soene jo wolris oansprekke kinne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Planet of the Apes in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 34 resinsjes.

De Trona Pinnacles, in ûngewoane rotsformaasje yn Ridgecrest (Kalifornje), wiene ien fan 'e opnamelokaasjes foar Planet of the Apes.

Planet of the Apes brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $180,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $182,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $362,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $262,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Planet of the Apes de op acht nei meast opbringende film fan 2001, nei Harry Potter and the Philosopher's Stone, The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, Monsters, Inc., Shrek, Ocean's Eleven, Pearl Harbor, The Mummy Returns en Jurassic Park III.

Planet of the Apes waard by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn twa kategoryen, foar bêste fisazjy en bêste kostúmûntwerp. By de Saturn Awards waard de film nominearre foar bêste byrol fan in akteur (Tim Roth), bêste byrol fan in aktrise (Helena Bonham Carter), bêste fisazjy en bêste kostúmûntwerp. De filmmuzyk fan Danny Elfman waard fierders nominearre foar in Grammy Award.

Skraste ferfolchfilm en reboot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande it kommersjele súkses fan Planet of the Apes besleat filmstudio 20th Century Fox dochs ôf te sjen fan in plande ferfolchfilm. Doe't regisseur Tim Burton frege waard oft er in ferfolchfilm meitsje woe, antwurde er dat er leaver út it finster sprong. Yn 'e 2010-er jierren gie Fox fierder mei de Planet of the Apes-franchise, mar net mei in ferfolchfilm op 'e remake, mar ynstee mei in folsleine reboot. It earste diel út 'e rebootfilmsearje wie Rise of the Planet of the Apes út 2011.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Planet of the Apes
 oarspronklike filmsearje  Planet of the Apes (1968) • Beneath the Planet of the Apes (1970) • Escape from the Planet of the Apes (1971) • Conquest of the Planet of the Apes (1972) • Battle for the Planet of the Apes (1973)
 remake Planet of the Apes (2001)
 rebootfilmsearje Rise of the Planet of the Apes (2011) • Dawn of the Planet of the Apes (2014) • War for the Planet of the Apes (2017) • Kingdom of the Planet of the Apes (2024)