Philip Baker Hall
Philip Baker Hall | ||
akteur | ||
Philip Baker Hall (2009) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Philip Baker Hall | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 septimber 1931 | |
berteplak | Toledo | |
stoarn | 13 juny 2022 | |
stjerplak | Glendale | |
jierren aktyf | 1970-2022 |
Philip Baker Hall (Toledo Ohio, 10 septimber 1931 – Glendale Kalifornje, 13 juny 2022) wie in Amerikaansk akteur. Hy waard yn 1998 nominearre foar in Independent Spirit Award foar syn haadrol yn de misdie-dramafilm Hard Eight en yn 2006 foar in Satellite Award foar syn byrol yn de komeedzjesearje The Loop. Hall waard yn 1998 ek nominearre foar in Screen Actors Guild Award Tegearre mei de hiele cast fan Boogie Nights en nochris yn 2002 mei dy fan Magnolia.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hall makke yn 1970 syn film - en akteardebút as Heit Reis yn de dramafilm Cowards. Sûnt spile er rollen yn mear as sechstich oare films, mear as njoggentich ynklusyf dy yn telefyzjefilms. Op telefyzjemêd droech Baker Hall ek net swak by, mei't er ferskynde as werkommend personaazje yn mear as fyftich ôfleveringen fan mear as tsien ferskillende telefyzjesearjes. Ek hie er gastroltsjes foar ien kear yn mear as 35 oare searjes.
Hall ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 90 jier.