Petrus Johannes van Beyma
Jhr. mr. Petrus Johannes van Beyma (Ljouwert, 11 maaie 1839 − De Haach, 6 oktober 1911) wie in Nederlânsk jurist en lid fan de Earste Keamer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Beyma wie lid fan it laach Van Beyma en in soan fan jhr. mr. Julius Matthijs van Beyma (1813-1898), offisier fan justysje, en Anna Catharina Adema (1814-1848); hy troude yn 1862 mei syn folle nicht jkfr. Geertrui Vegelin van Claerbergen (1838-1909), lid fan it laach Vegelin van Claerbergen, mei wa 't hy acht bern krige. Hy wie in broer fan paleisyntendant en wethâlder jhr. Lollius van Beijma (1840-1925) en fan boargemaster jhr. Jan van Beyma (1848-1900).
Van Beyma studeare rjochten oan de Universiteit Leien dêr 't hy yn 1862 summa cum laude promovearre op De fergoeding fan skea ûntsteande út it net goed oerkommen fan telegrammen. Dêrnei wie hy yn de jierren 1862 en 1863 abbekaat yn Ljouwert om dêrnei yn tsjinst de kommen by justysje, earst as griffier fan in kantongerjocht, dêrnei as substitút-offisier fan justysje en as lêste, fan 1870 oant 1876, as offisier fan justysje. Yn dat lêste jier waard hy beneamd as sjef fan de ôfdieling steats- en folkerjocht, strafrjocht en straffoardering, ensfh. by it departemint fan Justysje yn De Haach. Dy funksje hâlde er oant hy yn 1886 beneamd waard as siktaris-generaal by dat ministearje fan Justysje. Hy bleau topamtner oant syn ferkiezing ta lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal per 20 septimber 1904; hy bleau oant 1910 keamerlid. Yn de Earste Keamer, as âld- of frij-liberaal, spruts hy benammen oer justisjele oangelegenheden.
Van Beyma hie in tal njonkenfunksjes, benammen as lid fan ferskillende (steats)kommisjes. Hy wie Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en waard by syn ôfskied faan it ministearje yn 1904 beneamd ta kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De vergoeding van schade ontstaande uit het niet rigtig overkomen van telegrammen. Leien, 1862 (proefskrift).
- De Rijks-politie in Nederland : haar geschiedenis en tegenwoordige inrigting. 2 dielen. Snits, 1872.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
De ynformaasje op dizze side, of in eardere ferzje dêrfan, komt hielendal of gedieltlik fan www.parlement.com. Oername wie oant 1 febrewaris tastien mei boarnefermelding. |
- Frysk abbekaat
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Frysk liberaal
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- Earste Keamerlid
- Nederlânsk liberaal
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Persoan berne yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1839
- Persoan stoarn yn 1911