Springe nei ynhâld

Patmos

Ut Wikipedy
Patmos
Πάτμος
geografy
lokaasje Egeyske See
ûnderdiel fan Dodekanesos
lân flagge fan Grikelân Grikelân
koördinaten 37° 19' N 26° 32' E
algemien
haadstêd Skala
ynwennertal 3.283 (2021)
sifers
oerflak 34,142 km²
heechste punt 270 m
webside
www.patmos.gr
kaart
Patmos (Grikelân)
Patmos

Patmos (Gryksk: Πάτμος; Italjaansk: Patmo) is in Gryksk eilân en gemeente yn 'e Egeyske See en wurdt ek wol it Jeruzalim fan 'e Egeyske See neamd.

It eilân leit noardwest fan 'e eilannen Leros, Kalymnos en Kos en súdwest fan Samos. Patmos is rotsich en fulkanysk en hat in rûge kust mei moaie strannen. It eilân is likernôch 34 km² grut en hat goed 3.000 fêste ynwenners. It heechste punt fan it eilân is de Profitas Ilias-berch mei in hichte fan 270 m. Grutste plakken op it eilân binne Skala en noard dêrfan Kampos en Christos en súd dêrfan Groikos en Sapsila.

De hilligens fan it eilân hat te meitsjen mei de evangelist Jehannes, dy't dêr tusken 95 en 97 nei Kristus it lêste boek fan it Nije Testamint skreau, de Iepenbiering fan Jehannes. It hiele jier troch is it eilân dêrfandinne in kommen en gean fan beafeartsgongers. It eilân hat in soad toerisme mar de ynfloed fan de muontsemienskip op it eilân bliuwt ek hjoed-de-dei grut.

Sûnt 1999 foarmet Patmos ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed.

Patmos komt ek in pear kear yn 'e Grykske mytology foar. Zeus soe it eilân oan syn dochter Artemis jûn ha. Orestes soe him op it eilân ferskûle ha en dêr de Artemistimpel boud ha. Dy timpel soe stien ha op it plak dêr't no it Jehanneskleaster stiet.

Wynmûnen op Patmos.

De oermastering fan it eilân troch de Osmanen yn 1537 brocht it eilân in tiid fan bloei. De Turken ferdreaune de seerôvers nei westliker gebieten yn 'e Middellânske See en hja lieten it lokale bestjoer fan it eilân oan 'e muontsen fan it kleaster oer, dy't de hoeders fan it otterdoksy, de Grykske taal en kultuur wiene. Yn 1713 waard op Patmos in bysûnder ynfloedrike tsjerklike hegeskoalle stifte.

It eilân bleau nei de erkenning fan 'e Grykske ûnôfhinklikheid yn 1832 ûnder Ottomaansk bewâld.

Oan it begjin fan 'e 20e iuw waard it eilân Patmos, lykas de hiele Dodekanesos, Italjaansk. Yn 1948 waard it gebiet by Grikelân foege.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lânskip.

It stedsje Chora oan 'e foet it kleaster ûntstie mei't de wurklju dy't oan 'e bou fan it kleaster wurken harren dêr mei de hûshâldings nei wenjen setten. It kleaster mei syn hege muorren bea de bewenners in goede beskerming tsjin de konstante driging fan seerôvers.

Skala is it haadplak fan it eilân. It plak ûntstie pas om 1600 hinne mei de oanlis fan 'e haven yn 'e lijte fan 'e baai. Letter ûntstie der ek in doarp by de haven. Op it plak fan Skala lei yn 'e Aldheid de stêd Phora.

It doarp Kampos yn it noarden fan Patmos bestiet út in ynlânsk - en in kustdiel (Boppe-Kampos en Beneden-Kampos).

Jehannes kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Kleaster fan Jehannes de Teolooch.
Jehanneskleaster.

It Jehanneskleaster waard yn 1088 stifte troch de muonts Christódoulos († 1093). It waard by de Grot fan 'e Apokalyps boud, dêr't neffens de tradysje de apostel Jehannes yn it jier 95 wurke oan it lêste boek fan 'e Bibel. Jehannes wie troch keizer Domitianus nei Patmos ferballe om 't er de lear fan Kristus yn Efeze ferkundige. Nei de dea fan Domitianus yn 97 soe Jehannes werom gien wêze nei Efeze, dêr't er op hege leeftyd ferstoar.

It kleaster tsjinne ek as bastion tsjin piraten. Fanwegen de skiednis, de rike kleastertsjerke, de 13e-iuwske fresko's, de bibleteek mei manuskripten en oarkondes en in skatkeamer mei in grut tal reliken, ikoanen en oare saken foarmet it kleaster in wichtige trekpleister foar toeristen en pylgers.

Hillige Grot fan de Apokalyps

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynterieur Grot fan de Akpokalyps.

De Hillige Grot fan 'e Apokalyps makket diel út fan in lytser kleaster, dat oan 'e foet fan 'e berch mei it Jehanneskleaster leit. De grot is autentyk en te sjen binne û.o. de lessener dy't de apostel brûkte om te skriuwen, de nis wêr't de evangelist de holle lei by't sliepen, it útsjoch fanút de grot oer de see, dy't de evangelist fakentiden oanhelle. De skuor yn it plafond is neffens de tradysje ûnstien by ien fan 'e fisioenen fan Jehannes.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Patmos fan Wikimedia Commons.
Dodekanesos

AgathonisiAlimniaArkoiArmatiaAstakidaAstypalaiaChalkiChamiliFarmakonisiGaidarosGyaliKalolimnosKalymnosKandelioussaKarpatosKasosKastellorizoKinarosKosLerosLebintosLipsiMaratiNimosNisyrosPacheiaPatmosPlati, PserimosRhoRodosSimiStrongyliSyrnaTelendosTilosZafora
· · Berjocht bewurkje