Palmtoartel
palmtoartel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Spilopelia senegalensis | ||||||||||||
Linaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De palmtoartel (Spilopelia senegalensis, Syn.: Streptopelia senegalensis) of Senegaltoartel is in relatyf lytse dowesoarte út Afrika, it Midden-Easten en Súdeast-Aazje. De soarte is yn West-Austraalje ynboargere en yn Europa komme somtiden ûntsnapte eksimplaren foar. De palmtoartel is gefoelich foar kjeld en dêrom net echt geskikt foar it klimaat yn ús streken.
De do komt yn it natuerlike ferspriedingsgebiet in soad foar en is ek te sjen yn stêden en doarpen. De fûgel wurdt net bedrige en wit syn gebiet út te wreidzjen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De palmtoartel is 26 oant 28 sm lang en weecht tusken de 100 en 120 gram. Dêrmei is de palmtoartel wat lytser as de gniisdo, dy't in koartere sturt en langere wjukken hat. Tusken mantsjes en wyfkes besteane gjin grutte ferskillen. Wyfkes binne op 'e rêch en mantel allinne wat minder sprekkend fan kleur.
De rêch, wjukken en sturt binne readbrún mei blaugriis yn 'e wjukken. De kop en it ûnderbealchje binne readeftich, en de hals is donker spikkele.
De búk is ljochter as de fearren fan it boppebealchje. De fearren fan 'e sturt binne griisbrún, wylst de bûtenste sturtfearren oan 'e basis donker griis-swart binne en de einen fan 'e sturtfearren wyt. De fûgel hat in swarte snaffel, dy't yn ferhâlding ta de kop lang en smel is. De iris is donkerbrún en de poatsjes binne readeftich. Juvenilen binne byinoar nommen wat mear read kleure.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet op in grut part fan it Afrikaanske kontinint. Oer it Midden-Easten giet de fersprieding fan 'e palmtoartel fierder nei Ynje en Tailân, Sintraal-Aazje oant yn it noardwest fan Sina. Yntusken is de soarte yn in rige fan lannen ynboargere, lykas West-Austraalje en Turkije.
De palmtoartel komt benammen foar op toarre savanne's mei stikelboskjes. Se binne ek te finen yn biotopen dy't troch minsken foarme binne. De soarte is regelmjittich te sjen yn oase's, parken en tunen of op ikkers. Yn stêden as Istanbul en Damaskus komme se foar en dêr binne se aardich nuet woarn.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne fiif ûndersoarten bekend.[1]
- Spilopelia senegalensis phoenicophila (Hartert, 1916)[2] komt fan Marokko oant yn it noardwest fan Lybje foar.
- Spilopelia senegalensis aegyptiaca (Latham, 1790)[3] libbet yn 'e delte fan 'e Nyl yn Egypte.
- Spilopelia senegalensis senegalensis (Linnaeus, 1766)[4] komt yn it west fan it Arabyske skiereilân, op Sokotra en yn Afrika, súd fan 'e Sahara, foar.
- Spilopelia senegalensis cambayensis (Gmelin, 1789)[5] libben eastlik op it Arabyske skiereilân en eastlik Iran oant Ynje en Bangladesj.
- Spilopelia senegalensis ermanni (Bonaparte, 1856)[6] komt yn Kazachstan, noardlik Afganistan en it west fan Sina foar.
Der binne mear ûndersoarten beskreaun, mar der is noch gjin konsensus oer de erkenning. Dêrûnder falle de:
- Spilopelia senegalensis op it eilân Sokrota.
- Spilopelia senegalensis yn 'e Dakhla oase (Egypte).
- Spilopelia senegalensis thome op Sao Tomé.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De palmtoartel is meast in stânfûgel. Der wurdt lykwols ornearre dat der Afrikaanske populaasjes binne dy't mei de reintiid migrearje. Súdafrikaanske palmtoartels trekke yn maart oant april nei it westen en komme yn augustus oant septimber yn 'e eastlike kustkrite werom.
It iten fan 'e palmtoartel bestiet út nôt, sied, planten en lytse ynsekten. Se mei graach gierst, weet en mais en skarrelje graach op 'e grûn om, dêr't se yn gêrs- of kultuerlân om iten sykje. Foar wetter fleane de dowen wol oant 70 km deis.
It nêst wurdt yn 'e regel yn in beam of strûk boud en bestiet mar út in pear twiichjes. Se brûke lykwols ek wol gebouwen om harren nêst te bouwen. De twa wite aaien kommen nei 12-14 dagen út.
Sierfûgel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De palmtoartel is in populêre sierfûgel. Al sûnt 1861 hold de dieretún fan Londen palmtoartels. De fûgel stelt gjin grutte easken en der wurdt oannommen dat de earste tylt al gau nei de earste ymport slagge. Yn finzenskip kinne de fûgels by optimale omstannichheden en geskikt iten wol seis lechsels produsearje. As sierfûgel binne der ferskillende kleurfariaasjes ûntstien. Sa waarden yn 'e DDR al sûnt 1962 albino's fokt, dy't lykwols tige fetber foar syktes wiene. Ek Súdafrikaanske hâlders fan palmtoartels hawwe wite en flekte palmtoartels fokt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt net bedrige en de populaasje wurdt op 2.400.000-8.200.000 folwoeksen fûgels rûsd.[7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Palmtaube (ferzje 13 april 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Toarteldo
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Spanje