Springe nei ynhâld

Osmanen

Ut Wikipedy
Wapen Osmaanske dynasty

De Osmanen wienen in dynasty fan sultans dy't fan om-ende-by 1300 ôf oant de ôfskaffing fan it sultanaat yn 1922 it Turkske Ryk regearre hawwe. It Turkske Ryk waard ek wol it Osmaanske Ryk neamd. Stifter en nammejouwer fan de dynasty wie Osman I. Oant en mei de 17e iuw gong de opfolging hieltyd fan heit op soan, sûnt dy tiid waard de opfolging troch it âldste lid fan it Hûs fia de sydliny de regel.

De posysje fan de sultan waard sûnt de ein fan de 16e iuw hieltyd mear ôfhinklik fan it janitsarekorps, dy't ferskate kearen in foarst te fal of te dea brocht hawwe. Fan de ferovering fan de Arabyske lannen ôf fierden de Osmanen de titels fan kalyf en beskermer fan de hillige plakken. Under it bewâld fan Süleyman I (1520-1566) berikte it Osmaanske Ryk syn hichtepunt, sawol op polityk as op kultureel mêd.