Springe nei ynhâld

Orosius

Ut Wikipedy
Paulus Orosius, op in miniatuer út de Sint-Epure kodeks

Paulus Orosius (berne tusken 375 en 385stoarn yn of nei 417), wie in Romeinske skriuwer, dy't berne waard yn Gallaecia (nei alle gedachten yn Braga, Portegal). Syn wurken binne fan skiedkundige en teologyske aard.

Biografy en wurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
in eksimplaar fan de Historiae adversus paganos fan Orosius

Orosius flechte op jonge leeftyd foar de ynfallende Fandalen nei Noard-Afrika. Dêr waard hy learling fan de tsjerkfaar Augustinus.

It wichtichste wurk dat er makke hat is de Historiae adversus paganos (de Wrâldskiednis, oant 417), dy 't er skreau op fersyk fan Augustinus, en dy't er, wierskynlik yn 418, foltôge nei syn weromkomst út it easten, dêr 't hy yn Jeruzalem yn 415 Pelagius ferfolge hie foar "ketterij". It skriuwen fan Orosius is in apologetyske skiednis, dêr't er de beskuldigingen fan net-kristenen yn besocht te wjerlizzen dat alle rampspoed fan dy tiid en benammen de plondering fan Rome, dien troch Alarik yn 410, it gefolch wie fan it leauwen yn de tradisjonele goaden en sadwaande de skuld fan it kristendom.

Orosius ferparte de wrâldskiednis yn fjouwer grutte tiidrekken en dy yndieling hat foar in stikmannich iuwen de historiografy bepaald. It grutte belang fan syn wrâldskiednis is lykwols it feit dat er as boarnen û.o. grutte parten brûkt hat fan it ferlern wurk fan Titus Livius en út Tasitus' Histoaria.

  • Hermann Schreiber, De Goten, vorsten en vazallen, Amsterdam 1979, side 128.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]