Springe nei ynhâld

Naarden

Ut Wikipedy
Lizzing fan Naarden
Utsicht op Naarden.
Utsicht op Naarden.

Naarden is in stêd en eardere gemeente yn It Goai yn de provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat in oerflakte fan 32,89 km² (wêrfan 11,47 km² wetter) wêryn 17.038 minsken wenje (2010). Naarden is in festingstêd en is lid fan de Feriening Nederlânske festingstêden.

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Naarden.
Naarden besjoen út de loft wei, de stjerfoarm is hjirby goed te sjen

Naarden is ien fan de best bewarre festingstêden yn Europa en foaral ferneamd om syn unike stjerfoarm. De festing hat seis bastions, in dûbele omwâling en dûbele greftengurdle. Der is goed te wanneljen oer de ferdigeningswurken. Ek in rûnfeart om de wurken is mooglik. De grutte, treflik restaurearre festing, wêrfan de measte dielen út de 17e iuw komme, is foar it grutste diel frij tagonklik. De festing biedt ek ûnderdak oan it Nederlânsk Festingmuseum yn it bastion Turfpoarte. Hjir kin de besiker sjen hoe't in festing der yn it gebrûk der út seach, en fierder de kolleksje foarwerpen fan 1350 - 1945 besjen. By de frekwinte aktiviteiten yn it museum, binnen én bûten, kinne besikers ek ûnderfine hoe't it der yn in festing om en ta gie. It Wetterlynjepaad rint om de festing hinne wêrtroch't de grutte fan de wurken goed sichtber wurdt. Teffens biedt de festing ûnderdak oan it twajierlikse, lanlike FotoFestival Naarden. De komplete festing is noch altiten eigendom fan de Steat. Nei opheffing fan de militêre funksje binne de dielen derfan earst nei Definsje oerhevele en dêrnei nei de portefúlje fan de Ryksgebouwetsjinst.

Grutte of Sint-Fitustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grutte of Sint-Fitustsjerke

De Sint-Fitustsjerke is in grutte, goatyske basilyk út de 14e en 15e iuw. Ein 15e iuw waard de tsjerke beafeartsoarde troch it ferkrijen fan reliken fan Sint-Fitus. Sûnt 1576 is de tsjerke herfoarme. Fan grut belang binne de houten ferwulften mei dêrop skilderingen út de 16e iuw. De Grutte Tsjerke is jierliks op Goed Freed it dekor fan in fameuze, de hiele dei duorjende útfiering fan de Mattheuspassy fan Johann Sebastian Bach, organisearre troch de Nederlânske Bachferiening, tradisjoneel besocht troch ûnder mear leden fan it regear. Elk simmerseizoen binne der oargelkonserten yn de tsjerke, meastal op de twa oargels (Bätz-Witte en it lytse fan Flentrop). Op 22 oktober 2005 trouden hjir prins Floris en Aimée Söhngen.

Naarden hie fan it jier 1673 oant 1915 twa stedspoarten, nammentlik de Utertske Poarte en de Amsterdamske Poarte. Ut definsje-oerwegings waard der njonken de Utertske poarte in wei (Kapitein Meyerwei) troch de omwâling oanlein. De poarte bleau behâlden en stiet no bekend as de Utertske Poarte. De Amsterdamke Poarte mei it wetterpoartsje waard sloopt. Yn 1939 waard der rjochting Bussum in tredde ferbiningswei troch de omwâling oanlein. Yn de Naardenske folksmûle stiet dizze wei bekend as De Doorbraak.

Bastions en ravelinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De festing hat 6 bastions en 6 ravelinen. De bastions binne:

  • Katten (noard)
  • Oranje (noardeast)
  • Promers, mei bomfrije kazerne (súdeast)
  • Turfpoarte mei festingmuseum (súd)
  • Nij-Mole (west)
  • Ald-Mole mei Grut en Lyts Arsenaal (noardwest)

It Spaanske Hûs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gevelsteen dy't herinnert oan it Bloedbad fan Naarden in 1572

It Spaanske Hûs is ien fan de lêst oerbleaune midsiuwske gebouwen yn de stêd. Nei alle gedachten wie it ea in gasthûs of de kapel fan in gasthûs. By de ferovering fan Naarden troch de Spanjerts waard it gebou brûkt as stedhûs. Op de foargevel sitte noch altiten twa gevelstiennen as oantinken oan de 'Spaanske Moard'. Letter is it gebou ek noch brûkt as waach, militêre bakkerij en Comenius museum.

It Stadhuis komt út 1601 en is in dúdlik en fraai foarbyld fan de Hollânske renêssânsestyl. Kenmerkend oan dit gebou is de dûbele trepgevel. Yn it stedhûs wurde gemeentefergaderingen, houliken en kulturele aktiviteiten hâlden. Yn de hal fan it Stedhûs stiet in makette, dy't yn ien eachopslach in dúdlik oersjoch fan de festing jout.

De Naarderbosk leit oan de Goaimar tusken Muiderberg, Naarden en de A1. It bestiet út in rekreaasjegebiet, golfbaan, jachthaven, wenwyk en een bedriuweterrein. De wenwyk en de jachthaven binne yn de jierren tachtich oanlein. It rekreaasjegebiet fan honderd hektare leit tusken it wengebiet en de Hollânske Brêge. It boskgebiet is yn de jierren 70 oanlein en yn 2002 op 'en nij ynrjochte.

Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum leit op in lângoed yn Naarden, yn de bosken tichtby de Goaimar. It wurdt besocht troch minsken út alle lannen fan de wrâld.

Stânbyld fan Comenius by de Sint-Fitustsjerke fan Naarden

De ferneamde Tsjechyske wiisgear, didaktikus en teolooch Jan Amos Comenius is nei syn ferstjerren yn 1670 yn Naarden begroeven. Eigentlik hie Comenius yn Amsterdam begroeven wurde moatten, mar dêr wie gjin jild foar. De alternative lokaasje wie yn de Waalske tsjerke, in eardere kleastertsjerke yn Naarden. Dit Comeniusmausoleum is foar het publyk tagonklik. De bysûndere glês-yn-lead-ramen binne yn de simmer fan 2007 yn opdracht fan de Ryksgebouwetsjinst restaurearre.

Yn 1933 is dit mausoleum yn erfpacht jûn oan de Tsjechoslowaakske republyk. Alles tsjin in bedrach fan fl. 1,-- per jier. Doe't de Dútsers yn 1939 de restanten fan Tsjechoslowakije as Protectorat Böhmen und Mähren (= it hjoeddeiske Tsjechje sûnder Sudetenlân) feitlik ynliivden (Slowakije wie al yn 1938 ôfsplitst en ferdield), hat it Nederlânske regear de oerienkomsten út de iepenbiere registers skrasse litten. Nei de oarloch is de Tsjechoslowaakske republyk wersteld, mar is troch de politike omstannichheden de saak sa litten. Uteinlik is yn juny 1959 oan de Tsjechoslowaken meidield dat "út oerwegingen fan courtoisie" de nei 1939 ûntstiene tastân mei betrekking ta de tagong en ûnderhâld fan it mausoleum hanthavene bliuwe soe. Wyls binne Tsjechje (=Bohemen en Moraavje) en Slowakije wer skieden en is it Tsjechyske regear nau belutsen by it mausoleum, it Slowaakske regear minder: Comenius wie nammentlik in Moraavjer. No noch lûkt it Comenius Mausoleum in soad besikers út Tsjechje. Troch de link tusken Comenius en Naarden, stiet de plattegrûn fan Naarden ôfbylde op it bryfke fan 200 Tsjechyske kroanen.

Neist it mausoleum stiet in lyts mar nijsgjirrich 'Comenius Museum' [1]; foar in diel ynrjochte mei in fêste kolleksje oer Comenius en syn wurkgebiet. Foar in oar diel binne der wikseljende tentoanstellingen. Fanwege 350 jier Opera Didactica Omnia (it boek fan Comenius wêryn hy noch altiten belangwekkende gedachten oer byldzjend ûnderwiis útienset), 80 jier Comeniusmuseum yn Naarden, 70 jier Comeniusmausoleum en 50 jier it grutte Comeniusstânbyld yn Naarden wie der fan 8 septimber 2007 oant en mei 12 jannewaris 2008 yn dit museum de tentoanstelling 'Comenius yn meartal'.

Galeryen en horeka

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Naarden hat binnen de festing seis galeryen, ûnder mear foar moderne en Afrikaanske keunst, neist fiif antyk- en snústerijwinkels. Der binne sa'n fyftjin restaurants binnen de festing, plus inkele kafees. Faaks de bekendste attraksje fan De Festing is It Arsenaal, in yn it eardere arsenaal fêstige en troch ûntwerper Jan des Bouvrie opsette meubelzaak anneks restaurant. Ek nijsgjirrich binne it by Pint oansluten bierkafee 'Demmers' op de hoeke fan de Merkstrjitte en de Kleasterstrjitte. Fierders is der ûnder de namme De Samaritaan in wynkafee (vinoteek) yn de Merkstrjitte, dêr't yn searjes fan trije winne preaun wurde kinne, dy't drúf of streekbûn binne.

Fierders yn Naarden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Naarden hat oan de Goaimar de Naarderbosk; in fillawyk mei eigen oanlissteigers.
  • It Festingmuseum sjit op fersyk (en tsjin betelling) in kanon ôf; út it festingmuseum wei binne rûnfearten troch de grêften mooglik.
  • Sûnt 1922 wurdt troch de Nederlânske Bachferiening yn de grutte Tsjerke de Matthäus Passion útfierd, dy't de heule dei duorret. By de útfiering op Goed Freed binne tradisjoneel meatal ek kabinetsleden Oanwêzich.
  • Sky Radio, Radio Veronica en Classic FM sitte yn Naarden.
  • De scouting sit op ien fan de ravelinen.
  • Naarden hat noch in oantal houten huzen út de tiid dat it noch in festing wie. Dizze huzen leinen yn it "skoatsfjild", en de bedoeling wie dat se yn tiid fan oarloch ferneatige wurde koenen om it skoatsfjild frij te meitsjen. Der is sels noch in hiel wykje mei prachtich skildere houten huzen yn it Ministerkerrtier.
  • De Naardermar, it âldste natoerreservaat fan Nederlân, hat in unike koloanje ielskolfers.
  • Der is in eigen wykblêd, de 'Naarder Koerier'.
  • Naarden hat twa Fitustsjerken: de Grutte (âlde, protestant) en de nije (lytse, katolyk).
  • In ynwenner fan Naarden wurdt faak in Naardenees neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: