Monique Sluyter
Monique Sluyter (Snits, 27 july 1967) is in Frysk model en telefyzjepresintatrise.
Sluyter waard op har 18e jier ûntdekt by in miss-wedstryd. Hja ferhuze nei Milaan dêr't hja as ballerina optreedde yn in Italjaansk telefyzjeprogramma. Letter waard se assistinte fan de presintator Umberto Smaila yn in programma dat yn ferskeidene lannen útstjoerd waard ûnder de naam Tutti Frutti.
Yn 1992 begûn Sluyter by de Nederlânske omrop Veronica mei in eigen telefyzjeprogramma Erotica. Yn 2004 hie hja in itensiedersrubryk op de webstee fan de Digitale Stêd Nieuwegein. Fierder spile hja in rol yn de film Langer Licht fan regisseur David Lammers dy't yn 2006 yn première gie. Yn itselde jier wie hja yn it saneamde Hotel Big Brother fan de telefyzjestjoerder Talpa. Op de tv-stjoerder RTL 7 presintearret Sluyter yn 2005 nachts in eroatysk datingprogramma mei de namme Na Sluytingstijd.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk neakenmodel
- Frysk model
- Frysk dûnser
- Frysk telefyzjepresintator
- Frysk filmakteur
- Frysk kollumnist
- Nederlânsk neakenmodel
- Nederlânsk model
- Nederlânsk dûnser
- Nederlânsk telefyzjepresintator
- Nederlânsk filmakteur
- Nederlânsk kollumnist
- Veronica-wurknimmer
- RTL Nederlân-wurknimmer
- Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Snits
- Persoan berne yn 1967