Springe nei ynhâld

Modelleburo

Ut Wikipedy

In modelleburo is in bedriuw dat modellen fertsjintwurdiget. It is in soarte fan ympressariaat, dat fral yn 'e moadesektor in protte foarkomt, en benammen wurket foar fotomodellen, mannekêns, glamourmodellen en figuranten. Modelleburo's besteane fan 'e kosten dy't se oan 'e modellen yn rekken bringe dy't by harren ynskreaun steane. Yn ruil dêrfoar ûnderhâlde se kontakten mei reklameburo's en moade-ûntwerpers, dy't se brûke om 'e ynskreaune modellen oan wurk (of alteast audysjes) te helpen. De winst dy't se meitsje, ynvestearje se wer yn it aktyf ûntdekken en ûntwikkeljen fan nij talint, sadat se har eigen status yn harren sektor fergrutsje kinne.

De ynskreaune modellen wurde sadwaande net inkeld oan wurk holpen, mar ek oplaat, nei test-fotoshoots stjoerd en fan portfolio's foarsjoen, dy't besteane út in wiidweidige kolleksje foto's dêr't pontinsjele nije wurkjouwers mei oer de streek lutsen wurde moatte om 'e modellen oan te nimmen. De betelling fan 'e modellen ferrint ornaris fia it modelleburo: dus de wurkjouwer betellet it modelleburo foar it wurk fan it dêrby ynskreaune model, wêrnei't it model syn of har salaris fan it modelleburo kriget. Troch de details fan it wurk oan it modelleburo oer te litten, kinne de modellen har folslein talizze op it modellewurk.

Om't modellewurk in wrâldwide sektor is dêr't witwat konkurrinsje yn bestiet, hâlde grutte modelleburo's har net oan 'e gewoane wurktiid fan 8.00 oant 17.00 oere. Ynstee binne se faak 24 oeren deis iepen. Dêrtroch binne se altyd berikber foar haastputsjes en ôfsizzings, en ek foar wurk út oare tiidsônes of sels fan 'e oare kant fan 'e wrâld. Yn 'e regel geane de measte meiwurkers wol 'op 'e tiid' nei hûs, en bliuwt der bûten kantoaroeren in 'útklaaide' tsjinst oer om sok wurk te beävensearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.