Minne Simens
Minne Simens (Wytmarsum 1496 - Bad Oldesloe (Sleeswyk-Holstein), 31 jannewaris 1561), gauris yn it Hollânsk Menno Simons neamd, wie in roomsk pryster, reformator (tsjerkeherfoarmer) en foaroanman fan de Minnisten (Dopersken), dy't oan him harren namme tankje. Hy wie fan 1537 ôf oant syn dea ien fan de wichtichste lieders fan de doperske reformaasje dy't benammen yn de kustomkriten fan Dúntsjerk oant Dantzig in mânske oanhing hienen.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minne Simens waard berne te Wytmarsum. Syn krekte bertedatum is net bekend, lykas der oer syn jongesjierren ek gjin ynformaasje bewarre bleaun is. Hy waard yn 1524 yn it Aartsbisdom Utert ta pryster wijd en nei syn oplieding wie Penjum syn earste parochy.
Al yn syn begjinjierren as pryster hie Minne Simens twifels oer hoe't de Katolike tsjerke omgie mei de sakraminten. Doe't er hearde dat Sicke Frearks op 20 maart 1531 yn Ljouwert eksekutearre waard, omdat er him op 'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. Hy sympatisearre earstoan mei Marten Luther, dêrnei waard hy mear oanlutsen troch de ideeën fan Huldrych Zwingli en om-ende-by 1531 rekke yn ûnder de yndruk fan de út Switserlân stamjende Dopersken.
Yn dyselde tiid kaam er werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it prysterskip op him te nimmen. Yn de jierren '34-36 preke hy fûl tsjin de militante praktiken fan Jan fan Leien en Jan van Batenburg, mar yn 1535 liet er him lykwols op 'e nij dope (werdope; hy wie nammentlik as bern yn de katolike tsjerke doopt) en it soe noch oant jannewaris 1536 duorje ear't Simens folslein brekt mei de Katolike tsjerke en dopersk waard. Dêr gie it belis fan Aldekleaster tichtby Boalsert oan foarôf, dêr't in opjage groep dopersken harren ferskûle hienen. De ynname fan it kleaster in wike letter troch de steedhâlder fan Fryslân late ta in moarderij, dêr't ek in broer fan Minne ien fan de sneuvelen by wie. Wa't finzen nommen wie, waard letter yn Ljouwert terjochtsteld mei de dea as gefolch. Op 12 jannewaris 1536 joech Minne Simens syn amt fan pastoar op en gie nei Grins, dêr't de ferfolging fan Dopersken minder strang wie. Hy hâlde him dêr in jier ferskûle om it lot fan Sicke Freerks en oare ûngelokkige tiidgenoaten te ûntrinnen.
Yn 1537 waard Simens tsjerklik lieder fan de Baptisten yn Nederlân. Hy wenne nei alle gedachten in grut part fan de tiid yn Grinslân, dêr't er yn Grins in menistegemeente foargie en dêr't er ek troude. Hy reizge in soad nei Fryslân, nei East-Fryslân en fierder nei it easten. Hy wie lykwols nearne lang feilich en yn 1542 loofde Karel V 100 gûne út foar syn oanhâlding.
Simens organisearre troch hiel it Dútske taalgebiet de gemeenten, wiisde liedslju oan en joech stipe oan syn leauwensgenoaten troch it skriuwen fan brieven. Yn 1539 kaam syn 'Fûnemintenboek' út, dat tige dierber wie foar de minnisten. Simens wie strang op de libbenshâlding: de gemeente moast 'sûnder flek op rimpel '(Ef. 5:27) wêze, dêr't hy de klam by lei op de needsaak fan geastlike werberte, it suvere apostelskip fan de kristlike gemeente. Dêr kaam by dat er fûl tsjinstanner wie fan de bernedoop dy't hy seach as net bibelsk fûndearre.
Earst yn 1554 fûn hy, lykas oare Minnisten, in feilich plak op it bûten Wüstenfelde, by Bad Oldesloe yn Sleeswyk-Holstein. Yn de rin fan de tiid krigen syn frou Gertrude en hy op syn minsten twa famkes en ien jonge, Jan. Hy ferstoar op 31 jannewaris 1561 op Wüstenfelde en waard dêr ek begroeven. Yn de Tritichjierrige oarloch waard it bûten ferwoastge, sadat it plak fan syn grêf net mear bekend is.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Menno syn magnum opus wie Dat Fundament des Christelycken leers (1539-40; It fûnemint fan de Kristlike lear) publisearre yn 1539.[1]
Fierder wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Van de Geestlijke Verrijsenisse (sa. 1536; De Geastlike Ferrizenis)
- De nieuwe Creatuere (ca. 1537; De Nije Berte)
- Christelycke leringhen op den 25. Psalm (sa. 1538; Meditaasje oer psalm 25)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 11 septimber 1878 waard by syn bertedoarp in monumint ûntbleate ta oantins oan Simons. Op it plak fan it monumint hat eartiids in hûs stien, dêr't de dopersken doe yn gearkamen. Simons soe syn leauwegenoaten dêr tasprutsen hawwe. Op it stuit wurdt deroan wurke om dêr in Ynternasjonaal Minne Simens Sintrum op te rjochtsjen.
Minnisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doopsgezinden wurde ek wol mennoniten of minnisten neamd. Yn de Feriene Steaten binne der ferskate groepen leauwenden dy't harren "Mennonite Church" neame. Oer de hiele wrâld ferspraat libje dopersken. Op it stuit binne der mear as 1,3 miljoen dopersken wrâldwiid.
Anekdoate
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In anekdoate: Meniste leugen.
Minne Simens waard healweis de 16e iuw neisitten troch de Spanjerts. De koets dêr't er mei reizge waard oanholden en Spaanske soldaten fregen oft Simons yn 'e koets siet. 'Nee, nee!' rôpen de benaude passazjiers. De doperske learaar Hans Busschaert, waarns oertsjûging him ferbea om te ligen, bûgde oer nei bûten en sei: 'Der wurdt sein dat Minne Simens net yn dizze koets sit'; sa koe de reis ûnbehindere fuortset wurde.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Byldbank UvA: Doopsgezinde prenten
- Katalogus Bibleteek fan de Universiteit fan Amsterdam
- (dú) Menno Simons yn de Dútske Biografy (ADB & NDB)
- (in) Menno Simons.net
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|