Springe nei ynhâld

Maz Kanata

Ut Wikipedy
Maz Kanata
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje ûnbekend
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt horeka-ûndernimmer
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Han Solo
Chewbacca
Finn
Rey
Leia Organa
geastlike heit Lawrence Kasdan
J.J. Abrams
Michael Arndt
ûntstean 2015

Maz Kanata is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja komt foar yn 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. It personaazje fan Maz waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Maz Kanata is in froulik bûtenierdsk wêzen fan in ûnbekend ras. Hja is de útbaatster fan in wat lûsje kroech op 'e planeet Takodana en in sympatisante fan it Ferset. De rol fan Maz waard yn alle trije films spile troch aktrise Lupita Nyong'o.

J.J. Abrams, de regisseur fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, de earste film dêr't fan Maz Kanata yn foarkomt, woe it personaazje oarspronklik filmje as marionet, krekt sa't by Yoda dien waard. Letter stapte er dêrfan ôf en besleat er har te kreëarjen mei motion-capturetechniken oanfolle mei special effects. Aktrise Lupita Nyong'o die sawol de motion-capture as dat se de dialooch fan Maz ynspriek. By de motion-capture-opnamen waard se coacht troch Andy Serkis, in motion-capture-akteur mei romme ûnderfining, dy't yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy de rol fan opperste lieder Snoke spile. Foar har aktearjen krige Nyong'o lof fan sawol filmkritisy as fans. De beheindens fan 'e rol yn 'e filmtrilogy waard lykwols bekritisearre.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Maz Kanata yntrodusearre as de útbaatster fan in kroech op 'e planeet Takodana mei in wat lûsje sfear, dêr't alderhanne slach folk komt. Se is in lyts bûtenierdsk wêzen fan by de 1.50 m om, mei in dûnkergiele, nei oranje útskaaiende hûdskleur, in keale, rûne holle en in platte noas. Har eagen binne lyts yn ferhâlding ta har gesicht, en se draacht suver altyd in feilichheidsbril. Hokker ras fan bûtenierdske wêzens se ta heart, waard troch de filmmakkers foarearst mei opsetsin geheim holden. Maz wurdt foarsteld as in eardere romtepiraat en smokkelster, dy't mear as tûzen jier âld is en troch skea en skande wiis wurden is. Se runt op Takodana al mear as hûndert jier in horekagelegenheid, dy't fêstige is yn 'e ruïne fan in âld kastiel.

Yn 'e film is de smokkelder en held út 'e Galaktyske Boargeroarloch Han Solo in âlde freon fan Maz, dy't wat fereale liket te wêzen op syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca. Hja is yntrigearre troch de selskipslju dy't Han en Chewbacca by har hawwe: Rey, in mei in grutte Krêftgefoeligens bejeftige rommelsykster fan Jakku; Finn, in desertearre stoarmtroeper fan 'e faksistoïde Earste Oarder; en de robot BB-8, dy't ynformaasje befettet fan krúsjaal belang foar de striid fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder. Maz, dy't konneksjes mei it Ferset hat, biedt oan om te soargjen dat BB-8 wer teplak komt. Fierders bringt se Finn yn kontakt mei guon keapfarders dy't ûnderweis binne nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, dêr't er weiwurde wol.

Rey wurdt troch de Krêft nei de kelder fan it kastiel lutsen, dêr't se de ljochtsabel fynt dy't fan Luke Skywalker en noch earder fan Anakin Skywalker west hat. Se ûndergiet njoere fizioenen dy't har bang meitsje. Maz fynt har dêr en helpt har om te beseffen dat se net werom hoecht te gean nei Jakku, dêr't se al mear as fyftjin jier wachtet op 'e weromkear fan har âldelju, dy't har as lyts famke efterlitten hawwe. Dy komme net mear werom en Rey wit dat djip fan binnen sels ek wol, sa hâldt Maz har foar. Rey liket dat te akseptearjen, mar as Maz har de ljochtsabel jaan wol dy't se fûn hat, rekket se yn panyk en naait se út. Maz jout de ljochtsabel neitiid mei oan Finn, dy't him betocht hat oer syn ôfreis, om it ding letter troch te jaan oan Rey as hja dêr ree foar is. Underwilens hat in spionne fan 'e Earste Oarder, Bazine Netal, dy't har foardocht as in klant yn 'e kroech fan Maz, trochjûn dat Solo-en-dy op Takodana oankommen binne. Sith-ridder Kylo Ren falt de kroech sadwaande neitiid mei TIE-jagers en stoarmtroepers oan en makket de kastielruïne mei de grûn lyk.

Yn The Last Jedi

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) hat Maz Kanata mar in hiel lyts roltsje. As de Earste Oarder de flechtsjende float fan it Ferset sels troch de hyperromte folgje kin, betinke Finn en monteur Rose Tico, in plan om it apparaat dat soks mooglik makket, te sabotearjen. Finn, dy't earder as stoarmtroeper op it fijannige flaggeskip tsjinne hat, wit wêr't it apparaat te finen is, en Rose hat de technyske knowhow om it út te skeakeljen. Poe Dameron en Kaydel Ko Connix steane ree om 'e geheime misje te fasilitearjen. Wat se misse is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat, dat efter slot en skoattel bewarre wurdt. In holografysk petear mei Maz ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight. By it holografysk petear wurdt Maz toand wylst se yn in fjoergefjocht ferwikkele is, wat neffens har ûnderdiel is fan "in arbeidskonflikt".

Yn The Rise of Skywalker

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) spilet Maz Kanata ek mar in lyts roltsje. Se hat har ûnderwilens by it Ferset op 'e basis op Ajan Kloss jûn, en helpt by de tarieding foar de konfrontaasje mei de Lêste Oarder fan 'e út 'e dea opstiene keizer Palpatine. Se is ek oanwêzich yn 'e measte sênes mei Leia, spile troch aktrise Carrie Fisher, dy't ein desimber 2016 hommels ferstoar, noch foar't de opnamen foar The Rise of Skywalker begjinne koene. Fisher ferskynt yn 'e film sadwaande inkeld op oerstallich byldmateriaal út 'e opnamen foar The Force Awakens. It liket Maz har taak te wêzen om dêrby de dieden fan Leia te ferklearjen ynsafier't dat mei it beskibere byldmateriaal net slagget. Nei har ferstjerren rouwet Maz om har.

Maz bliuwt efter op 'e Fersetsbasis en is net oanwêzich by de klimaktyske konfrontaasje mei Palpatine en de Lêste Oarder yn 'e Slach by Exegol. Nei de oerwinning fan it Ferset jout se oan 'e ein fan 'e film de âlde medalje fan Han Solo (dy't er útrikt krige troch Leia oan 'e ein fan Star Wars: Episode IV – A New Hope) troch oan Chewbacca, by wize fan oantinken oan syn omkommen freon.

Aktrise Lupita Nyong'o spile yn alle trije dielen fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy de rol fan Maz Kanata.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Lupita Nyong'o
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi Lupita Nyong'o
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Lupita Nyong'o

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono